Springe nei ynhâld

Boekhannel Van der Velde

Ut Wikipedy
Boekhannel Van der Velde
Boekhandel Van der Velde
De (haad)fêstiging fan Boekhannel Van der Velde, oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd, yn Ljouwert (2018).
De (haad)fêstiging fan Boekhannel Van der Velde, oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd, yn Ljouwert (2018).
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor boekhannel[1]
haadkertier Ljouwert (Fryslân)[1]
oprjochte 1892[1]
oprjochter Rinse van der Velde[1]
eigner fam. Van der Velde[1]
sifers
omset 16 miljoen (2017)[2]
aktyf yn Noard-Nederlân[3]
wurknimmers 140 (2018)[2]
tal lokaasjes 9 (2018)[4]
offisjele webside
www.boekhandelvandervelde.nl

Boekhannel Van der Velde (Nederlânsk en offisjeel: Boekhandel Van der Velde) is in keatling fan boekhannels yn Noard-Nederlân,[3] mei anno 2018 njoggen fêstigings.[4] It haadkertier stiet yn Ljouwert,[1][3] dêr't it bedriuw yn 1892 oprjochte waard[1] troch Rinse van der Velde.[1] Lange tiid hie Boekhannel Van der Velde mar ien fêstiging, oan 'e Ljouwerter Nijstêd.[1] Pas yn 'e ienentweintichste iuw begûn it bedriuw út te wreidzjen, ornaris troch besteande boekhannels yn oare plakken oer te nimmen.[3] Anno 2018 is Van der Velde de grutste selsstannige boekhannelkeatling yn Nederlân wurden.[3]

Boekhannel Van der Velde waard yn 1892 yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert oprjochte troch boekhanneler en útjouwer Rinse van der Velde (1856-1940).[1] It bedriuw wie mear as in iuw lang fêstige yn in pân oan 'e drokke (súdlike) kant fan 'e Nijstêd, op 'e eastlike hoeke mei de Doelesteech.[1] Yn 'e tiid foar de Twadde Wrâldoarloch wie dy boekhannel in deftige saak dêr't de begoedige boargerij him foarljochtsje liet oer literatuer en oare boeken.[1] Behalven boeken te ferkeapjen, joech Van der Velde se sels ek út. Yn dat ramt publisearre er in protte Frysktalich wurk yn opdracht fan it Frysk Selskip, in organisaasje dêr't er sels ek lid fan wie.[1] Under syn útjeften wie wurk fan Harmen Sytstra, Yme Schuitmaker, Pieter Jelles Troelstra, O.H. Sytstra en Jan Jelles Hof.[1] Fierders publisearre er ek it Frysk Lieteboek, en yn 1918 kaam by him de fjirde werútjefte fan 'e Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma út.[1]

Nei it ferstjerren fan Rinse van der Velde yn 1940 waard it bedriuw oernommen troch syn soan.[1] Yn 1992 organisearre it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean in tentoanstelling oer it bedriuw.[1] Begjin ienentweintichste iuw iepene Van der Velde in twadde fêstiging yn Snits, inkele jierren letter folge troch in fêstiging yn Drachten.[boarne nedich] Yn Ljouwert ferhuze de haadfêstiging yn 2005 nei in rommer gebou oan 'e stille (noardlike) kant fan 'e Nijstêd.[3]

Yn Snits naam Van der Velde datselde jiers de pleatslike fêstiging fan De Tille oer fan 'e Boekhandels Groep Nederland (BGN, letter bekend as Selexyz). Dy winkel waard gearfoege mei it eigen Snitser filiaal yn in nij pân fan 500  oan 'e Krusebruorrestrjitte.[5] Yn Grins waard yn 2008 Athena's Boekhandel oernommen en yntegrearre yn in nije fêstiging fan Van der Velde oan it Akerkhof, yn in gebou dêr't earder it moadehûs Zwartsenberg sitten hie.[5] Yn maaie 2014 betriek de fêstiging yn Drachten in nij gebou fan 850 m².[5] Yn april 2017 naam Van der Velde yn Dokkum Boekhannel Schaaf oer.[3][6]

