Skathâlder

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In skathâlder of ponghâlder (ek wol penningmaster neamd, hoewol't dat eins in hollanistyske ynterferinsje is) is immen dy't de finânsjes beheart as lid fan it deistich bestjoer fan in organisaasje, lykas in feriening, stifting, kommisje, komitee, politike partij, ynternasjonale organisaasje of steat. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om in funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in feriening foar doarpsbelang of in biljertklub. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in foarsitter, in sekretaris, in skathâlder en eventueel in fise-foarsitter en ferskate algemiene leden.

De ferantwurdlikheden fan in skathâlder omfiemje ornaris it behearen fan 'e bankrekken en de kas fan 'e oangeande organisaasje; it opmeitsjen fan in in begrutting foarôfgeande oan in beskate perioade; it opmeitsjen en presintearjen fan in finansjeel ferslach oan 'e ein fan in beskate perioade (bgl. yn 'e foarm fan in jierferslach of in jierrekken); en it behearen en útfieren fan ûntfangsten en útjeften. Soms wurde de funksjes fan in skathâlder kombinearre mei dy fan in sekretaris, ta in 'sekretaris-skathâlder'.

Synonimen foar skathâlder binne de termen tesaurier, fiskus, kassier en kweestor (froulik: kweestriks). Yn 'e gilden hiet in skathâlder eartiids in busmaster. Binnen it Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes bestiet de funksje fan tesaurier-generaal, waans hantekening men op papierjild weromfine kin dat útjûn is troch of yn opdracht fan 'e Nederlânske steat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.