The Lord of the Rings: The Two Towers

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Lord of the Rings:
The Two Towers
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Tloftr-ttt2-logo.svg
makkers
regisseur Peter Jackson
produsint Barrie M. Osborne
Peter Jackson
Fran Walsh
senario Fran Walsh
Philippa Boyens
Peter Jackson
Stephen Sinclair
basearre op The Two Towers
   fan J.R.R. Tolkien
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Howard Shore
filmstudio New Line Cinema
WingNut Films
distribúsje New Line Cinema
spilers
haadrollen Elijah Wood
Ian McKellen
Viggo Mortensen
byrollen Sean Astin
Dominic Monaghan
Billy Boyd
Orlando Bloom
John Rhys-Davies
Andy Serkis
Christopher Lee
Bernard Hill
Miranda Otto
Karl Urban
David Wenham
skaaimerken
lân/lannen Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 5 desimber 2002
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Quenya)
spyltiid 179 minuten
budget en resultaten
budget $94 miljoen
opbringst $951,2 miljoen
prizen 2 × Oscar
1 × Grammy Award
1 × Hugo Award
1 × Nebula Award
3 × BAFTA
4 × Saturn Award
2 × Satellite Award
1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje The Lord of the Rings
● foarich diel The Lord of the Rings: The
   Fellowship of the Ring
● folgjend diel The Lord of the Rings: The
   Return of the King

The Lord of the Rings: The Two Towers is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2002 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: De Twa Tuorren". De film is basearre op it boek The Two Towers. It is it twadde diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. De film is it ferfolch op The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, út 2001.

It ferhaal folget de leden fan it Selskip fan 'e Ring no't dat útinoar rekke is: de hobbits Frodo en Sam ferfetsje harren wei nei it ôfgryslike lân Mordor om dêr de Iene Ring fan 'e kweageast Sauron te ferneatigjen troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Hja fine in net rjocht betroubere gids yn it ferriedlike wêzen Gollum. Underwilens jeie de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli de oarken efternei dy't harren maten Merry en Pippin ûntfierd hawwe. Sawol de jagers as de ûntfierders sille behelle reitsje yn it krewearjen fan 'e boasaardige tsjoender Saruman om troch oarloch en ferwoastging it lân Rohan ûnder syn macht te bringen.

The Lord of the Rings: The Two Towers waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as in kearpunt op it mêd fan 'e filmkeunst, û.m. troch it baanbrekkende gebrûk fan motion-capturetechnyk foar it werjaan fan 'e personaazjes Gollum en Beamburd. De film wûn twa Oscars, in Grammy Award, in Hugo Award, in Nebula Award, trije BAFTA's, fjouwer Saturn Awards, twa Satellite Awards, in Empire Award en ferskate oare prizen. It ôfslutende diel fan 'e trilogy, The Lord of the Rings: The Return of the King, kaam út yn 2003.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it útinoarfallen fan it Selskip fan 'e Ring (sjoch: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring) sette de hobbits Frodo Baggins en Samwise Gamgee harren kweeste fuort nei it tsjustere ryk Mordor, dêr't de kweageast Sauron hearsket dy't hiele Midierde ûnder syn bewâld bringe wol. Sûnder de Iene Ring, dêr't er in grut diel fan syn macht yn stoppe hat, sil Sauron lykwols nea folslein wêze, dat hy siket der sûnder ophâlden nei, sels wylst er risselwearret foar in lêste oarloch tsjin eltsenien dy't him noch yn 't paad stiet. De ring is fia-fia yn it besit kommen fan Frodo, dy't de taak op him nommen hat om it ûnding nei de Doemberch, midden yn Mordor, te bringen. De ring kin nammentlik inkeld ferneatige wurde yn deselde fjurren dêr't er ek yn smeid wurden is.

Mank de rotsheuvels fan 'e Emyn Muil reitsje Frodo en Sam lykwols al rillegau paadbjuster. Ta oermjitte fan ramp ûntdekke se dat se folge wurde troch it walchlike wêzen Gollum, dat de Iene Ring foarhinne ek yn besit hân hat. Gollum is troch de Ring folslein ferwrongen ta in karikatuer fan syn eardere sels, en al syn dwaan en litten is derop rjochte om 'e ring, dy't er syn "leafling" neamd, op 'e nij yn 'e hannen te krijen. Frodo en Sam fange Gollum, en Sam wol it wêzen út 'e ljochten helpe, mar Frodo, dy't sterk te lijen hat fan 'e ynfloed fan 'e ring en yn Gollum syn eigen foarlân sjocht, kriget begrutsjen mei it skepsel. Gollum spilet dêrop yn troch oan te bieden om 'e beide hobbits, dy't dúdlik ferdwaald binne, nei de Swarte Poarte fan Mordor te lieden. Ta ôfgriis fan Sam nimt Frodo dat oanbod oan.

Underwilens binne de hobbits Merry en Pippin, de maten fan Frodo en Sam, finzennommen en ûntfierd troch in groep oarken dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e tsjoender Saruman. Dyselde hat syn bûnsgenoaten ferret en is oerrûn nei de kant fan Sauron, wêrnei't er yn syn bolwurk Isengard in eigen leger oarken gearstald hat. De oarken dy't Merry en Pippin meifiere, wurde geandefoets efterfolge troch trije jagers: de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli, dy't bestek hawwe op it befrijen fan 'e beide hobbits. Underweis nei Isengard wurde de oarken yn it Keninkryk Rohan leechlein troch in kloft hynstefolk ûnder lieding fan Éomer, de omkesizzer fan kening Théoden fan Rohan. Hja slane alle oarken dea en smite de kadavers neitiid op in bulte dy't se yn 'e brân stekke.

Neitiid komme Éomer en syn mannen Aragorn, Legolas en Gimli tsjin, en as dyselden neifraach dogge oer in groep oarken, leit Éomer harren út hoe't it mei dyselden beteard is. Hobbits hawwe de Rohirrim net sjoen. Éomer fertelt dat er út Rohan ferballe is troch Gríma Wrottonge, de ferriedlike riedshear ûnder waans ynfloed de âlde kening Théoden stiet. Gríma is in strieman fan Saruman, dy't him Éomer syn suster, frouwe Éowyn, ûnthjitten hat as er him helpt Rohan ûnder syn bewâld te bringen. Éomer, dy't yn 'e oertsjûging ferkeart dat hy en syn mannen Merry en Pippin foar oarken oansjoen en by fersin deadien hawwe moatte, jout Aragorn, Legolas en Gimli foar't er trochriidt in pear hynders fan twa fan syn mannen dy't yn it gefjocht mei de oarken sneuvele binne. As de trije freonen neitiid by it plak fan it gefjocht en de brânsteapel oankommen binne, fuort oan 'e râne fan it âlde wâld Fangorn, makket Aragorn út 'e spoaren op dat Merry en Pippin net omkommen, mar ynstee it wâld yn flechte binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it wâld Fangorn, dat op in kweade namme leit, moetsje Aragorn, Legolas en Gimli in yn it wyt klaaide tsjoender dy't in fel ljocht útsmyt. Se ornearje dat it Saruman wêze moat en besykje him te deadzjen, mar harren oanfal wurdt sûnder muoite ôfslein. De tsjoender blykt net Saruman, mar de deawaande Gandalf te wêzen, dy't yn in earder stadium fan 'e reis fan it Selskip fan 'e Ring yn 'e Minen fan Moarje yn 'e ôfgrûn fallen wie doe't er in balrog, in demon út 'e Aldste Tiden, besocht tsjin te kearen (sjoch: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring). Gandalf fertelt hoe't er fallendewei nei ûnderen de balrog befocht, en doe yn it wetter ûnder de ierde, en dêrnei by in treppen op oant de heechste berchtop, dêr't er it wêzen einlings oermânsk waard en delsmiet. Hy wie lykwols slim ferwûne rekke en kaam sels ek te ferstjerren, mar hy waard weromstjoerd mei nije krêften om syn taak te folbringen en Midierde te rêden. Sadwaande is er no langer net mear Gandalf de Grize, mar Gandalf de Wite.

Underwilens hawwe ek Merry en Pippin de wer ta libben wekke Gandalf met. Dat barde nei't se fûn en fan in efterfolgjende oark rêden wiene troch Beamburd, in reuseftich beameftich wêzen dat him sels in 'int' neamt. Dyselde hie it derop dat Merry en Pippin ek lytse oarkjes wiene, al hoe't se him ek beswarden dat se hobbits wiene. Gandalf befêstige harren wurden lykwols en frege Beamburd om harren te tinken. Sadwaande nimt de int de beide hobbits mei djip it gefaarlike wâld Fangorn yn, dêr't er in gearkomste fan 'e inten beleit om it nuvere bestean fan hobbits te bepraten.

Gandalf liedt Aragorn, Legolas en Gimli nei Edoras, it haadplak fan Rohan, dêr't kening Théoden residearret yn syn seal Meduseld. Dêr befrijt er Théoden fan in geastlike besetting troch Saruman en de ferriedlike ynskunings fan Gríma Wrottonge. De wer ta syn sinnen kommen Théoden wol Gríma eksekutearje, mar Aragorn bepraat him om dyselde gean te litten, wêrnei't er útnaait. Théoden is slim ferbûke as er foar it ferstân kriget dat syn ienlingssoan, prins Théodred, koartby sneuvele is yn in skermutseling mei in kliber oarken, wylst syn omkesizzer Éomer ferballe en om utens is, mei alle trouwe mannen dy't er sammelje koe (ferskate tûzenen). As dúdlik wurdt dat Saruman, no't er Rohan net troch tsjoenderij feroverje kin, syn hiele leger fan mear as tsientûzen oarken út Isengard wei nei Rohan opmarsjearje lit, oppenearret Gandalf dat Théoden al syn mannen gearbringe moat om it leger fan 'e fijân yn 'e mjitte te gean. Dat liket Théoden wol nei fleanen, en hy beslút om him werom te lûken yn 'e sterke fêsting Helmsdjip, dêr't syn foarfaar Helm iuwen lyn ek in winter lang in grutte belegering trochstien hat. Gandalf set ôf nei it noarden om Éomer en syn leger te sykjen.

Gollum liedt Frodo en Sam ûnderwilens út 'e grimelgrammel fan heuvelrêgen wei dy't de Emyn Muil is. Dêrnei wiist er harren it paad dwers troch de Deademanssompen hinne. As se oarekant de sompen lykwols by de Swarte Poarte komme, de tagong ta it lân Mordor, dat fierders oeral troch hege en ûntagonklike berchtmen omjûn wurdt, docht bliken dat de poarte fierstente swier bewekke wurdt om dertroch glûpe te kinnen. Frodo en Sam wolle it mei de moed der wanhoop dochs besykje, mar Gollum hâldt harren tsjin en oppenearret dan foar it earst dat er noch in oare wei wit om yn Mordor te kommen, oer de Pas fan Cirith Ungol.

Op syn weromtocht nei Helmsdjip nimt Théoden alle froulju en bern út Edoras mei, sadat syn opmars mar tige stadich giet. As Saruman dat te witten komt, stjoert er in kliber oarken op wearwolven út om 'e Rohander kolonne oan te fallen. Underweis komt Aragorn yn 'e kunde mei frouwe Éowyn, en hy liket net foar it ferstân te hawwen dat sy fereale op him oan it reitsjen is. Ear't de kolonne Helmsdjip berikke kin, dogge de wolveriders der in wraam op. De oanfal wurdt ôfslein, mar Aragorn wurdt troch in flechtsjende wearwolf meiskuord oer de râne fan in klif en falt djip omlegen yn in rivier. Kening Théoden, Legolas en Gimli geane derfan út dat er omkommen is. Aragorn spielt lykwols oan by in bocht yn 'e rivier, dêr't syn hynder Brego him fynt en him, earst noch heal yn 'e sûs, nei Helmsdjip bringt.

Yn Rivendell praat Elrond ûnderwilens yn op syn dochter Arwen, dy't har hert oan Aragorn ferpâne hat. Hy hâldt har foar dat Aragorn net út 'e oarloch weromkeare sil, en sels as er dat wol docht, dan noch sil sy, in ûnstjerlike elvinne, him tûzenen jierren oerlibje. Hy stiet der tige by tige by har op oan om ôf te setten nei Valinor, de Unstjerlike Lannen fan 'e elven, oarekant de Westlike See. Mei tsjinnichheid jout Arwen úteinlings ta en ferlit se mei de oare elfske fammen Rivendell om nei de Grize Havens reizgjen en dêr skip te gean nei it Uterste Westen. Galadriel, de elvekeninginne fan Lothlórien, nimt telepatysk kontakt op mei Elrond en oertsjûget him derfan dat de elven harren alâlde bûnsgenoatskip mei de minsken earje moatte troch harren yn 'e striid tsjin Sauron en Saruman te helpen.

