The Hobbit (filmtrilogy)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Hobbit
Thehobbittrilogy.png
betinker J.R.R. Tolkien
Peter Jackson
eigner WingNut Films
New Line Cinema
Metro-Goldwyn-Mayer
lân Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
begjinjier 2012
einjier 2014
films
langspylfilms An Unexpected Journey
The Desolation of Smaug
The Battle of the Five Armies
offisjele webside
www.thehobbit.com

The Hobbit is in Nijseelânsk-Amerikaanske filmsearje dy't bestiet út trije fantasy-aventoerefilms regissearre troch Peter Jackson. De trije films binne: The Hobbit: An Unexpected Journey, út 2012, The Hobbit: The Desolation of Smaug, út 2013, en The Hobbit: The Battle of the Five Armies, út 2014. Dy binne basearre op 'e roman The Hobbit, út 1937, fan 'e ferneamde Ingelske auteur J.R.R. Tolkien, oanfolle mei stikken dy't ynspirearre binne troch de taheakken fan The Lord of the Rings en nij materiaal dat foar de filmtrilogy tafoege is. De trije films foarmje mei-inoar in prequel foar in eardere filmtrilogy fan Jackson, te witten: de Lord of the Rings-searje. Hoewol't de filmkritisy The Hobbit folle minder wurdearje koene as de foargeande trilogy, wie de searje yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Peter Jackson en filmprodusinte Fran Walsh sprieken yn 1995 al harren belangstelling út foar in ferfilming fan The Hobbit. Doedestiden seagen se dat noch as it earste part fan in trilogy wêrby't diel twa basearre wêze soe op The Lord of the Rings. Om't Jackson-en-dy de filmrjochten op The Hobbit net besette koene, besleaten se lykwols úteinlik om earst The Lord of the Rings te ferfilmjen. Dat waard in trilogy, besteande út The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001), The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) en The Lord of the Rings: The Return of the King (2003).

Neitiid kaam der om 2006 hinne dochs noch skot yn 'e saak mei de ferfilming fan The Hobbit, dêr't filmstudio New Line Cinema de rjochten op wist te bemachtigjen. MGM stapte yn it projekt om by te dragen oan 'e finansiering. Yn 't earstoan wie it de bedoeling dat der in duology fan twa films komme soe, dy't produsearre wurde soe troch Jackson, mei Guillermo del Toro as regisseur. Oanhâldende fertragings omreden fan ûnderling spul tusken Jackson en New Line Cinema en in rjochtsaak tsjin New Line troch de erven Tolkien oer de útbetelling fan harren oandiel yn 'e winst yn 'e Lord of the Rings-trilogy soarge der úteinlik lykwols foar dat Del Toro yn 2010 opstapte om't it him te lang duorre.

Neitiid waard Jackson sels as regisseur oansteld, hoewol't er sei dat de bydragen fan Del Toro oan it projekt beholden bliuwe soene. In staking binnen de filmyndustry yn Nij-Seelân, dêr't de film opnommen wurde moast, soarge foar noch mear fertraging. Underwilens hie Del Toro (nei eigen sizzen) twa mooglike brekpunten yn it ferhaal fan The Hobbit identifisearre dêr't de ein fan 'e iene en it begjin fan 'e oare film komme koe. It probleem wie dat net ien fan dy beide brekpunten persiis yn 'e midden fan it ferhaal lei. Nei it opstappen fan Del Toro besleat Jackson úteinlik om net twa, mar trije films te meitsjen, sadat er fan beide brekpunten (de oankomst fan it selskip by de Ienlike Berch en it ferslaan fan Smaug) gebrûk meitsje koe om it ferhaal fan The Hobbit yn trijen te kapjen.

The Hobbit: An Unexpected Journey[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Hobbit: An Unexpected Journey.

Yn The Hobbit: An Unexpected Journey kriget de hobbit Bilbo Baggins (Martin Freeman) ûnferwachts besite fan 'e tsjoender Gandalf (sir Ian McKellen) en in selskip fan trettjin dwergen. Hja wolle dat er mei giet op 'e kweeste fan Thorin Ikeskyld (Richard Armitage) om it keningskip op te easkjen oer de Ienlike Berch, dy't al 170 jier beset holden wurd troch de boasaardige draak Smaug. Bilbo lit him beprate om mei. Op 'e reis belibje se fyftjinresom gâns aventoeren, wêrby't se it û.m. opnimme moatte tsjin roppige trollen. De fernimstige, slûchslimme Bilbo ûntpoppet him as in nuttich reisgenoat foar de dwergen. As se yn 'e Dizebergen neisitten wurden troch oarken, rekket er de oaren lykwols kwyt. Yn in dûnkere grot djip yn 'e bergen fynt er in ring, wêrfan't er ûntdekt dat dy him ûnsichtber meitsje kin. Nei't Bilbo syn reismaten weromfûn hat, wurde se troch de oarken en dy har wearwolven yn it nau dreaun, mar út ûnferwachtse hoeke komt rêding.

The Hobbit: An Unexpected Journey waard regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens, Guillermo del Toro en himsels. De film gie op 28 novimber 2012 yn premiêre, en brocht $1.021 miljoen (oftewol goed $1 miljard) op tsjin in budget dat nei skatting $200 oant 315 miljoen bedroech. The Hobbit: An Unexpected Journey waard nominearre foar trije Oscars en wûn de bysûndere Oscar foar wittenskip en boukunde. De film waard ek nominearre foar twa BAFTA's, in Hugo Award, twa Annie Awards, tsien Saturn Awards en fiif Empire Awards. Hy wûn ien Annie Award, ien Saturn Award en twa Empire Awards.

The Hobbit: The Desolation of Smaug[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Hobbit: The Desolation of Smaug.

Yn The Hobbit: The Desolation of Smaug reizget de hobbit Bilbo Baggins (Martin Freeman) fierder nei de Ienlike Berch mei de tsjoender Gandalf (sir Ian McKellen) en de trettjin dwergen ûnder lieding fan Thorin Ikeskyld (Richard Armitage). De reis fiert no troch it tsjustere Brimsterwâld, dêr't Gandalf omreden fan oare ferplichtings it reisselskip tydlik ferlit. De dwergen reitsje yn 'e swierrichheden mar wurde holpen troch Bilbo mei syn ûnsichtber meitsjende ring en de elven Legolas (Orlando Bloom) en Tauriel (Evangeline Lilly). Neitiid wurde de dwergen lykwols troch Legolas syn heit, de elvekening Thranduil (Lee Pace) finzen set. Bilbo befrijt harren, wêrnei't se ûntkomme nei de minsklike delsetting Esgaroth-oan-de-Langmar. Se wurde efterfolge troch sawol de oarken fan Azog (Manu Bennett) as de elven Legolas en Tauriel. De ferwûne dwerch Kíli (Aidan Turner) bliuwt yn Esgaroth mei trije oaren efter, wylst Thorin, Bilbo en de rest trochreizgje nei de Ienlike Berch, dêr't Bilbo in wei nei binnen fynt. Underwilens is yn 'e berch de freeslike draak Smaug (Benedict Cumberbatch) wekker wurden.

The Hobbit: The Desolation of Smaug waard regissearre troch Peter Jackson, op 'e nij nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens, Guillermo del Toro en himsels. De film gie op 2 desimber 2013 yn premiêre, en brocht $958,6 miljoen op tsjin in budget fan $191,2 miljoen. The Hobbit: The Desolation of Smaug waard nominearre foar trije Oscars, twa BAFTA's, in Grammy Award, in Satellite Award, acht Saturn Awards (wêrfan't er ien wûn), twa Annie Awards en sân Empire Awards (wêrfan't er twa wûn).

The Hobbit: The Battle of the Five Armies[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Hobbit: The Battle of the Five Armies.

Yn The Hobbit: The Battle of the Five Armies moatte de hobbit Bilbo Baggins (Martin Freeman) en de dwergen fan Thorin Ikeskyld (Richard Armitage) tasjen hoe't de draak Smaug (Benedict Cumberbatch) Esgaroth-oan-de-Langmar yn ljochte lôge set. Bard de Bôgesjitter (Luke Evans) wit lykwols út it tichthûs te brekken en sjit de draak dea mei de Swarte Pylk. Neitiid komt Thorin yn 'e gryp fan in syklike gjirrigens nei de skat fan goud en ealstiennen dy't de draak sammele hat, en yn 't bysûnder nei de Erkenstien, in reuseftige fûnkelstien. As er heard dat de oerlibbenen fan Esgaroth nei de ruïnes fan Dol flechtsje, fuortby de Ienlike Berch, lit er de tagongen ta de berch ôfslute. Underwilens marsjearje Azog (Manu Bennett) en syn soan Bolg (John Tui) elts mei in leger oarken op nei de Ienlike Berch om beslach te lizzen op 'e skat fan Smaug. De elvekening Thranduil (Lee Pace) bringt ek in leger gear om oanspraak te meitsjen op it goud. It minskeleger fan Esgaroth, ûnder lieding fan Bard de Bôgesjitter, makket miene saak mei Thranduil, wylst út it easten in leger dwergen ûnder lieding fan Thorin syn neef Dáin Izerfoet (Billy Connolly) opmarsjearret. Foar de Ienlike Berch moetsje de fiif legers inoar yn in reuseftige fjildslach.

Ek The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard wer regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens, Guillermo del Toro en himsels. De film gie op 1 desimber 2014 yn premiêre, en brocht $956 miljoen op tsjin in budget fan nei skatting $250 oant 300 miljoen. The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard nominearre foar in Oscar, in BAFTA, in Screen Actors Guild Award, trije Annie Awards, fjouwer Empire Awards en sân Saturn Awards (wêrfan't er twa wûn).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Lord of the Rings (filmtrilogy) en The Hobbit (filmtrilogy)
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) • The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) • The Lord of the Rings: The Return of the King (2003) • The Hobbit: An Unexpected Journey (2012) • The Hobbit: The Desolation of Smaug (2013) • The Hobbit: The Battle of the Five Armies (2014)