Gremlin

Ut Wikipedy
Poster út 'e Twadde Wrâldoarloch dy't warskôget foar gremlins.
Dizze side giet oer it mytyske wêzen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Gremlin (betsjuttingsside).

In gremlin is in mytysk wêzen út 'e Ingelske folkloare, dat yn 'e regel ôfskildere wurdt as ûndogensk, fol kattekwea en meganysk oriïntearre, mei in spesjale belangstelling foar fleantugen. As ûndogenske wêzens hawwe gremlins in protte wei fan 'e âldere impen, dy't ek fuortkomme út 'e Ingelske folksferhalen. Harren oanstriid om masinery te skansearjen of ûntmanteljen hat modernere woartels. Der binne twa teoryen oer it ûntstean fan 'e namme 'gremlin'. Neffens auteur John W. Hazen soe dy ôflaat wêze fan it Aldingelske wurd gremian, dat "yrritearje" betsjut. Carol Rose, de skriuwster fan it boek Spirits, Fairies, Leprechauns and Goblins, wol hawwe dat it in kombinaasje is fan 'e namme fan 'e bruorren Grimm en it biermerk Fremlin.

De term 'gremlin' is frij nij en waard foar it earst yn 'e 1920-er jierren brûkt troch piloaten fan 'e Britske Royal Air Force (RAF) dy't stasjonearre wiene op Malta, yn it Midden-Easten en yn Britsk-Ynje, om ûndogenske wêzentsjes mei te beskriuwen dy't mankeminten tabrochten oan harren fleantugen. Eltse kear as der in ûnferklearber defekt wie, waard sein: "Dat ha gremlins dien" of "Ik haw gremlins yn myn kiste." Lettere boarnen beweare soms dat dit gebrûk út 'e Earste Wrâldoarloch datearret, mar dêr bestiet net in soad bewiis foar. Hjirby moat oantekene wurde dat de measte piloaten net yn it bestean fan gremlins leauden, mar sokke tinkbyldige wêzens de skuld joegen as se swierrichheden oars net ferklearje koene. Guon piloaten leauden lykwols wier yn it bestean fan gremlins en der besteane ferskate eachtsjûgeferslaggen fan piloaten dy't gremlins mei harren fleantugen omprutsen seagen krekt foar't der wat mis gie. Folkloristen skriuwe soks ta oan 'e stress fan oarlochsomstannichheden of oan hallusinaasjes feroarsake troch soerstofgebrek by te heech fleanen.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard it idee fan gremlins fierder popularisearre ûnder Britske piloaten, yn 't bysûnder dy fan 'e op grutte hichte fleanende Fotografyske Ferkenningsienheden (PRU). In skoft lang waarden 'gremlins' fertocht fan 'fijanlike sympatyen', mar al rillegau die bliken dat de Dútsers bytiden krekt deselde swierrichheden mei har fleantugen hiene, sadat gremlins as ûndogenske skarlunen beskôge waarden, dy't der aardichheid oan hiene om lykfolwa dwers te sitten. Yn it echt wie it geëamel oer gremlins in foarm fan ôfskowen fan skuld. Likegoed holpen de ferhalen oer gremlins de Britske piloaten om harren moreel heech te hâlden, wat wer bydroech oan it ôfslaan fan 'e Dútske oanfal op harren lân ûnder de Slach om Ingelân, yn 'e simmer fan 1940. It moreel hie slim te lijen hân as de piloaten inoar beskuldige hiene fan min ûnderhâld; it wie folle better om fantasijwêzens ta sûndebok te meitsjen, en dat fûn de Britske legerlieding blykber ek, dy't it praat oer gremlins gewurde liet.

Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is de term 'gremlins' as namme brûkt foar ferskate fantasijfigueren, dy't soms mar kwealk wei hiene fan 'e oarspronklike gremlins. De berneboekeskriuwer Roald Dahl wie dejinge dy't gremlins bûten de RAF bekend makke mei syn boek The Gremlins, dat yn 1942 publisearre waard yn in stripferzje fan 'e Walt Disney Company. Hjoed de dei sille de measte minsken gremlins lykwols kinne as de skattige pluzebaltsjes dy't yn boasaardige en ferwuostgjende meunsters feroarje út 'e film Gremlins, út 1984, fan útfierend produsint Steven Spielberg.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.