Springe nei ynhâld

Teäter (keunstfoarm)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Foarstelling (teäter))
Optreden wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: optreden (betsjuttingsside).

Teäter is in keunstfoarm wêrby't artysten yn it iepenbier optrede ta fermaak fan it omsteand laach. Dat wurdt in optreden, opfiering of foarstelling neamd. Soks bart faak, mar net altyd, yn in dêrta ynrjochte gebou, dat ek fan teäter neamd wurdt (hoewol't soms ek de wat deftiger klinkende oantsjutting skouboarch brûkt wurdt). De taskôgers moatte yn 'e regel betelje om in optreden by te wenjen, al is ek dat net altyd sa. It optreden kin bestean út toaniel, musical, ballet, opera, operette, eksperimintele dûnsfoarmen of kabaret. It wurd "teäter" komt fan it Aldgrykske θέατρον, théatron, dat "in plak om ta te sjen" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.