Yn Fangorn is de gearkomste fan 'e inten it einlings iens wurden dat hobbits besteane en dat se gjin oarken binne. Merry en Pippin steane der by de beameftige wêzens op oan om Rohan te helpen yn 'e oarloch tsjin Saruman, mar de inten hâlde út dat se gjin partij binne yn dat konflikt. De gearkomste einiget dêrtroch yn in ôfdijer foar de beide hobbits. Neitiid freget de slûchslimme Pippin lykwols oan Beamburd oft er him en Merry yn 'e rjochting fan Isengard bringe kin. It docht bliken dat de oarken fan Saruman dêr in hiel stik fan Fangorn oan 'e grûn ta kappe hawwe om oan branje te kommen foar de smidsfjurren fan Isengard. Beamburd ûntstekt yn razernij as er dy ferwoastging sjocht, dy't er opfettet as in foarm fan ferrie. Hy ropt de oare inten te help, dy't krekt-en-gelyk reägearje. Sûnder fierder opûnthâld sette de inten op Isengard ta, dêr't se de efterbleaune oarken deadzje en alle moles en smidten mei de grûn lyk meitsje. Beamburd ferrinnewearret ek in keardaam, sadat hiel Isengard derûnder strûpt en Saruman yn syn toer, de Orthanc, midden yn in mar finzen komt te sitten.

Yn Helmsdjip arrivearret de jûns nei tsjuster in kloft elven ûnder Haldir, dy't útstjoerd is troch Elrond en Galadriel. Koart dêrnei komt it oarkeleger fan Saruman oan en begjint de belegering. De oarken begjinne dy nachts daliks oan in bestoarming, wêrby't se swiere ferliezen lije troch de moedige wjerstân fan 'e ferdigeners. De nûmerike ferhâldings binne lykwols sa sterk yn it foardiel fan 'e oarken, dat se skoan wat ferliezen misse kinne. De bûtenste muorre komt úteinlings te fallen as de oarken minen mei buskrûd yn in dûker ûnder de muorre troch ôfgean litte. By de dêropfolgjende weromtocht nei de eigentlike boarch komt Haldir om. As de oarken oer de muorren komme en tagelyk mei in stoarmraam de poarten tebûkje, bepraat Aragorn Théoden om 'e fijân mei in lêste ruteroanfal yn 'e mjitte te gean. Se ride de stikkene poarten út en driuwe de oarken foar harren út, al is dúdlik dat de oermacht sa grut is dat se op 't langelêst belies jaan moatte sille. Op dat stuit komt de sinne op en tagelyk dêrmei arrivearret Gandalf mei it leger fan Éomer oer de râne fan 'e delling dêr't Helmsdjip yn leit. De Rohirrim falle as ien man op 'e oarken oan, dy't yn 'e striid ferdylge wurde.

Gollum liedt ûnderwilens Frodo en Sam troch Ithilien nei it suden ta. Ithilien is in bekreaude grinskrite oan 'e westkant fan Mordor, dy't foarhinne ta it Keninkryk Gondor hearde. Dêrsanne binne se der tsjûge fan hoe't in ôfdieling Suderlingen, dy't ûnderweis binne nei de Swarte Poarte om harren by de legers fan Sauron te jaan, yn in mûklaach rinne fan 'e soldaten fan Gondor. Frodo en Sam wurde finzennommen troch de lju fan Gondor, dy't ûnder lieding blike te stean fan Faramir. Dyselde is de jongere broer fan Boromir, ien fan 'e leden fan it Selskip fan 'e Ring, dy't by de wetterfal Rauros troch de oarken fan Saruman deadien is (sjoch: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring). Om it libben fan Gollum te rêden, dy't de bôgesjitters fan Faramir op 'e kuer hawwe, helpt Frodo Faramir om it wêzen te fangen. Faramir ûndekt al rillegau it geheim dat Frodo de Iene Ring by him hat, en beslút syn beide finzenen en harren lêst mei te nimmen nei Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, om harren oer te dragen oan syn heit Denethor, de steedhâlder fan Gondor.

Underweis dêrhinne bedarje se lykwols yn 'e ruïnestêd Osgiliath, oan 'e rivier de Anduin, dêr't de legers fan Mordor besykje om oer te stekken. Wylst Frodo earder om 'e nocht it wiere, boaze, aard fan 'e ring besocht hat út te lizzen, docht Sam yn Osgiliath, as er him net mear ynhâlde kin, in boekje iepen oer de ynfloed dy't de ring op Boromir útoefene hat. Dêrtroch feroare Boromir fan in freon dy't sward hie om Frodo te beskermjen en him te helpen by de taak dy't him taparte wie, yn in eedbrekker dy't besocht him de ring te ûntnaderjen, earst mei moaie wurden, mar úteinlik mei geweld. Ien fan 'e Ringsjammen, de neiste tsjinners fan Sauron, beriidt in fleanend meunster troch de loft boppe Osgiliath, en dêrtroch wurdt de ynfloed fan 'e ring Frodo oermânsk, sadat er eefkes Sam oanfalt, ek al besiket dy him allinne mar te helpen. Under de yndruk fan Frodo syn wisberettens lit Faramir de beide hobbits gean. Gollum liedt harren no nei it easten ta, op 'e Skaadbergen en de grins fan Mordor oan. Hy hat Frodo syn help by syn finzenname lykwols opfette as in foarm fan ferrie, en beslút de beide hobbits lyk om lyk te jaan, troch harren te ferrieden en nei "har" ta te lieden, sadat "sy" harren deadzje sil. Dêrnei sil er einlings syn leafling, de ring, wer weromnimme kinne.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Frodo Baggins Elijah Wood
Gandalf de Wite sir Ian McKellen
Aragorn, soan fan Arathorn Viggo Mortensen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Samwise Gamgee Sean Astin
Meriadoc "Merry" Brandybuck Dominic Monaghan
Peregrin "Pippin" Took Billy Boyd
Legolas Grienblêd Orlando Bloom
Gimli, soan fan Glóin John Rhys-Davies
Gollum Andy Serkis (allinne stim en motion-capture)
Saruman de Wite Christopher Lee
kening Théoden fan Rohan Bernard Hill
frouwe Éowyn Miranda Otto
Éomer fan Rohan Karl Urban
Beamburd John Rhys-Davies (allinne stim)
Faramir fan Gondor David Wenham
Gríma Wrottonge Brad Dourif
Haldir Craig Parker
Elrond fan Rivendell Hugo Weaving
Arwen Undómiel Liv Tyler
Háma, de doarwarder fan Théoden John Leigh
Gamling, in ofsier fan Rohan Bruce Hopkins
Madril, ûnderbefelhawwer fan Faramir John Bach
Uglûk, in oarkehaadman Nathaniel Lees
Galadriel fan Lothlórien Cate Blanchett
inkeld yn 'e extended cut fan 'e film
Boromir fan Gondor Sean Bean
steedhâlder Denethor fan Gondor John Noble

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Two Towers waard krekt as The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, it foargeande diel fan 'e Lord of the Rings-filmtrilogy, regissearre troch Peter Jackson. Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Fran Walsh, Philippa Boyens, himsels en Stephen Sinclair op basis fan The Two Towers, it middelste diel fan 'e romantrilogy The Lord of the Rings, fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. Jackson en Walsh wiene ek as produsinten by it projekt behelle, yn 'e mande mei Barrie M. Osborne, foar de filmstudio's New Line Cinema en WingNut Films. The Lord of the Rings: The Two Towers wie in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan $94 miljoen foar beskikber wie.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Two Towers waard efterinoar filme mei de beide oare dielen fan 'e filmtrilogy, The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring en The Lord of the Rings: The Return of the King. De opnamen fan 'e trije films setten útein op 11 oktober 1999 en duorren oant en mei 22 desimber 2000, wêrnei't elts diel noch in fol jier oan postproduksje ferge. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie. De folsleine filmtrilogy waard opnommen op ferskate lokaasjes yn Nij-Seelân.

De ierst filme sêne fan The Lord of the Rings: The Two Towers wie de efterfolging fan 'e oarken dy't Merry en Pippin ûntfierd hawwe troch Aragorn, Legolas en Gimli. Dêrby rekken Viggo Mortensen, dy't Aragorn spile, Orlando Bloom, dy't de rol fan Legolas fertolke, en Brett Beattie, de scale double fan John Rhys-Davies, dy't Gimli spile, allegear ferwûne. Mortensen briek twa teannen by it filmjen fan 'e sêne wêryn't se de steapel troch de Rohirrim ferbaarnde oarkeliken fine en miene dat Merry en Pippin dea binne, doe't er in oarkehelm fuortskopte (in shot dat yn 'e film opnommen waard). Bloom foel fan syn hynder en kniesde trije ribben, wylst Beattie de knibbel út it potsje krige.

De heuvel Mount Sunday (rj. op 'e foargrûn), yn 'e Nijseelânske provinsje Canterbury, waard brûkt as de lokaasje foar Edoras, it haadplak fan Rohan.

Edoras, it haadplak fan Rohan, waard op 'e heuvel Mount Sunday oplutsen, yn 'e Nijseelânske provinsje Canterbury. Mei syn houten gebouwen mei reittekken naam de bou seis moannen yn beslach. It binnenste fan 'e gebouwen waard by de opnamen brûkt as kantoarromte foar de produksje en as kantine foar de cast en crew, mei't de binnendoarsênes yn 'e seal fan kening Théoden letter yn 'e Stone Street Studios yn Wellington opnommen waarden.

De boarch fan Helmsdjip, dêr't in slach om útfochten wurdt dy't de klimaks fan 'e film foarmet, waard oanlein yn 'e Dry Creek Quarry by Wellington. Foar oersjochbylden (en foar de sêne mei de eksploazje yn 'e dûker) waard in miniatuerferzje boud op in skaal fan 1:4, dy't mear as 15 m breed wie. De opnamen fan 'e Slach om Helmsdjip namen likernôch in fearnsjier yn beslach, wêrby't almeast nachts wurke waard om't de slach no ienris by nacht plakfynt. Dêr rekken ek ferskate akteurs licht by ferwûne, lykas Viggo Mortensen, dy't in tosk briek en Bernard Hill (dy't kening Théoden spile), dy't in jaap yn syn ear oprûn. Der waarden sa'n 500 figuranten ynset, dy't inoar misledigings taskreauden yn it Maoary. Nei't it skynt bestie der by de filmcrew frijwat argewaasje oer de poarten fan Helmsdjip, dy't by de sêne mei de stoarmraam té stevich makke blieken te wêzen.

Postproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de postproduksje fan The Lord of the Rings: The Two Towers waard de filmmuzyk fan Howard Shore tafoege, en ek de special effects, fersoarge troch Weta Digital. Dat bedriuw ferdûbele foar dizze twadde film syn personiel yn ferhâlding mei The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, en produsearre úteinlik 73 minuten byld mei 799 shots. Foar de opnamen fan it wêzen Gollum en ek fan Beamburd de int waard op baanbrekkende wize gebrûk makke fan motion-capturetechniken. Andy Serkis 'spile' Gollum troch syn stim en bewegings op 'e filmset te fersoargjen, en dat letter nochris te dwaan mei in motion-capturepak oan foar in griene wand. Beamburd wie poer en allinne in digitale kreaasje, dêr't John Rhys-Davies yn in letter stadium fan 'e produksje syn stim oan liende.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Lord of the Rings: The Two Towers waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 5 desimber 2002 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 18 desimber yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten iepene, en op 19 desimber yn dy yn Nij-Seelân. Op 26 augustus 2003 kaam The Lord of the Rings: The Two Towers út op VHS-keapfideo en dvd. In director's cut-edysje fan 'e film, mei 45 minuten oan ekstra byldmateriaal (en in spyldoer fan yn totaal 226 minuten), waard útbrocht op 18 novimber 2003. Op blu-ray kaam The Lord of the Rings: The Two Towers foar it earst út yn april 2010 en de director's cut yn juny 2011.

Ferskillen tusken film en roman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't The Lord of the Rings: The Two Towers de roman The Two Towers fan J.R.R. Tolkien ridlik sekuer folge, wiene der ferskate ferskillen tusken it boek en de ferfilming. Sa leine Jackson et al. ferskate personaazjes wurden yn 'e mûle dy't se yn it boek op in oar plak sizze, of dy't yn it boek troch in oar personaazje utere wurde. Om in foarbyld te jaan: Aragorn seit yn it boek The Return of the King, as se yn 'e Hielershuzen fan Minas Tirith oan it bêd fan 'e swierferwûne Éowyn steane, tsjin har broer Éomer: "[…] Mar wa wit wat se tsjin it tsjuster sein hat, allinnich, yn 'e bittere nachtskoften, wannear't har hiele bestean liek te krimpen, en de muorren fan har klamearre har lieken yn te sluten, in hok om in wyld skepsel lytsman yn te meitsjen?" Yn 'e film is it Gríma Wrottonge dy't dyseldichste wurden yn oanpaste foarm ("Wat hawwe jo tsjin it tsjuster…") tsjin Éowyn sels sprekt.

Om't Tolkien syn trilogy The Lord of the Rings as ien trochrinnend ferhaal skreaun hie, dat neitiid inkeld op oantrún fan syn útjouwer George Allen & Unwin yn trije dielen publisearre waard, wiene it begjin en de ein fan The Two Towers út dramatysk eachpunt wei besjoen net botte gaadlik om krekt sa yn 'e film oer te nimmen. Dêrom waard de flashback oer de dea fan Boromir yn it earste haadstik by de earste film The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring foege, wylst de aventoeren fan Frodo en Sam yn 'e hoale fan Shelob, oan 'e ein fan The Two Towers, bewarre waarden foar de folgjende film, The Lord of the Rings: The Return of the King.

In oare grutte ôfwiking yn 'e ferfilming is de oanwêzigens fan in legerke elven by de Slach om Helmsdjip, dêr't yn it boek gjin elven yn behelle binne, útsein allinne Legolas. Dy feroaring wie in restant fan in earder idee fan regisseur Peter Jackson en de senarioskriuwers om Aragorn syn leaf, de elvinne Arwen Undómiel mei in legerke elven optsjen te litten om mei te fjochtsjen mei har frijer. Fan dy rol foar Arwen waard úteinlik ôfsjoen wylst de opnamen al oan 'e gong wiene (ta teloarstelling fan Liv Tyler, dy't de elvinne spile). Ynstee waard foar har in oare sydferhaallinne betocht, dy't likemin yn it boek foarkomt, ntl. dat se troch har heit Elrond bepraat wurdt om mei Aragorn te brekken en har nei de Grize Havens te bejaan om dêr skip te gean nei Unstjerlike Lannen yn it Fiere Westen.

In oar part fan 'e film dat Jackson-en-dy sels optochten, is de oanfal fan 'e wearwolveriders op kening Théoden en syn folk as se ûnderweis binne nei Helmsdjip. Yn it boek sil men dêr omdôch nei sykje, al hawwe de filmmakkers it faaks basearre op in sydlingse opmerking yn haadstik 7: as kening Théoden en syn kriichslju (sûnder froulju en bern) by de delling Helmsdjip oankomme, rapportearret in ferkenner dat der "wolveriders op 'en paad yn 'e delling" binne. Dyselden besykje lykwols net de opmars fan Théoden-en-dy tsjin te hâlden, en letter heart de lêzer nea wer wat fan harren. De op it gefjocht mei de wolveriders oanslutende fal fan Aragorn fan it klif, wêrnei't er troch syn maten in skoft deawaand wurdt, komt likemin yn it boek foar.

Ferskate lytsere ferskillen tusken boek en ferfilming besteane ek. Sa wurdt kening Théoden yn 'e film beset troch de tsjoender Saruman, dy't troch him mei syn fijân Gandalf kommunisearret. Yn it boek is Théoden lykwols inkeld telider slein en troch it praat fan Gríma Wrottonge op 'e doele brocht. Nei't Gandalf him befrijd hat, wol kening Théoden him yn 'e film mei froulju en bern weromlûke yn 'e boarch fan Helmsdjip en wegeret er om oarloch te fieren tsjin Saruman. Yn it boek risselwearret er lykwols fuortendaliks foar de oarloch en stjoert dêrta de froulju en bern nei Dunharrow, in skûle yn 'e bergen. Hy bedarret inkeld yn Helmsdjip, dêr't er ûnbedoeld fêst komt te sitten troch in belegering, as er syn maarskalk Erkenbrand te help komme wol. Erkenbrand bestiet yn 'e films net; syn personaazje is dêr opgien yn dat fan Éomer as de Rohander legeroerste dy't mei Gandalf arrivearret om oan 'e ein fan 'e Slach om Helmsdjip it tij te kearen. Yn it boek wurdt Éomer mei Théoden yn Helmdjip belegere en is er mei Aragorn ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e ferdigeners.

Frodo en Sam wurde yn 'e film as finzenen troch Faramir fan Gondor meinommen nei de ruïnestêd Osgiliath, mei't er harren en de ring oan syn heit, de steedhâlder Denethor oerdrage wol. Letter betinkt er him en lit er harren gean. Yn it boek wurde de beide hobbits nea meinommen nei Osgiliath, mar lit Faramir harren frij yn Ithilien, dêr't er harren ek finzennommen hat, foardat er ôfset nei de Slach om Osgiliath. Regisseur Jackson knypeaget op dat punt fan 'e film nei de sjoggers, troch Sam yn Osgiliath sizze te litten: "Eins hearre we hjir hielendal net te wêzen, en dochs binne we hjir!"

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Lord of the Rings: The Two Towers oer it algemien positive oant tige positive resinsjes. Sels kritisy dy't kanttekenings by de film pleatsten, wiene oer it gehiel nommen noch goedkarrend. Sa parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 'mar' 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "[De film] is net trou oan 'e geast fan Tolkien en fergriemt in grut part fan 'e sjarme en boartlikens fan 'e boeken, mar gjin oare film kin deroan tippe, sa'n fizjonêre skriller is it." De Slach om Helmsdjip wurdt troch de kritisy rûnom beskôge as ien fan 'e bêste slachsênes ea filme, wylst it wêzen Gollum by in opinypeiling fan it tydskrift Entertainment Weekly yn 2007 as it op twa nei populêrste kompjûtergenerearre personaazje ea út 'e bus kaam.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Lord of the Rings: The Two Towers in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 255 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hâldt spektakulêre aksje yn lykwicht mei emosjoneel ferhalefertellen, en lit op dy manear it publyk sawol befredige efter as langjend útsjend nei it lêste diel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Lord of the Rings: The Two Towers in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 39 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Two Towers brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $342,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $608,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $951,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $94 miljoen betsjut dat in winst fan $857 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Lord of the Rings: The Two Towers de meast opbringende film fan 2002 en (doedestiden) de op twa nei meast opbringende film aller tiden.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Two Towers waard yn 2003 nominearre foar 6 Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen foar bêste film, bêste filmmontaazje (Michael J. Horton), bêste artdirection (Grant Major, Dan Hennah en Alan Lee), en bêste lûdsmixing (Christopher Boyes, Michael Semanick, Gethin Creagh en Hammond Peek). De film wûn 2 Oscars, foar bêste lûdsmontaazje (Ethan Van der Ryn en Mike Hopkins) en bêste fisuele effekten (Jim Rygiel, Joe Letteri, Randall William Cook en Mark Stetson).

By de Golden Globes waard The Lord of the Rings: The Two Towers wol nominearre yn twa kategoryen (bêste dramafilm en bêste regisseur), mar wûn de film gjin prizen. Wol wûn de film de Grammy Award foar bêste soundtrackalbum. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Lord of the Rings: The Two Towers nominearre yn 10 kategoryen. De film wûn de prizen foar bêste kostúmûntwerp en bêste special effects, mei dêropta in spesjale priis, de Orange Film of the Year Award. De film wûn ek de Australyske AACTA Award foar bêste bûtenlânske film. De cast fan The Lord of the Rings: The Two Towers waard mienskiplik nominearre foar in Screen Actors Guild Award.

By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 10 kategoryen en wûn er de prizen foar bêste special effects en bêste dvd oer-alles. By de Saturn Awards waard de film ek yn 10 kategoryen nominearre en wûn er de prizen foar bêste fantasyfilm, bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis), bêste kostúms (Ngila Dickson en Richard Taylor) en bêste fisazjy (Peter Owen en Peter King). By de Britske Empire Awards waard de film nominearre foar 7 prizen en wûn er dy foar bêste film.

Ek wûn The Lord of the Rings: The Two Towers de People's Choice Award foar favorite dramafilm; de Young Artist Award foar bêste famyljefilm (drama); en de MTV Movie Awards foar bêste film, bêste aksjesêne, bêste firtuele optreden (Gollum) en bêste filmduo (Elijah Wood, Sean Astin en de firtuele Gollum). Ta einbeslút wûn The Lord of the Rings: The Two Towers ek inkele prizen foar fantasy- en science fiction-literatuer: de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en de Nebula Award foar bêste senario.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Lord of the Rings (filmtrilogy) en The Hobbit (filmtrilogy)
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) • The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) • The Lord of the Rings: The Return of the King (2003) • The Hobbit: An Unexpected Journey (2012) • The Hobbit: The Desolation of Smaug (2013) • The Hobbit: The Battle of the Five Armies (2014)