Springe nei ynhâld

Sinteklaas

Ut Wikipedy
Sint en Pyt

It Sinteklaasfeest (sinteklaazjen) is basearre op ferskate tradysjes dy’t om de nammedei, 6 desimber, fan biskop Niklaas fan Myra hinne ûntstien binne. Niklaas libbe yn de tredde iuw n.Kr. yn Lyts-Aazje. Yn Nederlân wurdt benammen de Pakjejûn op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de hurd setten. De ûnderwizer Jan Schenkman skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en zijn Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.

Feint foar Sinteklaas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar 1850 koe it Nederlânske Sinteklaazjen net in fêste helper foar Sinteklaas. Mei troch dat boek fan Schenkman waard Sinteklaas hieltiten faker beselskippe troch Swarte Pyt en letter gauris troch in tal Swarte Piten. Yn guon oare lannen hie Sinteklaas al wol in fêste helper. Sa hat Sinteklaas yn parten fan Dútslân Ruprecht ta feint en benammen yn de Alpestreken de feint Krampus. Fan beide karakters kin men tige kjel wurde.

  • Yn de Eastfryske plakken Emden en Greetsiel hâldt Sinteklaas ek yntocht mei Swarte Piten.
  • Yn it Katolike Sealterlân ken de tradysje folslein oare helpers. Dêr wurdt Sinteklaas net beselskippe troch Swarte Piten mar troch ingels.

Broer fan Sinteklaas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarp Grou fiere se it feest fan Sint Piter, de broer fan Sinteklaas. Sint Piter komt op de sneon foar 21 febrewaris, syn nammedei, nei Grou ta.

By it sykjen op it ynternet nei Frysktalige Sinteklaasferskes út it ferline, komme der mar in stikmannich foar it ljocht.

  • 'Swarte Pyt soe út fytsen' – wie om 1940 hinne al bekend
  • 'Sinteklaes op it hynder' (J.K. Dykstra) - boekje út 1945 fan E.S. de Jong
  • 'Sinteklaes Kapoentsje' (folksmûle) - boekje út 1945 fan E.S. de Jong
  • Yn 2008 hat de Stifting Warber Fryslân in kompaktskiif útbrocht mei 21 ferskes (10 besteande oersettings út it Nederlânsk en 11 folslein nije nûmers).

Op de Westfryske eilannen binne der hiel oare tradysjes mei it Sinteklaazjen, dy't net op it hjoeddeiske Sinteklaasfeest fan de fêstewâl lykje. Sa hawwe se op Teksel de Ouwe Sunderklaas (ien wike nei de gewoane Sinteklaas), op Skylge de Sunderums, op It Amelân Sunneklaas en op Skiermûntseach de Klozums.

earste printinge 1850

Tradysje en diskusje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste printinge fan it boekje ‘St Nicolaas en zijn knecht’ fan Schenkman wurdt de feint ôfbylde as in Moar. It liket derop dat de skriuwer oanheakket by in besteande situaasje. Sa wurdt yn 1862 al yn in Frânsktalich boek út Belgje ferhelle fan Sinteklaas dy’t mei ‘le More’ oer de dakken rydt. By de lettere printingen fan Schenkmans boekje wurdt dy Moar stadichoan mear in soarte fan paazje, sa’t dy yn de heechste kringen húsriem wie.

Om’t dy stereotipe paazje guon Nederlanners tefolle oan de slavernij tinken docht, is der sûnt it begjin fan de 21e iuw in aksjegroep dwaande om dy stereotyp oanpast te krijen. Yn de media en in soad grutte doarpen en stêden is de Swarte Pyt no oanpast ta in pyt mei roetfegen. By Sint Piter is sûnt 2020 de Swarte Pyt ferfongen troch in steampunk-figuer, Aldemar.


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]