Yn 2014, doe't de boekhannelkeatling Polare fajyt gie, toande Van der Velde belangstelling foar de oername fan 'e fêstigings yn Ljouwert en Grins. Op 20 maart fan dat jier kamen sadwaande sawol Polare Ljouwert (it âlde De Tille) as Polare Grins (it âlde Scholtens Wristers) yn 'e hannen fan Van der Velde.[5] De Ljouwerter fêstiging oan it Ruterskertier waard sletten om 'e ferkeap te konsolidearjen yn 'e besteande Van der Velde-fêstiging oan 'e Nijstêd.[5] De fêstiging oan 'e Guldenstraat yn 'e Grinzer binnenstêd, dy't mei 3.000 m² de grutste boekhannel fan Noard-Nederlân wie, waard yn 2015 ferhuze nei in folle lytser gebou fan 800 m² oan it Waagplein. Dêrby waard de âldere Van der Velde-fêstiging oan it Akerkhof hanthavene.[5]

Yn augustus 2018 wreide Van der Velde him mei de oername fan boekhannel Waanders in de Broeren, yn Swol, foar it earst út bûten Noard-Nederlân.[3][7] Waanders, in 182 jier âld famyljebedriuw,[7] behold syn eigen namme, hoewol't de eardere eigner Wim Waanders him hielendal út it bedriuw weromloek en it yn 'e praktyk in filiaal fan Van der Velde waard.[7] Waanders in de Broeren is sûnt 2013 fêstige yn 'e monumintale Broeretsjerke yn 'e Swolske binnenstêd,[3] dy't eigendom is en bliuwt fan 'e famylje Waanders.[7] Yn novimber 2018 iepene Van der Velde in fêstiging yn Harns,[3] dêr't de boekhannel nau gearwurke mei Museum It Hannemahûs en mei de pleatslike iepenbiere bibleteek.[2]

Anno 2018 omfieme Boekhannel Van der Velde njoggen fêstigings yn acht plakken:[4] de haadfêstiging yn Ljouwert;[1][3][7] in njonkenfêstiging yn Snits;[1][3][7] ien yn Drachten;[1][3][7] ien yn Dokkum;[2][7] ien yn Harns;[2][4][7] twa[2][7] yn Grins;[1][3][7] ien yn Assen;[3][7] en ien yn Swol.[3][4][7] Dêrmei wie Boekhannel Van der Velde de grutste selsstannige boekhannelkeatling yn Nederlân wurden.[3]

De winkels yn Noard-Nederlân waarden anno 2018 allegear befoarriede út 'e haadfêstiging yn Ljouwert wei.[3][4] Foar Swol waarden de ôfstannen datoangeande te grut, sadat Van der Velde dêr in twadde sintraal magazyn opsette woe.[3][4] Van der Velde wie yn 2018 fan doel om elts jier in nij filiaal te iepenjen.[2][4] Fierdere groei socht Van der Velde fral yn 'e rjochting fan 'e Iselregio.[4] Yn Fryslân wurke Van der Velde nau gear mei de ûnderskate iepenbiere bibleteken, dy't bgl. harren boeken by Van der Velde oanskaften sadat it jild út it gemeentlik kultuerfûns ek echt binnen de gemeente útjûn waard.[2]

Bang om tefolle hea op 'e foarke nimmen, wie Boekhannel Van der Velde net. Neffens direkteur Rutger van der Velde en Ad Peek, it "finansjele brein" fan it bedriuw, dy't yn augustus 2018 tegearre in fraachpetear oan 'e Ljouwerter Krante joegen, hie dat te krijen mei de bedriuwsstruktuer: it fajyt giene Selexyz hie yn Houten in haadkantoar dêr't wol 100 minsken wurken, wylst it hiele managementteam fan Van der Velde (anno 2018) út 6 man bestie. Meiwurkers fan Van der Velde moasten fan alle merken thús wêze; Rutger van der Velde en Ad Peek joegen oan dat sy sels ek noch geregeldwei in skoftke efter de kassa stiene.[2]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2756..
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 2,8 Hellinga, Jaap, Rekenen met Boeken, yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2018, s. 32. (kepp.)
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 3,13 3,14 3,15 3,16 3,17 3,18 Hellinga, Jaap, Boekverkopers en Kerkmeesters, yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2018, s. 28. (kepp.)
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 4,6 4,7 4,8 ――, Van der Velde: Ieder Jaar een Nieuw Filiaal, yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2018, s. 1. (kepp.)
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 5,5 Artikel oer Boekhannel Van der Velde op de Nederlânsktalige Wikipedy, ferzje 28 aug 2018. (kepp.)
  6. ——, Van der Velde wil Boekhandel Schaaf in Dokkum overnemen, op Noordz, 6 april 2017.
  7. 7,00 7,01 7,02 7,03 7,04 7,05 7,06 7,07 7,08 7,09 7,10 7,11 7,12 ――, Van der Velde neemt Waanders in Zwolle over, yn: de Ljouwerter Krante, 11 augustus 2018, s. 18. (kepp.)