Sneuveljen

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Sneuvele")
Gean nei: navigaasje, sykje

It sneuveljen of it fallen yn 'e striid, fallen op it slachfjild, ensfh., is it ferstjerren fan in persoan as gefolch fan ynterpersoanlik geweld yn it ramt fan in oarlochssitewaasje. Immen dy't sneuvele is, wurdt in sneuvelde of fallene neamd. Sokken binne faak leden fan 'e striidkrêften, mar ek boargers kinne yn in oarloch sneuvelje.

Yn Ingelsktalige lannen sprekt men foar militêren dy't sneuvele binne fan killed in action, letterlik "deade yn aksje", of frij fertaald "omkommen op it slachfjild". Dizze term wurdt faak ôfkoarte ta KIA. Troch de militêre gearwurking yn 'e NATO, dêr't it Ingelsk de fiertaal is, binne dy termen sûnt de 1980-er jierren ek it militêre jargon fan 'e striidkrêften fan net-Ingelsktalige lannen (lykas Nederlân) binnenkrongen. In oanbesibbe term is died of wounds (DOW), letterlik: "stoarn oan wûnen", wêrmei't ferwiisd wurdt nei immen dy't in militêre konfrontaasje oerlibbe hat mar letter oan 'e oprûne ferwûnings ferstoarn is. De NATO brûkt dêrfoar de ôfkoarting DWRIA, dat stiet foar died of wounds received in action: "stoarn oan wûnen oprûn op it slachfjild".

De fallenen, alteast dejingen dy't yn resinte oarloggen sneuvele binne, wurde faak betocht by plechtige betinkings, lykas de Deadebetinking, elts jier op 4 maaie, as yn Nederlân dejingen betocht wurde dy't sneuvele binne yn 'e Twadde Wrâldoarloch en alle militêre konflikten dêr't Nederlân nei 1945 oan dielnommen hat. In soad lannen hawwe fierders in Grêf fan de Unbekende Soldaat, dêr't bûtenlânske steatshaden en regearingslieders by steatsbesiken in roukrâns lizze kinne ta oantins oan 'e sneuvelden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.