Springe nei ynhâld

Feitsma Fûûns fwar it Frysk

Ut Wikipedy
Feitsma Fûûns fwar it Frysk
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
type org. stifting
wurkmêd ● behear neilittenskip fan
   Tony Feitsma
● stipe oan it Frysk
haadkertier gjin fêst kantoar
(korresp.adres: Nes (Dongeradiel))
oprjochte 2009
oprjochter Tony Feitsma (by testamint)
offisjele webside
www.feitsmafuns.nl

It Feitsma Fûûns fwar it Frysk is in Fryske stifting, dy't yn 2009 oprjochte waard om 'e neilittenskip fan taalkundige, heechlearaar, publisiste en frisiaste Tony Feitsma (1928-2009) te behearen. Feitsma liet nammentlik by har ferstjerren in beskaat jildbedrach nei om (yn har eigen wurden): "it Frysk te stypjen op punten dêr't de taal him net sa maklik sels rêde kin."

Lju dy't in bydrage leverje wolle oan it brûken fan it Frysk kinne sadwaande in berop dwaan op it Feitsma Fûûns, al sille net alle oanfragen honorearre wurde, mei't it Fûûns him benammen rjochtet op projekten dy't net ûnder de reguliere subsydzjeregelings falle. It is ek mooglik fia it Feitsma Fûûns yndirekt finansjele stipe te jaan oan projekten foar it Frysk troch in finansjele donaasje te dwaan.

Op 2 septimber 2018 organisearre it Feitsma Fûûns yn 'e tsjerke fan Brantgum in betinking fan Tony Feitsma mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: