Echte hûneftigen

Ut Wikipedy
Echte hûneftigen
De reade wolf (Canis rufus).
De reade wolf (Canis rufus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
Fischer von Waldheim, 1817

De echte hûneftigen (Latynske namme: Caninae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, foksen, jakhalzen, prêrjewolven en in grut tal oare, minder bekende bistesoarten.

De echte hûneftigen wurde ûnderferdield yn 'e tûken fan 'e echte hûnen (Canini) en de echte foksen (Vulpini). Echte hûneftigen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien echte hûneftige, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.

De prêrjewolf (Canis latrans).
De moannewolf (Chrysocyon brachyurus).
De Abessynske wolf (Canis simensis).
De hyenahûn (Lycaon pictus).
De foks (Vulpes vulpes).
De poalfoks (Vulpes lagopus).

Underfamylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.