Frans Timmermans (politikus)

Ut Wikipedy
Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer biografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Frans Timmermans

Franciscus Cornelis Gerardus Maria (Frans) Timmermans (Maastricht, 6 maaie 1961) is in Nederlânske politikus, diplomaat en fan 1 desimber 2019 ôf Eurokommissaris en teffens de earste fisefoarsitter fan de kommissy-Von der Leyen.

Hy wie amtner yn diplomatyke tsjinst fan Nederlân fan 1987 oant 1998, dêrnei waard er polityk aktyf.

Timmermans wie fan 5 novimber 2012 oant 17 oktober 2014 minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Rutte II. Earder wie er fan 2007 oant 2010 steatssekretaris fan Europeeske Saken (BuSa) yn it kabinet-Balkenende IV. Fan 1998 oant 2007 en fan 2010 oant 2012 wie Timmermans út namme fan de Partij fan de Arbeid lid fan de Tweede Kamer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Frans Timmermans