Tolkien Genoatskip Unquendor

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tolkien Genoatskip "Unquendor"
Tolkien Genootschap "Unquendor"
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd promoasje en fersprieding fan
   it wurk fan Tolkien yn Nederlân
fêstige yn Utert (Utert)
oprjochte 1981
orgaan Lembas
tal leden 200 (2015)
offisjele webside
unquendor.nl

It Tolkien Genoatskip "Unquendor" (Nederlânsk: Tolkien Genootschap "Unquendor") is in Nederlânske feriening dy't fêstige is yn Utert. De organisaasje waard op 22 septimber 1981 yn Foarburch oprjochte, mei as doel om it wurk fan 'e ferneamde Ingelske fantasy-skriuwer J.R.R. Tolkien yn Nederlân te promoatsjen en te fersprieden. In sekundêre doelstelling is om Nederlânske fans fan it wurk fan Tolkien in plak te bieden dêr't se mei-inoar sosjalisearje kinne.

Unquendor, dat him ynsprirearje liet troch de Britske Tolkien Society, ûntlient syn namme oan 'e troch Tolkien sels ûntwurpen elvetaal Quenya, wêryn't unque "holte" betsjut, en ndor "lân": "Hol(te)lân". It genoatskip telde by de oprjochting acht leden, mar groeide troch de jierren hinne stadich oan. Koart nei 2000, doe't de ferfilmings troch regisseur Peter Jackson fan Tolkien syn Lord of the Rings-trilogy útkamen, krige Unquendor goed 300 leden, mar neitiid belune dat wer. Sûnt likernôch 2010 is it ledetal stabyl bleaun om 'e 200 hinne. Unquendor jout fiif kear yn 't jier in eigen (papierren) blêd út, mei as titel Lembas.

Hoewol't Unquendor fan oarsprong in literêr genoatskip is, ûntstie der benammen sûnt de milenniumwiksel ek oandacht foar oare ferskynsels dy't mei it wurk fan Tolkien te krijen hawwe, lykas films, muzyk, yllustraasjes, klean, kompjûterspultsjes, boerdspullen, ensfh. Dêrmei is Unquendor net mear spesifyk in organisaasje fan boekelêzers, mar fan Tolkien-fans yn it algemien. Yn 2016 stipe Unquendor de útjefte fan dû. Liuwe H. Westra syn Fryske oersetting fan it twadde diel fan 'e Lord of the Rings-trilogy, De Twa Tuorren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: