Springe nei ynhâld

Spûk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skym)
Spûkferskining yn it Hûs fan antlitten yn Spanje.

In spûk of skym is in geast dy't foar ûnferklearbere dingen soarget.

Der besteane in soad sêgen oer spûken. Se komme al foar yn Fryske boarnen út de Midsiuwen. Noch 1729 skriuwt Ulrik Huber yn Hedendaegse Regtsgeleartheyt , dat in 'om spookerij ende nickers rasery' flechte boer sterk stiet, as hy mei tsjûgen bewize kin dat hy net sûnder reden it pachte hûs ferlitten hat. It Fryske folksleauwe hat in grut ferskaat oan spûken: pleachbist, wite en swarte juffer, kopleaze bisten as foalle, hynder, keal, hûn en kat; lokale spûken en tafallige ferskiningen.

De reden wêrom it spûket, koe wêze: moard, selsmoard, ferbergjen fan stellen guod, in net neikomd ûnthjit of in ferjitten deadshimd foar in ferstoarne. Faak wurdt der gjin reden neamd. Der besteane in soad middels om spûken te ferdriuwen, mar faak moast der in duvelbanner by komme.

It spûk fan Feanwâlden hat neffens it ferhaal syn jild ferside brocht mei help fan de duvel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: