Sunneklaas
Sunneklaas is in jierliks feest en in tradysje op de waadeilannen, it wurdt it meast fierd op it Amelân. It feest is in heidensk midwinterfeest wêrmei't de kweageasten fuortjage wurde. It wurdt fierd ynstee fan it hjoeddeiske Sinteklaasfeest. It Sunneklaas- en oare maskeradefeesten wurde wol sjoen as foarrinners fan it hjoeddeiske Sinteklaasfeest. Hja soene weromgean op de Wylde Jacht of it Wylde Hear.
It Sunneklaasfeest hâldt yn dat manlju âlder as achttjin jier harren ferklaaie en mei in protte herje de kweageasten fuortjeie. Bern en froulju bliuwe binnen. Underdiel fan it spul is it 'tuuntjeslupen'[1], dêrby slûpe froulju fan it iene hûs nei it oare, dy rinne dêrby wol it risiko dat se nei hûs ta 'kneppele' wurde. Boppedat mei der gjin ljocht út de huzen wei nei bûten ta skine. Oan de ein fan de dei, om tolve oere wurde de maskers ôfset en makket eltsenien him bekend. Op It Amelân wurdt it spul twa kear spile. Op 4 desimber binne de jonges fan tolve oant en mei santjin jier en op 5 desimber de manlju fan achttjin jier en âlder oan bar. Yn Hollum en Ballum wurdt it feest Sunneklaas en yn Nes en Bueren Sunterklaas neamd.
De feesten wurde sa min mooglik yn de wykeinen fierd. Sadwaande komme der mar in bytsje minsken fan bûten op it feest ôf, wêrtroch't de tradysje yn stân bliuwe kin.
Nammen en datums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op alle eilannen wurdt it feest oars neamd en hat it feest op in oare datum plak.
Eilân | Namme | Datum |
---|---|---|
Tessel | Ald-Sunderklaas | 12 desimber |
Flylân | Omklaaie | - |
Skylge | Sunderum | 6 desimber |
It Amelân | Sunneklaas | 4 en 5 desimber |
Skiermûntseach | Kloseren | Wurdt alle jierren fêststeld, bûten it wykein om. |
Boarkum | Klóósōm[2] | yn de nacht fan 5 op 6 desimber |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |