Minister foar Primêr en Fuortset Underwiis
De minister foar Primêr en Fuortset Underwiis is in Nederlânske minister sûnder portefúlje dy't yn 2017 ynsteld waard by it kabinet-Rutte III, doe ûnder de namme minister foar Basis- en Fuortset Underwiis en Media. Yn it einferslach fan de formateur waard de nije ministerspost foar it earst offisjeel neamd. De post falt ûnder it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.
De minister yn it kabinet-Rutte III wie Arie Slob (KristenUny. It ministearje is ornearre foar it primêr, fuortset en spesjaal ûnderwiis, it learareregister en media.
It kabinet-Rutte IV krige njonken de minister sûnder portefúlje ek in steatssekretaris foar Kultuer en Media op it ministearje. Dêrom waard it ministerskip omneamd ta de hjoeddeistige namme. Dy posysje wurdt beset troch Mariëlle Paul (VVD) (wie Dennis Wiersma, VVD).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |