Walkuere
In walkuere is in mytysk wêzen út 'e Noardske mytology, yn 'e foarm fan in frou mei boppenatuerlike krêften. Walkueren komme faak yn trijetallen of gruttere groepen foar en wurde sterk assosjearre mei oarloch en it slachfjild. Neffens de Noardgermaanske myten kieze hja de helte fan 'e krigers dy't yn 'e striid sneuvelje út om it hjirneimels troch te bringen as einherjar (Aldnoarsk foar "ienris-fjochters") yn it Walhalla, it paleis of langhûs fan 'e god Odin. (De oare helte fan 'e sneuvelen giet nei Fólkvangr, dêr't de goadinne Freyja it foar it sizzen hat.) Yn it Walhalla riede de einherjar har ta op 'e striid fan Ragnarök, dy't oan 'e ein fan 'e tiden ta de ûndergong fan 'e wrâld liede sil. Tuskentroch skoftsje se troch feest te fieren, wêrby't de walkueren oan harren mea servearje. Walkueren komme yn 'e myten ek foar as de minneressen fan helden en oare stjerlike manlju, wêrby't se soms beskreaun wurde as de dochters fan keningen of oare eallju, en soms assosjearre binne mei ravens of swannen of hynders.
Etymology en synonimen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd walkuere komt fan it Aldnoarske valkyrja (meartal: valkyrjur), dat gearstald is út twa dielen: it haadwurd valr ("fallenen") en it tiidwurd kjósa ("kieze"). Mei-inoar bestjut 'walkuere' dus: "kiezer fan 'e fallenen". De Aldnoarske term valkyrja is besibbe oan ûnder mear it Angelsaksyske wurd wælcyrge. Ut dy beide wurdfoarmen hat taalkundige Vladimir Orel de oarspronklike, Oergermaanske foarm *wala-kuzjōn rekonstruëarje kinnen. It is lykwols mooglik dat wælcyrge net in oarspronklik Aldingelsk wurd is, mar in lienwurd út it Aldnoarsk.
Synonimen foar walkueren út Aldnoarske boarnen binne óskmey ("winskfaam"), dat neamd wurdt yn it gedicht Oddrúnargrátr, en Óðins meyjar ("Odins tsjinstfammen"), sa't se yn 'e Nafnaþulur, yn ûnderdiel fan it Skáldskaparmál, neamd wurde.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Walkueren komme foar yn:
- de Poëtyske Edda, in dichtbondel dy't yn 'e trettjinde iuw gearstald waard út eardere boarnen;
- de Proaza-Edda en it Heimskringla, beide yn 'e trettjinde iuw skreaun troch de skald Snorri Sturluson;
- de sêge Njáls Saga, ek út 'e trettjinde iuw;
- it fragmintarysk oerlevere njoggende-iuwske gedicht Hrafnsmál;
en ferskate oare wurken fan skaldyske poëzij en guon rune-ynskripsjes.
Yn 'e Poëtyske Edda wurde yn 'e gedichten Völuspá en Grímnismál listen fan walkueren jûn. Yn it Völuspá wurde Skuld ("skuld"), Skögul ("skodster"), Gunnr ("oarloch"), Hildr ("striid"), Göndul ("stôkfjochtster") en Geirskögul ("spearskodster") neamd. Yn it Grímnismál wurde fierders noch neamd: Hrist ("skodster"), Mist ("wolk"), Skeggjöld ("bile-âldens"), Þrúðr ("macht"), Hlökk ("lawaai" of "striid"), Herfjötur ("leger-boeiens"), Göll ("trelit"), Geirahöð ("speargefjocht"), Randgríð ("skyld-bestân"), Ráðgríð ("riedsbestân") en Reginleif ("machtsbestân"). Ferskate oare walkueren wurde inkeld bûten de listen om neamd, lykas Hlaðguðr svanhvít ("swanwyt"), Hervör alvitr ("al-wiis") en Ölrún ("bier-rune") yn it gedicht Völundarkviða, Sváfa yn it gedicht Helgakviða Hjörvarðssonar en Sigrún ("oerwinningsrune") yn 'e gedichten Helgakviða Hundingsbana I en Helgakviða Hundingsbana II.
Yn 'e Proaza-Edda wurde yn it boek Gylfaginning de walkueren Gunnr, Róta en Skuld neamd. Yn it boek Skáldskaparmál, dat ynformaasje jout oer skaldyske poëzij, wurde neamd: Hildr, Skögul, Gunnr, Hlökk, Göndul, Mist, Hrund, Eir en Hrist. Yn guon ferzjes fan 'e Proaza-Edda omfiemet de paragraaf Nafnaþulur fan it Skáldskaparmál in útwreide list mei 29 nammen fan walkueren: Hrist, Mist, Herja, Hlökk, Geiravör, Göll, Hjörþrimul, Guðr, Herfjötra, Skuld, Geirönul, Skögul, Randgníð, Rádgríð(r), Göndul, Svipul, Geirskögul, Hildr, Skeggjöld, Hrund, Geirdriful, Randgríð(r), Þrúðr, Reginleif, Sveið, Þögn, Hjalmþrimul, Þríma en Skalmöld. Yn 'e sêge Njáls Saga wurde as walkueren Hildr, Hjörþrimul, Sanngríðr, Svipul, Guðr en Göndul neamd. Yn 'e Hrómundar Saga Gripssonar wurdt fierders noch Kára neamd.
In protte nammen fan walkueren lizze de klam op bannen mei striid en oarloch, en faak ek mei de spear, in wapen dat sterk assosjearre wurdt mei de god Odin. Guon saakkundigen hawwe foarsteld dat de nammen fan 'e walkueren gjin individualiteit befetsje, mar ynstee bedoeld wiene as beskriuwings fan 'e skaaimerken en it karakter fan sokke oarlochsgoadinnen, en mooglik sels optinksels binne fan 'e skalden út 'e Lette Midsiuwen. Oan 'e oare kant besteane der ek teoryen dat alteast guon fan 'e nammen ferwize nei de rollen en fermogens fan 'e walkueren. Sa soe de namme fan 'e walkuere Herja ferwize kinne nei in bân mei de goadinne Hariasa, dy't bekend is fan in ynskripsje yn in stien út it jier 187. De namme Herfjötur soe ferwize kinne nei it fermogen fan 'e walkueren om stjerlingen te binen, de namme Svipul soe wize kinne op 'e ynfloed fan 'e walkueren oer it lot.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|