It Libben fan in Labbekak (boekesearje)

Ut Wikipedy
It Libben fan in Labbekak
algemiene gegevens
oarspr. titel Diary of a Wimpy Kid
auteur Jeff Kinney
taal Ingelsk
foarm boekesearje
sjenre jeugdliteratuer
1e publikaasje 2007 – no
oarspr. útjwr. Amulet Books
prizen Kids' Choice Award
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Libben fan in Labbekak
publikaasje 2018 – no
útjouwer Uitgeverij De Fontein
oersetter Martsje de Jong

It Libben fan in Labbekak, yn it oarspronklike Ingelsk: Diary of a Wimpy Kid (en yn it Nederlânsk oerset as Het Leven van een Loser), is in boekesearje út it sjenre fan 'e jeugdliteratuer fan 'e hân fan 'e Amerikaanske auteur Jeff Kinney. De komyske rige ferhellet oer de brike aventoeren fan 'e suffert Sjoerd Sjollema (Ingelsk: Greg Heffley; Nederlânsk: Bram Botermans), en is bedoeld foar bern fan 'e ein fan 'e basisskoalle oant it earste jier fan it fuortset ûnderwiis. It earste diel, dat ek It Libben fan in Labbekak hjit, waard yn it Ingelsk publisearre yn 2007 en wie daliks in grut súkses. Anno 2018 bestiet de rige út 13 dielen en binne der wrâldwiid mear as 200 miljoen boeken fan ferkocht, yn 59 ûnderskate talen. De hiele searje ferskynde fan 2009 ôf yn Nederlânske oersettings. De Fryske oersetting fan it earste diel kaam yn desimber 2018 út. Fierders binne sûnt 2010 fjouwer dielen fan 'e rige ferfilme.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 1998 krige de Amerikaanske skriuwer Jeff Kinney it idee foar in ferhaal oer in jonge op 'e middelskoalle (dy't yn 'e Feriene Steaten tusken de legere en de middelbere skoalle yn sit). De haadpersoan krige de namme Greg Heffley (yn 'e Nederlânske oersetting Bram Botermans, en yn 'e Fryske oersetting Sjoerd Sjollema). Foar de ferhalen oer dy suffert (wimpy kid) putte Kinney út syn eigen ûnderfinings, en hy makke der sels ek yllustraasjes by. It ferhaal krige de foarm fan in deiboek, dat troch de haadpersoan yn it ik-perspektyf skreaun is.

Yn maaie 2004 brocht Kinney yn gearwurking mei FunBrain in online-ferzje fan it ferhaal út, dat doe de titel krige Diary of a Wimpy Kid ("Deiboek fan in Suffert" of "Deiboek fan in Swakkeling"). Op 'e webside waarden oant juny 2005 op deistige basis oanfollings tafoege. Tsjin 2009 wie de webside 20 miljoen kear besjoen. Op fersyk fan 'e fans besleat Kinney dat der in papieren ferzje komme moast, dy't it resultaat wie fan krapoan acht jier wurk. Yn febrewaris 2006, op 'e stripbeurs New York Comic Con, tekene er in oerienkomst foar it skriuwen fan in rige boeken mei útjouwerij Harry N. Abrams, Inc. It earste diel út 'e resultearjende boekesearje, Diary of a Wimpy Kid, kaam op 1 april 2007 út by Amulet Books, in ymprint fan Abrams.

It boek sloech yn as in bom en waard in ûnbidich kommersjeel súkses. Neitiid skreau Kinney elts jier in nij diel yn 'e rige, en yn 2018 ferskynde it trettjinde diel, Diary of a Wimpy Kid: The Meltdown. Dêrnjonken ferskynden yn 'e searje ek noch in aktiviteiteboek en twa filmdeiboeken. Dêrnjonken skoep Kinney op 'e bernefreonlike webside Poptropica twa eilannen mei as namme Wimpy Wonderland en Wimpy Boardwalk. Dêr kinne jonge fans de aventoeren út 'e searje op in ynteraktive wize werbelibje. Tsjin 2018 hie Kinney mear as 200 miljoen boeken ferkocht en wie syn wurk oerset yn 59 ûnderskate talen, wêrûnder it Nederlânsk en it Frysk. Fan 2008 oant en mei 2016 wûn de boekesearje Diary of a Wimpy Kid sân kear de Nickelodeon Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite boek.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yntroduksje fan 'e searje, wêryn't de lêzer yn 'e kunde komt mei haadpersoan Sjoerd Sjollema, syn bêste freon Doede (Rowley), syn heit en mem, syn âldere broer Ronald (Rodrick), syn jongere broer Minne (Manny), syn swierrichheden op skoalle en mei Halloween, en it ferskynsel 'Tsiis Tik'.
  • 2008 – Diary of a Wimpy Kid: Rodrick Rules
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Vette Pech! (fert. Hanneke Majoor, 2010)
Sjoerd moat sjen foar te kommen dat syn broer Ronald útbringt wat der de foargeande simmer bard is.
  • 2009 – Diary of a Wimpy Kid: The Last Straw
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Bekijk Het Maar! (fert. Hanneke Majoor, 2011)
As Sjoerd syn heit driget om him nei in militêre skoalle te stjoeren, moat Sjoerd dat plan sjen te dwerseidzjen.
  • 2009 – Diary of a Wimpy Kid: Dog Days
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Een Hondenleven (fert. Hanneke Majoor, 2012)
De simmerfakânsje is oanbrutsen, mar Sjoerd syn âlden sitte krap by kas, dat fan fakânsjefieren liket net folle te kommen.
  • 2010 – Diary of a Wimpy Kid: The Ugly Truth
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Niet te Doen! (fert. Hanneke Majoor, 2012)
Sjoerd wurdt âlder en komt foar nije útdagings te stean, lykas it feroarjen fan toskedokter en it fêstlizzen fan in oplieding.
  • 2011 – Diary of a Wimpy Kid: Cabin Fever
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Geen Paniek! (fert. Hanneke Majoor, 2012)
As de snie net mear ophâldt mei fallen, komme de Sjollema's fêst te sitten yn harren eigen hûs.
  • 2012 – Diary of a Wimpy Kid: The Third Wheel
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Zwaar de Klos! (fert. Hanneke Majoor, 2013)
It Falentynsdeibal komt deroan, mar Sjoerd hat net ien om mei dêrhinne. Der liket ljocht oan 'e ein fan 'e tunnel te kommen as de jonge dêr't in famke út syn klasse mei gean soe, ôfseit.
  • 2013 – Diary of a Wimpy Kid: Hard Luck
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Gedumpt (fert. Hanneke Majoor, 2014)
Sjoerd rekket gau troch syn freonen hinne no't Doede ferkearing krigen hat.
  • 2014 – Diary of a Wimpy Kid: The Long Haul
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Flutvakantie (fert. Hanneke Majoor, 2015)
It is wer simmerfakânsje, en diskear geane de Sjollema's op in road trip. Alles dat mis gean kin, giet wer mis.
  • 2015 – Diary of a Wimpy Kid: Old School
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Ff Offline (fert. Hanneke Majoor, 2016)
De buert dêr't de Sjollema's wenje, wurdt in wykein lang ôfsnien fan it stroomnet. Dat wurdt omstean learen foar Sjoerd.
  • 2016 – Diary of a Wimpy Kid: Double Down
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Drie Keer Niks (fert. Hanneke Majoor, 2017)
Sjoerd syn mem wol dat er ris wat oars docht as fideospultsjes spylje, dat mei Doede makket er in film en jout er him op foar it muzykprogramma fan 'e skoalle.
  • 2017 – Diary of a Wimpy Kid: The Getaway
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Wegwezen! (fert. Hanneke Majoor, 2018)
Ynstee fan de krystdagen thús te fieren, beslute Sjoerd syn heit en mem om 'e bern mei te nimmen nei in tropysk resort. Wat úteinset as in ûntspannend reiske feroaret al rillegau yn in nachtmerje.
  • 2018 – Diary of a Wimpy Kid: The Meltdown
  • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Gesmolte (fert. Hanneke Majoor, 2018)
As troch it winterwaar Sjoerd syn skoalle in tal dagen tichtgiet, feroaret de buert yn in slachfjild fan sniekastielen, mei bûnsgenoatskippen, ferrie en reuseftige sniebalgefjochten.
  • 2011 – The Wimpy Kid Do-It-Yourself Book
    • Nederlânske oersetting: Jouw Leven als Loser (fert. Hanneke Majoor, 2011)
In aktiviteiteboek mei blanko siden dy't de lêzers oanfiterje moatte om harren eigen deiboek by te hâlden yn 'e styl fan 'e searje.
  • 2013 – The Wimpy Kid Movie Diary (filmdeiboek)
    • Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Niet te Filmen! (fert. Hanneke Majoor, 2013)
In boek yn 'e foarm fan in soarte fan efter-de-skermendokumintêre oer it meitsjen fan 'e earste ferfilming fan 'e searje. Letter kamen útwreide ferzjes út dy't ek de twadde ferfilming en úteinlik de earste trije ferfilmings besloegen.
  • 2017 – The Wimpy Kid Movie Diary: The Next Chapter (filmdeiboek)
    • Nederlânske oersetting: Flutvakantie: Achter de Schermen (fert. Hanneke Majoor, 2017)
In boek yn 'e foarm fan in soarte fan efter-de-skermendokumintêre oer it meitsjen fan 'e fjirde ferfilming fan 'e searje.

Alle trettjin dielen fan 'e searje kamen tusken 2007 en 2018 ek út as (Ingelsktalige) lústerboeken, by útjouwerij Penguin Books.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar
2008 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2009 Nickelodeon Kids' Choice Award nominearre favorite boek hiele searje
2010 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2011 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2012 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2013 Nickelodeon Kids' Choice Award nominearre favorite boek hiele searje
2014 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2015 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje
2016 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek hiele searje

Ferfilmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske filmstudio 21st Century Fox hat tusken 2010 en 2017 fjouwer ferfilmings fan 'e boeken fan 'e rige It Libben fan in Labbekak útbrocht. It giet dêrby yn prinsipe om ferfilmings fan 'e dielen 1, 2, 4 en 9, hoewol't de trêde film foar in diel basearre is op 'e foarfallen yn it trêde boek. Auteur Kinney wie by alle fjouwer films belutsen as útfierend produsint.

Dêrnjonken waard yn 2012 ek in koarte film oer in ferhaal út 'e boekerige makke, mei as titel Diary of a Wimpy Kid: Class Clown.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.