Springe nei ynhâld

Looft den Heer (Bitgummole)

Ut Wikipedy

Looft den Heer is in brassband yn Bitgummole.

It befrijïngsfeest fan 15 maaie 1945 wie - neffens it notuleboek - de earste oanset ta it oprjochtsjen fan Looft den Heer. De skriuwer fan de earste oantekens jout yn in wurd foarôf in yndruk fan de minne jierren 1940 - 1945. Hy beslút mei de wurden: Gode zij dank voor onze bevrijding. Neffens de skriuwer wie it feest tige slagge op ien ding nei: Wij hadden geen eigen korps.

En sa wie der op tongersdei 17 maaie 1945 in gearkomste yn de konsistoarje fan de grifformearde tsjerke. Der wie in soad animo en tal fan nije leden joegen har op. Op de tredde gearkomste, 23 july 1945 waard in reglemint opsteld. Sadwaande is dy dei de offisjele oprjochtingsdatum wurden. Freed 12 oktober 1945 wie in 'grutte' dei: it ynstrumintarium kaam oan.

It debút fan it korps wie op 26 desimber 1945. It joech meiwurking oan de útfiering fan sjongferiening 'Halleluja'. Dat wie tige slagge en in soad leden tochten doe dat se der wiene. Dat foel ôf, want by de kommende repetysjes die bliken dat der noch gâns oefene wurde moast. Op 11 augustus 1948 die it korps foar it earst mei oan it konkoers. Yn de fjirde ôfdieling hellen se in earste priis mei 153 punten. Twa jier letter gong it noch better: in earste priis mei lof fan de sjuery foar de útfiering fan 'Stella'. Yn de jierren dy't folgen groeide it korps stadichoan troch nei de earste ôfdieling. Mar doe wie it dien. It korps hat der santjin jier oer dien om troch te streamen nei de ôfdieling 'uitmuntend'. En der hat in tiid west dat de iene krisis de oare jage. Der hat sels ris in briefke op it tsjerkeboerd hongen: 'Dringend gevraagd nieuwe leden voor Looft den Heer. Anders moeten wij ophouden te bestaan'. De fersterking kaam fan âld-leden fan it Britsumer korps dat krekt opdoekt wie.

Ek mei dy fersterking gong it noch net dat it slydjage. Yn 1962 feroare dat. Doe wiene de earste resultaten fan de muzykles te fernimmen. Dy lessen waarden yn eigen behear jûn troch beropskrêften yn oparbeidzjen mei de 'Fryske Kultuerried'. Soks late der ta dat der yn 1972 53 leden wiene. Dy muzyklessen hawwe it korps dan ek rêden, sterker noch: hja wiene de basis foar de lettere fleur fan it korps. Yn 1974 waard út ein set mei in jeugdkorps.

In wichtich momint yn de skiednis fan it korps wie de jiergearkomste fan 1983. Doe is besletten oer te skeakeljen fan fanfare nei brassband. De reden dêrta wie dat it in poepetoer wie om de besetting fan in fanfare goed op peil te hâlden. By in brassband soe soks makliker lizze. Boppedat wie der (doe) in gruttere karút oan muzykstikken foar brassband. En fierder wiene de te spyljen partijen foar gâns ynstruminten nijsgjirriger as yn in fanfare.

Yn 1984 waard Piet van der Heide dirigint fan it jeugdkorps en in jier letter ek fan it A-korps. Yn 1987 waard foar it earste meidien oan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en Looft den Heer waard daliks kampioen yn de fjirde difyzje (yndielings fan difyzjes/ôfdielings is by NBK oars as by provinsjale konkoersen). De jierren dêrnei wiene súksesfol, ek doe't de band promovearre nei de tredde difyzje. Yn dy difyzje hat de band ferskate kearen de kampioenstitel binnen helle.

Fan 1999 oant 2006 hat Jochem Hoekstra de muzikale lieding. Ek dy gearwurking is tige goed. Neist it alle jierren organisearjen fan ferskate konserten wêryn't de band it publyk neist in heech muzikaal nivo altyd wat mear biede wol, begelaat Looft den Heer geregeldwei tsjerketsjinsten. Hichtepunten ûnder Jochem Hoekstra binne û.o. it wurk 'Hinemoa' (NBK 2000 en Brassbandfestival Ljouwert 2001) en de kampioensoptredens op de Survento's fan 2000 en 2001. Boppedat mocht de band yn juny 2003 de earste priis meinimme by EuroBrass Drachten, in brassband-entertainment-festival dat de opfolger fan Survento is. Fierder is yn dizze perioade in trochgeande positive lijn te merkbiten by it jierliks meidwaan oan de NBK wat resultearre yn it kampioenskip fan de tredde difyzje yn 2003.

Yn 2006 wurdt Paulus de Jong de dirigint. Dat resultearret daliks yn in tal kampioenskippen: yn 2006 fannijs kampioen yn de tredde difyzje fan de NBK en op 16 juny 2007 wurdt Looft den Heer kampioen yn de C-groep fan Eurobrass Drachten.

Brassband 'Looft den Heer' hat syn domisily yn Bitgummole dêr't repetearre wurde yn 'De Molewjuk'. Mar lange jierren hat it korps repetearre yn Bitgum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]