Wopke Hoekstra

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wopke Hoekstra
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Wopke Hoekstra 2019.jpg
echte namme Wopke Bastiaan Hoekstra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 30 septimber 1975
berteplak Bennekom
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
partij CDA
Nederlânsk minister fan Finânsjes
regear Kabinet-Rutte III
amtsperioade 26 oktober 2017 -
foargonger Jeroen Dijsselbloem
lid fan de Earste Keamer
amtsperioade 2011 – 2017

Wopke Bastiaan Hoekstra (berne yn Bennekom op 30 septimber 1975) is in politikus foar it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA). Hoekstra is sûnt 26 oktober 2017 Minister van Finânsjes yn it kabinet-Rutte III. Foar dy tiid wied er fan 2011 oant 2017 lid fan de Earste Keamer en ficefoarsitter fan de CDA-fraksje dêre.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoekstra is fan Frysk komôf. Nei't er fan 1986 oant en mei 1994 it Stedelijk Gymnasium yn Utert besocht, studearre er Nederlânsk rjocht yn Leien. Dêr helle Hoekstra ek syn propedeuse skiednis. Yn syn stúdzjetiid wie Hoekstra praeses fan de studinteferiening Minerva.[1] Yn 2000 studearre Hoekstra oan de Libera Università yn Rome ynternasjonale polityk en Italjaansk. Yn 2005 helle er syn Master of Business Administration oan INSEAD yn Fontainebleau en Singapore.[2]

Kariêrre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoekstra wurke fan 2002 oant 2005 foar de Shell yn Berlyn, Hamburch en Rotterdam en fan 2006 oant 2017 by Partner McKinsey.[3]

Politike funksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynteresse yn de polityk waard by Hoekstra oanfjurre yn de tiid doe't er yn Berlyn wenne (1999-2005) en Pim Fortuyn it debat yn Nederlân opskodde.

Foar it CDA wie Hoekstra û.o. ponghâlder fan de Eduardo Frei Stifting en bestjoerslid fan de ôfdieling Amsterdam. Yn desimber 2010 waard der tynge dien dat Hoekstra him ferkiesber steld hie foar de Earste Keamerferkiezings fan 2011. Nei't er keazen wie, waard er op 7 juny 2011 as senator beëdige. Op 6 desimber 2011 hold Hoekstra syn maidenspeech by it debat oer de ôfskaffing fan de dûbele heffingskoarting.

Hoekstra wie yn 2016 foarsitter fan de kommisje, dy't it CDA-ferkiezingsprogram foar de Twadde Keamerferkiezings 2017 skreau.[4] Nei de ferkiezings foarme it CDA mei VVD, D66 en de KristenUny it kabinet Rutte III. Hoekstra waard frege as Minister fan Finânsjes en waard yn oktober 2017 dêrta beëdige.

Ministerskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 febrewaris 2019 makke Hoekstra bekend dat er mei de oankeap fan in oandielepakket it Nederlânske belang yn Air France-KLM fergrutte hie om sa mear Nederlânske ynfloed te hâlden yn it bedriuw[5]

Yn de HJ Schoo-lêzing fan 2 septimber 2019 fierde Wopke Hoekstra oan dat de latte foar ymmigranten heger set wurde moast. Ek sei er dat er him soargen makke oer it ferdwinen fan de Nederlânske identiteit. Dy identiteit omskreau er as in kombinaasje fan eigensinnigens mei mienskipssin.[6]

In plan fan Angela Merkel en Emmanuel Macron om sûnder betingsten de Súd-Europeeske ekonomyen mei koronabonds finansjeel te stypjen mislearre troch it ferset fan Wopke Hoekstra. Tegearre mei Denemark, Eastenryk en Sweden wist Wopke Hoekstra mei súkses de útjefte fan de saneamde koronabonds tefoarren te kommen. Nederlân woe allinne meiwurkje as der yn ruil foar de oername fan skulden hurde ôfspraken makke waarden oer de herfoarming fan de Súd-Europeeske ekonomyen. Nederlân krige benammen in soad krityk fan de Súd-Europeeske lannen, mar Hoekstra wiisde der op ta dat de lidstaten dy't it troch de koronakrisis dreech hiene in berop dwaan koene op it Europeeske Stabiliteitsmechanisme (ESM), in Europeesk skuldefûns dat nei de kredytkrisis stifte waard. [7][8]

Syn krewearjen foar it nasjonale belang makke Wopke Hoekstra ta ien fan de meast populêre bewâldsmannen fan it regear. Ut in ûndersyk fan EenVandaag fan 14 septimber 2020 die bliken dat de respondinten fan alle ministers it measte betrouwen hawwe yn de "deeglike" Wopke Hoekstra (69%). Dêrmei liet Hoekstra de twadde op de list, premier Rutte (53%), fier efter him.[9]

Sûnt de oanstelling fan Sybrand Buma as boargemaster fan de gemeente Ljouwert tocht mannichien dat Hoekstra him as partijlieder opfolgje soe, mar op 17 juny 2020 sei er yn in fraachpetear dat er him net beskikber stelle soe om't er him sels mear as bestjoerder as as beropspolitikus seach.[10] Nei't Hugo de Jonge him op 10 desimber 2020 as listlûker fan it CDA weromloek, waard Hoekstra troch it partijbestjoer frege him kandidaat te stellen. Hoekstra gyng op it fersyk yn en nei de foardracht troch it bestjoer keas 95% fan de leden foar Hoekstra as listlûker.[11]

Privé[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wopke Hoekstra wennet mei syn frou Liselot Hoornweg yn Bussum en tegearre hawwe hja fjouwer bern. Hy mei graach hurdrinne en lêze en tsjerklik is er ferbûn oan de remonstranten. Syn frijsinnigens soarget somtiden ta in fan it CDA ôfwikend stimgedrach. Sa wie Hoekstra as iennige CDA-senator foar it ôfskaffen fan trouamtners mei gewissebeswieren en stimde Hoekstra foar it wetsfoarstel oer lesbysk âlderskip.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: