Ministearje fan Ekonomyske Saken (Nederlân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ministearje fan Ekonomyske Saken
EZ
Ministearje fan Ekonomyske Saken (Nederlân)
It gebou fan it ministearje EZ yn De Haach.
It gebou fan it ministearje EZ yn De Haach.
Funksjehâlders
Minister Henk Kamp
Steatssikretaris Martijn van Dam
Sikretaris-generaal Maarten Camps
Skiednis
Oprjochte 17 augustus 1905
Algemien
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Adres Bezuidenhoutseweg 73
De Haach
Offisjele webside

It Nederlânske ministearje fan Ekonomyske Saken, ôfkoarte ta EZ (Economische Zaken) bemuoit him mei alles wat te krijen hat mei de Nederlânske ekonomy, lykas hannel, yndustry, kommunikaasje, enerzjyfoarsjenning, ûndernimme en ynnovaasje, mar ek konsumintesaken sa as produkt- en itensfeiligens. Ek lânbou, ynklusyf it lânbouûnderwiis, fiskerij, natuerbeskerming en plattelânsbelied falle ûnder it ministearje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ministearje waard yn 1905 ynsteld as departemint fan Lânbou, Hannel en Yndustry. Dêrnei feroare de namme in pear kear, bygelyks doe't it Lânboubeliedsterrein ôfsplitst waard.

Yn 1946 waard de hjoeddeiske namme keazen en fan 1950 ôf waard der in steatssikretaris beneamd. Fan 1978 ôf is de steatssikretaris ferantwurdlik foar ûnder oare de bûtenlânske hannel.

Op 14 oktober 2010 binne it ministearje fan Ekonomyske Saken en it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit ien wurden as it ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje. It twadde kabinet-Rutte besleat lykwols om per novimber 2012 de namme ministearje fan Ekonomyske Saken wer te brûken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]