Springe nei ynhâld

Uitgeverij De Fontein

Ut Wikipedy
Uitgeverij De Fontein
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Utert (Utert)
oprjochte 1946
mem VBK Uitgeversgroep
offisjele webside
www.uitgeverijdefontein.nl

Uitgeverij De Fontein is in Nederlânske útjouwerij dy't fêstige is yn Utert. It bedriuw waard oprjochte yn 1946, en leit him benammen ta op 'e publikaasje fan fiksje en non-fiksje op it mêd fan 'e misdie, lykas skrillers, misdieromans en true crime-boeken.

Uitgeverij De Fontein waard yn 1946 oprjochte en wie mear as fyftich jier fêstige yn Baarn. Yn 2011 beloek de útjouwerij in bedriuwspân yn 'e stêd Utert. Yn 1998 waard Uitgeverij De Kern oernommen, wêrnei't dy namme oant 2013 as in ymprint fan De Fontein yn gebrûk bleau. Fan 2009 oant 2012 wie De Fontein fúzjearre mei Trion Uitgevers ta Uitgeverij De Fontein Trion, mar nei trije jier waard it nije bedriuw wer opspjalten. Trion gie dêrnei yn 2014 op yn Kosmos Uitgevers, mar De Fontein bleau selsstannich.

De útjeften fan Uitgeverij De Fontein kinne ferdield wurde yn trije kategoryen. Yn it foarste plak binne der skrillers, misdieromans en true crime-ferslaggen fan binnen- en bûtenlânske skriuwers, wêrûnder Appie Baantjer en Peter R. de Vries, dy't ûnder de haadymprint fan De Fontein útbrocht waarden. Mei de tafoeging fan De Kern sette de útjouwerij fan 1998 ôf ek útein mei de publikaasje fan boeken dy't op 'e froulike doelgroep rjochte wiene, mei populêre fiksje, ferheljende non-fiksje en dieetliteratuer fan auteurs as Joanne Harris, Jojo Moyes en Robert Atkins. Dêrnjonken bringt De Fontein ûnder ymprint De Fontein Jeugd ek berne- en jongereinliteratuer út, lykas wurk fan Roald Dahl, Bette Westra, Marion van de Coolwijk en Jacqueline Wilson.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.