Springe nei ynhâld

Frija

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Freyja)
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Freya en har katten, 1865
Freya troch J. Doyle Penrose (1862-1932)

Freija, ek wol Frea, Freya of Freyja neamd, is de Noardske goadinne fan de fruchtberens, de leafde en de gleonens. Hja wie by de Friezen in wichtige god en waard by sawat alle Germaanske folken op deselde wize fereare. Yn guon tiden en gebieten waard Freya beskôge as deselde goadinne as Frigg, wêrtroch't hja dan ek goadinne fan it houlik waard.

Wat de Fryske god Frija oanbelanget binne wy tige min ynformearre, omdat de Friezen út it tiidrek fan de tsjustere midsiuwen yn de 7e en 8e iuw harren goaden loslieten en oerstapten op it kristlike leauwen. Fan dy perioade is amperoan wat bekend omdat skriftlike boarnen ûntbrekke. Foar mear ynformaasje moatte wy liene by oare Germaanske folken dêr't wol mear fan bekend is, benammen fan de Noarske Germanen.

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 41.