Ministearje fan Finânsjes (Nederlân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ministearje fan Finânsjes
Ministearje fan Finânsjes (Nederlân)
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
Funksjehâlders
Minister Wopke Hoekstra
Steatssikretaris Menno Snel
Sikretaris-generaal Manon Leijten
Skiednis
Oprjochte 12 maart 1798
Algemien
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Adres Koarte Foarhout 7
De Haach
Offisjele webside

It ministearje fan Finânsjes is yn Nederlân it ministearje dat him bemuoit mei de finânsjes fan it lân: de begrutting, de belestingen en de steatskas. Sûnt 26 oktober 2017 is Wopke Hoekstra fan 'e CDA de minister fan Finânsjes. De steatssiktaris is Menno Snel fan 'e D66 en hâldt him dwaande mei ûnder mear fiskale saken, finânsjes, desintrale oerheden en kânsspullen.

Taken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ministearje fan Finânsjes is ferantwurdlik foar de ynkomsten en útjeften fan it Ryk. It sjocht derop ta dat it jild fan 'e Nederlânske oerheid in goed plak krijt.

Ek is it ministearje fan Finânsjes ferantwurdlik foar it binnenlânsk finansjeel-ekonomysk belied. Dat wol sizze de grutte linen fan 'e ynkomsten en útjeften fan bedriuwen en boargers.

It ministearje hâldt boppedat tafersjoch op it funksjonearjen fan 'e finansjele merken, de finansjele ynstellings en it betellingsferkear.

Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar de ôfstimming fan it finansjeel-ekonomysk belied op Jeropeesk en wrâldwiid nivo.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]