Kredytkrisis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kredytkrisis of Bankekrisis wie finansjele krisis dy't yn de simmer fan 2007 begûn. It wie yn earsten in lokaal probleem yn de Feriene Steaten, in gefolch fan problemen yn de hûzemerk dy't al tsien jier spilen, mar it is troch de ferbûnens fan de wrâldwide jildmerk oerslein nei oare parten fan de wrâld.

Feriene Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynvestearders yn de Feriene Steaten hienen gjin betrouwen mear yn de wearde fan de hypoteken yn dat lân, dy't net safolle opsmiten as tocht wie. Yn it earstoan sieten allinnich finansjele ynstellings mei de kredytkrisis, mar sûnt de ein fan 2008 binne ek bedriuwen en wurknimmers troffen. De sintrale banken, de Jeropeeske Sintrale Bank en de United States Federal Reserve, besykje de krisis del te bêdzjen troch lieningen te jaan oan banken sadat de jildstream op gong bliuwt.

Globale krisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Financialcrisisconsumerspendings.JPG

Nei it fallisemint fan de Lehman Brothers op 14 septimber 2008 kamen de Europeeske en Amerikaanske oerheden mei kapitale jildynjeksjes en plannen om de jildstream op gong te hâlden. Nei de tiid gongen yn Yslân trije banken fallyt, wat ta gefolch hie dat it sittende regear fuort moast en in nijen keazen waard. Nei ferrin fan tiid gongen de koersen fan de ynternasjonale hannelsbeursen rap omleech. Yn Grut-Brittanje, nettsjinsteande it pessimisme, ynvestearre it regear 500 miljard Pûn yn de finansjele sektor en brûkte it jild ek om finansjele ynstellings te nasjonalisearjen. Dêrnei folgen mear Europeeske lannen it foarbyld fan Grut-Brittanje. Yn East-Europeeske lannen as Poalen, Hongarije, Roemeenje en de Oekraïne kaam de krisis oan troch lieningen dy't yn stabile wikselkoersen lykas de Switserske Frank ôfsletten waarden. Doe't de East-Europeeske muntienheden minder wearde hienen, waard it beteljen fan dy lieningen in stik dreger. [1]

Wikselkoerskrisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de panyk om de finansjele krisis sochten ynvestearders betrouberens yn goud fûnsen en muntienheden sa as de Amerikaanske dollar en de Japanske YEN, dy't troch ynwenners fan oare lannen as betroubere muntienheid beskôge waarden. Dy wikselkoerskrisis drige de ynternasjonale hannel en produksje te fersteuren. It Ynternasjonale Monetêre Fûns hie net alle middelen om de lannen mei in swakke muntienheid te stypjen. Boppedat besochten minsken út lannen mei in swakke ekonomy har jild yn feilige fûnsen te dwaan, wêrtroch minder jild oer bleau foar lokale finansjele problemen.

De kredytkrisis hâldt noch hieltyd oan en it ein is noch net yn sicht.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. "`Panic' Strikes East Europe Borrowers as Banks Cut Franc Loans" skreaun troch Ben Holland, Laura Cochrane en Balazs Penz; Bloomberg, 31 oktober 2008