Motyf (literatuer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Yn de literatuer wurdt motyf brûkt yn in nauwe en in romme betsjutting.

Yn romme sin slacht it op in ûnderwerp dat yn ferskate literêre wurken, faak yn hiel ferskillende tiden, behannele wurdt. Bygelyks it motyf fan de heitemoard, it ûnbewenne eilân, de man op de moanne, ensafh.

Yn de ferhaalanalyse wurdt motyf yn de nauwere betsjutting brûkt. It gjit dan om in foarwerp, ferskynsel, barren dat meardere kearen yn in ferhaal foarkomt en in mear as gewoane (symboalyske) betsjutting hat.

Dan is der ek noch de term liedmotyf (Dútsk: Leitmotiv). Der wurdt fan liedmotyf sprutsen as beskate wurden of wurdkombinaasjes (dy't faak oer in personaazje geane) yn de tekst geregeld werhelle wurde. Dat betsjut net dat elke wurdwerhelling in liedmotyf is. It is pas in liedmotyf at dy werhelling begjint op te fallen. De term komt út de muzyk.