Echte hûnen
Echte hûnen | ||
![]() | ||
De reade wolf (Canis rufus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
famylje: | hûneftigen (Canidae) | |
ûnderfamylje: | echte hûneftigen (Caninae) | |
tûke: | echte hûnen (Canini) | |
Fischer von Waldheim, 1817 |
De echte hûnen (Latynske namme: Canini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, jakhalzen, prêrjewolven en in stikmannich oare, minder bekende bistesoarten.
Binnen de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen, dy't opboud is út twa tûken, ûnderskiede de echte hûnen har fan 'e echte foksen (Vulpini), troch in breder ferskaat oan lichemsgrutte, in minder spitse snút en minder grutte earen. Echte hûnen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien lid fan dizze tûke, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.
![]() De grize wolf (Canis lupus). |
![]() De prêrjewolf (Canis latrans). |
![]() De Aziatyske wylde hûn of dhole (Cuon alpinus). |
![]() De hyenahûn (Lycaon pictus). |
Tûke-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en General references, op dizze side. |