Merlin Unwin Books
Merlin Unwin Books | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Ludlow (Ingelân) | |
oprjochte | 1990 | |
oprjochter | Merlin Unwin | |
eigner | Merlin Unwin | |
offisjele webside | ||
www.merlinunwin.co.uk |
Merlin Unwin Books is Britske útjouwerij dy't him benammen taleit op it publisearjen fan non-fiksje oer de natoer en oer angelderij. It bedriuw is fêstige yn it stedsje Ludlow, yn it greefskip Shropshire.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merlin Unwin Books is it bedriuw fan útjouwer Merlin Unwin, in soan fan Rayner Unwin en in pakesizzer fan Stanley Unwin, de útjouwers fan bekende berneboeken as Charlie and the Chocolate Factory, fan Roald Dahl, en ferneamde literêre wurken as The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien.
Merlin Unwin wurke earst ek jierren yn syn heite bedriuw, George Allen & Unwin, oant dat yn 1990 oernommen waard troch HarperCollins. Datselde jiers noch begûn er foar himsels en rjochte dêrta Merlin Unwin Books op. Dy útjouwerij hat him spesjalisearre yn non-fiksje-útjeften op it mêd fan de natoer, it plattelân, floara en fauna, fjildsporten en angelderij.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |