Springe nei ynhâld

Ministearje fan Asyl en Migraasje

Ut Wikipedy
Ministearje fan Asyl en Migraasje
A&M
Ministearje fan Asyl en Migraasje
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Turfmarkt 147, De Haach
skiednis
oprjochting 2 july 2024
funksjehâlders
minister Marjolein Faber
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-asiel-en-migratie

It ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) is in Nederlânsk ministearje. It ministearje is ferantwurdlik foar it asyl- en migraasjebelied.

It ministearje waard op 2 july 2024 ynsteld by it oantreden fan it kabinet Schoof. By de kabinetsformaasje waard ôfsprutsen en meitsje in stranger belied op it mêd fan migraasje en de Partij foar de Frijheid (PVV) hie de winsk en stel in apart departemint dêrfoar yn.

Gidi Markuszower wie ynearsten de minister dy't op it each hân wie, mar nei screenen fan de AIVD bliek dat der negative útkomsten wien, waard er weromlutsen as kandidaat. Lang om let waard Marjolein Faber (PVV) beneamd as minister.

It ministearje fan Asyl en Migraasje is ferantwurdlik foar it Nederlânske asylbelied. De minister hat de folgjende taken:

  • Frjemdlingesaken, Asyl
  • IND, COA, DT&V
  • Kêst 1F Flechtlingeferdrach
  • Grinsbewaking
  • Ynternasjonaal migraasjebelied
  • EU migraasjepakt
Flagge fan Nederlân Nederlânske ministearjes

Algemiene Saken (AZ) · Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkshûsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Klimaat en Griene Groei (KGG) Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

· · Berjocht bewurkje