Falentynsdei

Ut Wikipedy
In Falentynskaart út 1909.

Falentynsdei is fan âlds de roomske hjeldei fan 'e hillige Falentyn, dy't op 14 febrewaris falt. Dy deis waarden elts jier ien of twa ier-kristlike martelders eare dy't sa hieten. Troch lettere folkloare rekke it libbensferhaal fan 'e hillige Falentyn ferbûn mei leafde en it stjoeren fan leafdesbrieven. Yn 'e Feriene Steaten rekke de hjeldei sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw ferkommersjalisearre ta in sekuliere feestdei dy't de leafde fiert en dy't neat mear mei de roomske tradysje út te stean hat. Ut 'e Feriene Steaten wei fersprate de nije foarm fan Falentynsdei him sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw oer de hiele Westerske wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane in stikmannich marteldersferhalen oer Falentinen dy't ferbân hâlde mei de datum fan 14 febrewaris. Dêrûnder is in ferslach fan 'e finzenskip fan 'e hillige Falentyn fan Rome foar it preekjen oan kristenen yn 'e tiid dat dy ferfolge waarden yn it trêde-iuwske Romeinske Ryk. Neffens in iere tradysje soe Falentyn de blinens fan 'e dochter fan syn sipier genêzen hawwe. Ferskate lettere tafoegings hawwe dy leginde ombûgd nei it tema leafde ta. Sa wol in achttjinde-iuwske ferfraaiïng hawwe dat Falentyn foar syn terjochtstelling oan 'e sipiersdochter ta ôfskie in brief skreau dy't er ûndertekene mei de wurden "dyn Falentyn". In oar ferhaal stelt dat Falentyn de houliken ynseinge fan kristlike soldaten dy't it net tastien wie om te trouwen.

Reade roazen wurde faak as kado jûn op Falentynsdei.

Yn 496 stelde paus Gelasius I op 14 febrewaris de hjeldei fan 'e hillige Falentyn yn, dy't op dy datum yn it jier 269 yn Rome eksekutearre wurden wêze soe. De dei rekke yn 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw ferbûn mei romantyk en leafde, doe't ideeën oer hoaske leafde op harren hichtepunt wiene. Nei't it skynt hie dat dermei te krijen dat om dy dei hinne beskate fûgelsoarten (lykas toarteldowen) in partner foar it kommende pearseizoen sochten.

Yn it achttjinde-iuwske Ingelân ûntwikkele Falentynsdei him ta in gelegenheid wêrby't fereale pearkes utering joegen oan harren gefoelens foarinoar troch inoar blommen en snobbersguod kado te dwaan en/of inoar oer de post kaartsjes ta te stjoeren dy't valentines neamd waarden. Sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden hânskreaune kaartsjes ferfongen troch massaprodusearre winskkaarten. Dy ûntjouwing fûn it earst plak yn 'e Feriene Steaten en pas letter yn 'e oare Angelsaksyske lannen. Pas sûnt de 1990-er jierren is de fiering fan Falentynsdei as in moderne, ferkommersjalisearre feestdei ûnder ynfloed fan 'e Amerikaanske kultuer ek trochkrongen yn oare Westerske lannen, lykas Nederlân.

Gebrûken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dingen dy't assosjearre wurde mei Falentynsdei binne it hert as symboal foar de leafde en oare, soartgelikense symboalen, lykas in pear toarteldokes en Kupido, de Romeinske god fan 'e leafde, mei syn pylk-en-bôge.

By de (moderne) fiering fan Falentynsdei is it wizânsje om immen mei wa't men in romantyske relaasje hat, in kado te jaan. It is gebrûkliker dat de manlike partner in kado jout oan 'e froulike partner as oarsom, hoewol't it ek in protte dien wurdt dat de parners inoar in kado jouwe. Tradisjonele kado's binne in boeket blommen (faak reade roazen) of snobbersguod lykas sûkelaadsjes of bonbons, faak yn in reade hertfoarmige doaze, mei't it hert in symboal fan 'e leafde is. Ek it jaan fan linzjery troch de man oan 'e frou komt wol foar, mar foar sa'n yntym kado moat men wol in fêste seksuele relaasje hawwe, oars sil soks ornaris net yn goede ierde falle.

In hertfoarmich doaske sûkelaadsjes is ek in tige faak foarkommend kado jûn op Falentynsdei.

In oar gebrûk yn it ramt fan Falentynsdei is dat in man oan in frou op wa't er temûk fereale is in winskkaart stjoerd, in saneamde falentynskaart. Dat kin twa foarmen oannimme. It kin in besykjen wêze om dy frou foar him te winnen troch it útsprekken fan syn gefoelens yn 'e kaart, mar it komt ek in protte foar dat inkeld de bewûndering foar de frou útsprutsen wurdt en de ôfstjoerder fan 'e kaart anonym bliuwt. Yn dat lêste gefal is er faak ûndertkene mei de wurden "fan in anonime bewûnderder". (Soks kin lykwols syn doel foarby sjitte as de frou it gefoel kriget dat se temûk yn 'e rekken holden wurdt en dat mar grizelich fynt.)

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Falentynsdei is yn gjin inkeld lân in offisjele feestdei, hoewol't it behalven yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ek erkenning as kristlike hjeldei genietet yn 'e Anglikaanske Tsjerke en de lutherske tsjerken. It meastepart fan 'e Eastersk-otterdokse tsjerken fiert ek Falentynsdei, mar dan op 6 july foar de Romeinske preker Falentyn en op 30 july foar de biskop Falentyn fan Interamna. Yn Nederlân fierde yn 2007 35% fan 'e befolking Falentynsdei yn 'e sekuliere sin fan it wurd, mar dat wie yn 2011 omleech gien nei 29% en yn 2015 nei 21%. Oan 'e ein fan 'e 2010-er jierren liek de feestdei lykwols wer oan populariteit te winnen; sa fierde yn 2019 29% fan 'e Nederlanners Falentynsdei, en fan 'e jongere generaasje (millenials) sels 40%. It blykt yn Nederlân lykwols fral in feestdei foar froulju te wêzen, mei't 84% fan 'e ferstjoerders fan falentynskaarten frou is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.