Springe nei ynhâld

Brassband

Ut Wikipedy
Brassband yn in typyske brassbandopstelling
Besetting fan in brassband

In brassband is ien fan de trije rjochtingen út it HaFaBra-fjild. Dêrby stiet de Ha foar Harmony, de Fa foar Fanfare en de Bra foar Brassband. Yn in brassband wurde allinnich koperynstruminten bespile (en slachwurk). In brassband hat in standertbesetting hoewol't dêr inkeldris fan ôfwykt wurdt troch mear minsken deselde partij spylje te litten.

De besetting sjocht der sa út:

  • 1 principal kornet
  • 2 solo kornet
  • 3 solo kornet
  • 4 solo kornet
  • 5 bugel (of flügelhorn)
  • 6 es kornet
  • 7 repriano kornet
  • 8 twadde kornet
  • 9 twadde kornet
  • 10 tredde kornet
  • 11 tredde kornet
  • 12 solo alt
  • 13 earste alt
  • 14 twadde alt
  • 15 earste bariton
  • 16 twadde bariton
  • 17 earste euphonium
  • 18 twadde euponium
  • 19 solo tromboane
  • 20 twadde tromboane
  • 21 bastromboane
  • 22 bes bas
  • 23 bes bas
  • 24 es bas
  • 25 es bas
  • 26 slachwurk

De bettere brassbands út Fryslân behearskje de lanlike top by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en dogge it knap yn de Jeropeeske top. Dêr sitte se yn de middenmoat. Sa't Limboarch bekend stiet om syn harmonyen, stiet Fryslân bekend om syn brassbands:

De bekendste brassbands yn Fryslân binne (2007):

Hoewol't dy bands ferbûn binne mei in plaknamme, betsjut dat net dat it pleatslike ferienings binne. Eins binne it provinsjale ferienings. De leden komme út alle parten fan de provinsje en spylje - meastentiids - ek yn de brassband fan harren eigen wenplak.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wâldsang

Soli Brass

De Bazuin