Wylde Jacht
De Wylde Jacht is motyf dat histoarysk foarkomt yn 'e folkloare fan West- en Midden-Jeropa en Skandinaavje. Yn sokke leginden en sêgen raast in spûkeftige groep jagers op hynders en beselskippe troch grutte jachthûnen yn it tsjuster troch de nacht. De jagers kinne elven of oare ierdgeasten wêze, of de skimen fan 'e deaden. De Wylde Jacht komt oarspronklik út 'e Germaanske mytology, dêr't de lieder de god Weda wie. Yn folksferhalen út 'e lettere folkloare waard syn plak ek wol ynnommen troch oare figueren: benammen de geasten fan 'e as kweadaardich beskôge deaden, mar ek wol oare mytyske personaazjes of soms de duvel sels. It sjen fan 'e Wylde Jacht waard beskôge as in faai teken, dat de foarbea fan swierwaar, oarloch of de pest wêze koe, of in foartsjirmerij dy't it ferstjerren oankundige fan dejinge dy't it sjoen hie. De earste wittenskiplike behanneling fan 'e Wylde Jacht waard yn 1835 op skrift steld troch de Dútske folklorist Jacob Grimm yn syn Deutsche Mythologie.
Neiere omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wylde Jacht is in jachtstaasje fan 'e op hynders geande skimen fan 'e ferstoarnen, beselskippe fan in lûde en âljende kloft grutte, gefaarlike, boppenatuerlike jachthûnen. It ferskynsel komt oarspronklik út 'e mytology fan it Germaanske heidendom, hoewol't yn 'e Keltyske mytology in selde motyf bestiet. De lieder fan 'e Wylde Jacht wie fan oarsprong de god Weda (ek bekend as Woadan of Odin). Dyselde stoarme oan it haad fan in razende en jammerjende kloft fan sneuvele krigers oer de wrâld, bewuolle yn wolkensflarden, syn antlit mei it iene each beduten troch in fier foaroerlutsen sloppe hoed, en yn 'e rjochterhân syn nea-missende spear Gungnir. Yn guon fan 'e âlde myten siet de Wylde Jacht de wolf Fenrir nei, dy't de sinne opsnaske hie (mei as gefolch dat it nacht wurden wie). Der bestiene regionale ferskillen yn 'e ferhalen; sa waard yn beskate dielen fan Sweden sein dat Odin, fanwegen syn status fan ealman (as kening fan 'e goaden) net op in hynder, mar yn in karre ride soe.
Yn lettere tiden waarden de leden fan 'e Wylde Jacht manlju, froulju en bern ornearre te wêzen dy't troch geweld oan har ein kommen wiene. Neffens guon ferhalen koene lju dy't harsels op it paad fan 'e Wylde Jacht fûnen, harren geast of siel kwytreitsje trochdat dy út harren skuord waard om by it jachtselskip foege te wurden. Ek leaude men wol dat de Wylde Jacht bestie út in kloft elven of oarsoartige ierdgeasten, en dat lju dy't de Wylde Jacht tsjinkamen, ûntfierd waarden nei de elvewrâld.
Yn sokke lettere folksferhalen ferlear de Wylde Jacht syn konneksje mei Weda en waard as lieder fan it jachtselskip in oar mytysk personaazje of de duvel sels oanwiisd, of ek wol de omdoarmjende geast fan in minske dy't by syn libben bekend stien hie om syn kweadaardigens of wreedheid. Foarbylden binne kening Arthur (benammen yn Bretanje), Gwyn ap Nudd (yn Wales), de mytyske Herla, de Saksyske rebel Eadric de Wylde, de wâldgod Herne de Jager of de seerôver sir Francis Drake (yn Ingelân), de út 'e hel ûntsnapte abbekaat Jan Tregeagle (yn Cornwall), kening Waldemar Atterdag (yn Denemark), de Goatyske kening Teodoarik de Grutte (yn Lombardije), greve Arnau (yn Kataloanje), Berchtold, Dietrich fan Bern, Holda (Frou Holle), Perchta, de Erlkönig, de jonker fan Rodenstein of Hans von Hackelberg (yn it Dútske taalgebiet), Fionn mac Cumhaill of de seegod Manannán (yn Ierlân), Gait mei de Hunties, Derk mei de Hunties, het Glujende Peerd of Bommebearend (yn Nederlân). Ek bibelske figueren lykas Heroades Antipas, Kaïn of Herodias waarden wol as lieder fan 'e Wylde Jacht oantsjut. En yn 'e Midsiuwen krige soms in hillige de rol fan oanfierder taparte, lykas Nikolaas fan Myra (Sinteklaas) en syn feint Rûprecht of Martinus fan Tours (Sint-Marten).
As ferskynsel iepenbiere de Wylde Jacht him oarspronklik benammen mei jûl. Dat is it Germaanske sinnekearfeest om 'e koartste dei fan it jier hinne (dêr't letter it kristlike krystfeest út ûntstien is). Mooglik wiene der ek noch ferskinings letter yn 'e winter, oan 'e Germaanske maitydsevening ta (dy't rûchwei oerienkomt mei it kristlike peaskefeest). Yn lettere, kristlike tiden waard de Wylde Jacht sterk assosjearre mei alderheljen (en dêrom tsjintwurdich mei Halloween), as de ôffredings tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden op syn tinst binne. Minsken bearden it lûd fan de Wylde Jacht wol nei troch bygelyks op in oksehoarn te blazen. Sa koe de jagers fan 'e Wylde Jacht help bean wurde yn har efterfolging fan Fenrir. Mar meastal waard ynstee beskûl socht, mei't it sjen fan 'e Wylde Jacht ûngelok bringe soe foar de taskôgers. It spûkgûlen fan hûnen en wolven wurdt wol yn ferbân brocht mei de Wylde Jacht.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As folkloristysk motyf waard de Wylde Jacht foar it earst beskreaun troch de Dútske folklorist Jacob Grimm, yn syn boek Deutsche Mythologie, út 1835. It wie Grimm dy't de oantsjutting Wilde Jagd optocht en popularisearre, dy't neitiid yn withoefolle oare talen oernommen waard (Wylde Jacht, Wilde Jacht, Wild Hunt, Vilde Jagt, Cacería Salvaje, ensfh.). De metodologyske oanpak fan Grimm hie syn woartels yn 'e opfetting (yn 'e njoggentjinde iuw frij algemien oannommen) dat de doetiidske folkloare sjoen wurde koe as it 'fossilisearre' (dus ûnferoarlik werjûn) oerlibjen fan ideeën en leauwenseleminten út it fiere ferline. Sadwaande smiet er yn syn behanneling fan 'e Wylde Jacht resinte folkloristyske boarnen op ien bulte mei tektueel bewiismateriaal út 'e Midsiuwen en de Renêssânse. Op dy oanpak waard yn 'e tweintichste iuw in protte krityk utere, doe't men foar it ferstân krige dat folkloare in dynamysk ferskynsel is dat him oanhâldend fierder ûntwikkelet.
Grimm ynterpretearre de Wylde Jacht as in ferskynsel mei in pre-kristlike oansprong. Fierders riddenearre er dat de manlike oanfierder fan it jachtselskip, dy't yn 'e folkloare in protte ferskillende, faak regionaal bepaalde nammen hie, in oerlibjen yn it folksleauwe fertsjintwurdige fan 'e god Weda, dy't "syn sympatike karakter en syn hast bekende trekken ferlern hie en de skaaimerken fan in tsjustere en skriklike macht oannommen hie […], in geast en in duvel." Grimm wie fan tinken dat de manlike lieder fan 'e Wylde Jacht soms ferfongen waard troch in froulike wjergader, dy't er oantsjutte as Holda, Berchta of frau Graude. Hy skreau: "Net inkeld Wuotan en oare goaden, mar ek heidenske goadinnen kinne de razene kliber oanfiere: de wylde jager giet oer yn it wâldwyfke, Wôden yn frau Graude." Dêr heakke er oan ta dat nei syn miening dat froulike figuer de oarehelte fan Weda wie, wat betsjutte soe dat it in ferzje fan 'e goadinne Frigga is.
De Eastenrykske germanist Otto Höfler hat mei grutte wissichheid fêststeld dat de Wylde Jacht foar in grut part werom te fieren is op it ferearjen fan ferstoarne foarâlden troch krigers dy't har by krigersferbannen oansleaten dy't oan Weda wijd wiene. De Nederlânske germanist en etnolooch Jan de Vries mient dat de Wylde Jacht dêrneist ek eleminten út 'e Noardske mytology ynkorporearre hat, lykas de einherjar: sneuvele krigers dy't troch walkueren útkard wiene om har yn it Walhalla, it paleis fan Odin, ta te rieden op Ragnarök, de ein fan 'e tiden. De Vries ferwiist ek nei de Romeinske skriuwer Tasitus, dy't yn syn De Origine et Situ Germanorum de Germaanske stamme fan 'e Harii beskriuwt. Hy neamt dêrby de yn it swart ferve Germaanske krigers feralis exercitus, "it leger fan 'e deaden".
Oare talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oare talen is der in grut ferskaat oan ferwizings nei de Wylde Jacht. Sa wurdt yn it Nederlânsk ek wol spruten fan it Wilde Heer. Yn it Dútsk brûkt men dy oantsjutting ek wol, mar wurdt ek wol sein fan Wuotanes Heer ("Weda's Leger"). Yn Skandinaavje wurdt de Wylde Jacht wol Odens Jakt, Odens Hundar, Oskorei, Jolareidi of Åsgårdsrei neamd.
De Wylde Jacht en Sinteklaas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet in teory dat eleminten út 'e Wylde Jacht letter oernaam binne yn 'e Sinteklaasleginde. De sek fan Sinteklaas foar de stoute bern hat in protte oerienkomsten mei it saneamde skrobearringsrjocht fan 'e Germaanske krigersferbannen, dy't in foarmjende en korrizjearjende taak yn 'e mienskip hiene. It deadeleger fan swarte krigers soe model stien hawwe foar de Swarte Piten fan tsjintwurdich. It soe ek dúdlik meitsje wêrom Sinteklaas oer de dakken riidt en pakjes yn 'e skoarstiennen goait, wat yn 'e winter mei it fjoer oan dochs net it beste plak wêze kin foar sokke presinten. Tankoffers, oan 'e oare kant, waarden fan âlds al yn it fjoer smiten, en dat fjoer soe letter ferfongen wêze troch de iepen hurd. De Krystman riidt in syn fleanende slide, lutsen troch rindieren, op krystjûn troch de loft om kadootsjes te bringen. Ek dat hat oerienkomsten mei de Wylde Jacht.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|
- Germaanske mytology
- Germaansk heidendom
- Noardske mytology
- Keltyske mytology
- Belgyske folkloare
- Bretonske folkloare
- Deenske folkloare
- Dútske folkloare
- Eastenrykske folkloare
- Fêreuske folkloare
- Frânske folkloare
- Ierske folkloare
- Ingelske folkloare
- Yslânske folkloare
- Italjaanske folkloare
- Lúksemboarchske folkloare
- Nederlânske folkloare
- Noarske folkloare
- Spaanske folkloare
- Sweedske folkloare
- Switserske folkloare
- Welske folkloare
- Weda
- Leginde
- Jacht
- Fiktive hûn