Spûkgûlen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Mei de oantsjutting spûkgûlen (âlde stavering: spoekgûlen) wurdt ferwiisd nei de fokalisaasjes fan beskate hûneftigen. Yn 'e regel giet it dêrby om fokalisaasjes fan 'e grize wolf, de hûn (dy't fan 'e grize wolf ôfstammet) of (yn allinne yn Noard-Amearika) fan 'e prêrjewolf. Soms wurde ek de fokalisaasjes fan foksen sa oantsjut. Yn oare dielen fan 'e wrâld kin it om oare hûneftigen gean, lykas yn Afrika om 'e hyenahûn, yn Afrika en dielen fan Aazje om ien fan 'e ûnderskate soarten jakhalzen en yn Austraalje om 'e dingo.

Spûkgûlen dogge hûneftigen, benammen wolven, oer it algemien by nacht; dêrom sprekt men soms ek wol fan 'gûlen nei de moanne'. By spûkgûlen rjochtsje de bisten de kop omheech en bringe dan in heechtoanich gejank fuort dat fier draacht. Sok spûkgûlen wurdt faak yn groepen dien (by wolven) en oare bisten fan deselde soarte hawwe faak de oanstriid om te 'antwurdzjen' as se yn 'e fierte spûkgûlen hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: