Hûneftigen

Ut Wikipedy
Hûneftigen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: echte hûndieren (Cynoidea)
famylje: hûneftigen (Canidae)
Fischer de Waldheim, 1817

De hûneftigen (wittenskiplike namme: Canidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûn, wolf, foks, jakhals, prêrjewolf en in grut tal oare, minder bekende bistesoarten. De hûneftigen kinne ûnderferdield wurde yn 'e libbene ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae) en de útstoarne ûnderfamyljes fan 'e Borophaginae en de Hesperocyoninae. De echte hûneftigen wurde fierder opspjalten yn 'e tûken fan 'e echte hûnen (Canini), de echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini).

Taksonomyske skiednis en fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hûneftigen hawwe in lange skiednis, dy't weromgiet oant it Eoseen, sa'n 50 miljoen jier lyn, doe't de rôfdieren (Carnivora) har opspjalten yn 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia). De earste wiere hûneftigen ûntjoegen har ûnder it Oligoseen, sa'n tsien miljoen jier letter. Tsjin dy tiid wie ek de skieding tusken de echte hûneftigen, de Borophaginae en de Hesperocyoninae ta stân kommen. Hûneftigen binne lânseigen op alle wrâlddielen, mei útsûndering fan Antarktika.

De fluktuaasje fan it tal libbene soarten hûneftigen yn 'e lêste 40 miljoen jier.

Lichaamlike eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hûneftigen fariëarje yn grutte fan 'e grize wolf, dy't 2 m lang wêze kin, oant de fennek, in Afrikaanske foksesoart, fan mar 24 sm lang. Lichaamlik wurde se karakterisearre troch in lange, foarútstykjende snút, rjochtopsteande earen dy't likernôch boppe-op 'e kop pleatst binne, tosken dy't har ûntjûn hawwe foar it brekken fan bonken en it snijen fan fleis, en in plommige sturt. Mei harren relatyf lange skonken en grutte úthâldingsfermogen binne se treflik oanpast oan 'e jacht op proaidieren op 'e iepen flakten. De measte hûneftigen hawwe fiif teannen oan 'e foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Harren klauwen kinne, oars as by kateftigen, net ynlutsen wurde. De mantsjes beskikke oer in útskobere penisbonke.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien binne hûneftigen sosjale bisten, dy't gearlibje yn famyljetroepen of yn lytse ridels fan ûnderling net drekt besibbe eksimplaren. Hja wurkje almeast gear by de jacht, it grutbringen fan 'e jongen en oare aktiviteiten, en kommunisearje mei-inoar troch it ôfsetten fan geursynjalen en mei fokalisaasjes lykas spûkgûlen. Ien hûneftige, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast foarkommende húsdieren.

De reade wolf (Canis rufus).
De prêrjewolf (Canis latrans).
De moannewolf (Chrysocyon brachyurus).
De Abessynske wolf (Canis simensis).
De goudjakhals (Canis aureus).
De Aziatyske wylde hûn of dhole (Cuon alpinus).
De hyenahûn (Lycaon pictus).
De boskhûn (Speothos venaticus).
De poalfoks (Vulpes lagopus).
De grize foks (Urocyon cinereoargenteus).
De fennek (Vulpes zerda).
De waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides).

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en General references, op dizze side.