Springe nei ynhâld

Brosjuere

Ut Wikipedy

In brosjuere (fan it Frânske brochure, "ynnaaid wurk", fan it tiidwurd brocher, "ynnaaie") is in boekje, meast yn printe foarm, fan lytse omfang. In brosjuere bestiet – yn tsjinstelling ta in folder – út meardere fellen teard papier, dy’t yn de rêch byinoar holden wurde (brosjearre binne) mei help fan bygelyks klammerkes. It tal siden is fan oarsprong altyd in meartal fan fjouwer. Mei de nijere (digitale) printtechniken is tearen lykwols lang net altyd mear oan de oarder en it meartal fan fjouwer siden ek net. Dochs wurde sokke dokuminten gauris brosjuere neamd.

Brosjuere en boek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in Unesco-definysje, dy’t al fan 1950 is, binne alle boekjes dy’t net bedoeld binne foar bern, en dy’t mear as fiif en minder as 49 siden telle (it omslach net meirekkene), te beskôgjen as brosjuere.

Dy definysje is benammen fan belang foar statistysk gebrûk, ûnder oaren by it merkûndersyk. Yn it deistich taalgebrûk kinne brosjueres ek minder as fiif siden hawwe en kinne boeken minder as 49 siden hawwe. Ynternasjonaal Standert Boeknûmers (ISBN)-nûmers binne dan ek takendd oan boeken fan minder as 49 siden.

Brosjuere en pamflet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ingelsktalige Unesco-definysje brûkt foar in wurk fan behindiger omfang it wurd pamphlet. It Fryske pamflet ferwiist meastentiids lykwols nei printwurk dat primêr bedoeld is om in sekere tendins út te dragen. De omfang is dêrby fan minder belang.

Eksterne boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]