Einherjar

Ut Wikipedy
Walhalla, in skilderij fan Emil Döpler út 1905.

De einherjar (Aldnoarsk foar "ienmans leger") binne yn 'e Noardske mytology krigers dy't op it slachfjild sneuvele binne en dêrnei troch de walkueren útornearre binne om nei it Walhalla brocht te wurden. Dat is it hjirneimels fan 'e god Weda of Odin (Aldnoarsk: Óðinn), dat de foarm hat fan in reuseftige feestseal. De einherjar bringe dêr de tiid troch mei it oefenjen fan harren kriichskeunst foar de takomstige striid fan Ragnarök op it fjild fan Vígríðr, wannear't de wrâld sa't dy no bestiet ûndergean sil yn 'e oarloch tusken goaden en meunsters. Yn dat ramt befjochtsje de einherjar it skriklike bist Sæhrímnir, dat eltse jûn op 'e nij ta libben komt. Tuskentroch fiere se feest mei iten en it drinken fan mea (in sterke drank makke fan fermintearre hunich), dy't yn it hjirneimels streekrjocht út it jaar fan 'e geit Heiðrún molken wurdt. De mea wurdt harren servearre troch de walkueren.

De einherjar binne benammen bekend út 'e Poëtyske Edda, dy't yn it trettjinde-iuwske Iislân gearstald waard út tradisjonele dichterlike boarnen dy't earder mûnling oerlevere wiene, en út 'e Proaza-Edda, dy't ek yn 'e trettjinde iuw skreaun waard troch de Iislânske skald Snorri Sturluson. Oare, minder bekende boarnen foar de einherjar binne it gedicht Hákonarmál fan 'e tsiende-iuwske skald Eyvindr skáldaspillir, dat letter opnommen waard yn 'e Heimskringla, en in kûplet fan in anonym tsiende-iuwsk gedicht, it saneamde Eiríksmál, dat de dea fan 'e Noarske kening Earik Bloedbile betinkt, en dat no diel útmakket fan 'e Fagrskinna. Etymologysk bestiet der in ferbân tusken de einherjar en de Haren of Harii, in Germaansk folk of mooglik figueren út 'e iere Germaanske folkloare dy't foar it earst yn Romeinske boarnen út 'e earste iuw neamd wurde. Moderne wittenskippers hawwe de einherjar ek yn ferbân brocht mei de ivige slach by Hjaðningavíg en mei it ferskynsel fan 'e Wylde Jacht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.