Habtamu de Hoop

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Habtamu de Hoop
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Habtamu de Hoop.jpeg
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 16 april 1998
berteplak Addis Abeba (Etioopje)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
partij PvdA
gemeenteriedslid fan Súdwest-Fryslân
amtsperioade 20172022

Habtamu de Hoop, troch syn freonen 'Hab' of 'Happy' neamd, (Addis Abeba, 16 april 1998)[1] is in Frysk politikus en presintator. Yn 2017 waard er it jongste gemeenteriedslid fan Súdwest-Fryslân. Yn 2018 naam er dêrnjonken in baan oan as presintator fan it tillefyzjeprogramma Het Klokhuis.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Habtamu de Hoop waard yn 1998 berne yn Addis Abeba, de haadstêd fan Etioopje, dêr't er troch syn biologyske âlden sûnder fierdere gegevens te fûnling lein waard by in kafee.[2] Hy waard fûn troch in pear plysjes, dy't him by in weeshûs brochten.[1] Doe't er acht moannen âld wie, waard er oannommen troch syn wiere, Fryske, âlden,[1][3] Emke en Tineke de Hoop.[1] Syn foarnamme, dy't him jûn waard yn it weeshûs dêr't er telâne kaam, betsjut yn it Amhaarsk (de offisjele taal fan Etioopje): "Ryk oan Libben",[4] en is yn Etioopje in hiel gongbere namme.[1] De Hoop wit net wannear't er berne is, mar hy fiert syn jierdei op 16 april.[1] Hy hat in jongere broer, Solomon, dy't ek út Etioopje wei oannommen is.[1] Hy groeide op yn it Greidhoekster doarp Wommels, dêr't er Frysktalich grutbrocht waard. De Hoop trochrûn de middelbere skoalle oan 'e RSG Magister Alvinus, yn Snits.[1][5]

De Hoop is tige sportyf,[1] en wie yn syn jonkheid de stjerspiler fan fuotbalklub SDS, út Easterein. Yn 2016 hie De Hoop, dy't ek in fanatyk keatser is, de haadrol yn it Omrop Fryslân-tillefyzjeprogramma Keatsen foar Dummies. Letter wurke er mei oan in oar Omrop Fryslân-programma, The Battle,[6][7] en fierders wied er ek te sjen yn it VARA-programma Op Weg naar het Lagerhuis.[8] Ek De Hoop syn politike belutsenens oppenearre him al betiid. Sa died er as tiner mei oan it Frysk Jeugdparlemint, wêrby't de jongerein yn it Provinsjehûs fan Fryslân gearkomt om sabeare de provinsje te bestjoeren.[9]

Nei't De Hoop yn 2017 syn HAVO-diploma helle, sette er útein mei in oplieding sjoernalistyk oan 'e Hegeskoalle Windesheim yn Swol. By de ferkiezings dy't yn novimber 2017 holden waarden yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (om't Súdwest der in stik fan it âlde Littenseradiel, ynkl. Wommels, bykrige), kaam De Hoop op 'e kieslist fan 'e PvdA te stean. Doe't er in sit yn 'e gemeenterie wûn, wied er mei syn 19 jier it jongste riedslid fan Súdwest-Fryslân.[10][11] Underwilens sollisitearre De Hoop ek nei de baan fan nije presintator fan it NTR-programma Het Klokhuis, by de NPO. Dêrby wied er ien fan 'e 1.440 gadingmakkers.[12] Doe't er hearde dat er troch de seleksje hinne kommen wie, briek er yn april 2018 syn stúdzje ôf.[13][14] Fan oktober 2018 ôf is De Hoop njonken syn riedswurk twa dagen yn 'e wike warber foar de NPO.[15]
Simmer 2019 gie De Hoop by it Het Klokhuis wei. Letter wie er noch belutsen by de jeugdtinktank Coalitie-Y nei in oprop fan premier Mark Rutte oan de jongerein om belutsen te wêzen by it belied oangeande de koroanapandemy.[16]

Yn 2021 waard De Hoop as njoggende op de kandidatelist fan de Partij fan de Arbeid mei 10.092 stimmen yn de Twadde Keamer keazen. Hy waard sadwaande de jongste politikus yn de nije Keamer en it op twa nei jongste keamerlid út de Nederlânske parlemintêre skiednis. De Hoop syn portefuljes binne ûnderwiis, media, ynfrastruktuer en wettersteat.

Kommisjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hoop is lid fan de neifolgjende kommisjes yn de Twadde Keamer:[17]

  • Fêste kommisje foar Finânsjes
  • Fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat
  • Fêste kommisje foar Underwiis, Kultuer en Wittenskip
  • Fêste kommisje foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Bûtenlânske Saken (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Definsje (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Europeeske Saken (plakferfangend)
  • Fêste kommisje foar Keninkryksrelaasjes (plakferfangend)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: