The Hobbit: The Battle of the Five Armies

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Hobbit:
The Battle of the Five Armies
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Hobbit-The Battle of the Five Armies logo.png
makkers
regisseur Peter Jackson
produsint Carolynne Cunningham
Zane Weiner
Fran Walsh
Peter Jackson
senario Fran Walsh
Philippa Boyens
Peter Jackson
Guillermo del Toro
basearre op The Hobbit fan J.R.R. Tolkien
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Howard Shore
filmstudio New Line Cinema
Metro-Goldwyn-Mayer
WingNut Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Martin Freeman
Ian McKellen
Richard Armitage
byrollen Orlando Bloom
Evangeline Lilly
Luke Evans
Lee Pace
Manu Bennett
Billy Connolly
skaaimerken
lân/lannen Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 1 desimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoere- en
   oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Quenya)
spyltiid 144 minuten
budget en resultaten
budget $250-300 miljoen
opbringst $956 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje The Hobbit
● foarich diel The Hobbit: The Desolation
   of Smaug

The Hobbit: The Battle of the Five Armies is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoere- en -oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it lêste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: De Slach fan 'e Fiif Legers". It is it ferfolch op The Hobbit: The Desolation of Smaug, út 2013, en it trêde en lêste diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't sels wer in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings.

It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't troch de tsjoender Gandalf behelle is yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. Yn The Hobbit: The Battle of the Five Armies slagget dat, mar de syklike gjirrigens dêr't Thorin troch oantaast wurdt en de kapers op 'e kust dy't de ûnbidige skathuorde fan Smaug oanlûkt, soargje foar nije swierrichheden. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard nominearre foar in Oscar en in BAFTA en wûn twa Saturn Awards.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies begjint daliks op it punt dêr't The Hobbit: The Desolation of Smaug ophold. Bilbo Baggins is in hobbit dy't mei de tsjoender Gandalf en trettjin dwergen (Thorin, Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur) op in kweeste gien is nei de Ienlike Berch, in earder dwergekeninkryk dat no al mear as 170 jier beset wurdt troch de boasaardige draak Smaug. Mei Thorin Ikeskyld, de erfgenamt fan it keninkryk, en acht oare dwergen hat Bilbo no de reisbestimming berikt, mar se hawwe de draak Smaug wekker makke út syn slommer. As er harren net te pakken krije kin, beslút er harren in leske te learen troch Esgaroth-oan-de-Langmar, yn 'e folksmûle bekend as 'Marstêd', dêr't se op harren lange reis help krigen hawwe, plat te brânen. Yn ûntsteltenis sjocht Bilbo ta hoe't de breinroere draak fuortfljocht yn 'e rjochting fan dat plak.

Marstêd, dêr't men de flammen by de Ienlike Berch sjen kin, is ûnderwilens alhiel yn ûnstjoer. De korrupte master fan Marstêd en syn trewanten lade al harren goud yn in boat en besykje te ûntkommen, wylst de elvinne Tauriel en de fjouwer efterbleaune dwergen Fíli, Kíli, Óin en Bofur de bern fan 'e finzensette Bard de Bôgesjitter yn feilichheid besykje te bringen. As de draak úteinset mei syn oanfal op 'e stêd, wit Bard yn 'e resultearjende gaos út it tichthûs te brekken. Mei in stellen pylk-en-bôge besiket er de draak del te sjitten, mar de skobben fan it wêzen binne ûnkwetsber foar sokke wapens. Bard syn soan Bain, dy't de lêste swarte pylk, in fan 'e dwergen makke wapen dêr't in draak mei deade wurde kin, by him hat, wit syn heit te berikken. It slagget Bard dêrnei om Smaug deadlik te reitsjen, en de reuseftige draak stoart del boppe-op 'e boat fan 'e master fan Marstêd, dy't mei de oare opfarrenden en al syn goud ferplettere wurdt.

De oerlibbenen fan it no folslein ferwoastge Marstêd sammelje har de oare moarns op 'e igge fan 'e Langmar. Dêr jouwe Bard syn beide dochters Sigrid en Tilda har wer by him en Bain. Kíli de dwerch ferklearret op 'e nij syn leafde foar de tsjeppe elvinne Tauriel, mar de oare dwergen roppe him mei en sy wurdt op har beurt roppen troch de elfske prins Legolas, dy't sels fereale op har is. Wylst de fjouwer dwergen ôfsette nei de Ienlike Berch, arrivearret in boadskipper fan Legolas syn heit, kening Thranduil fan 'e boskelven, dy't syn soan nei hûs ropt. Tauriel, lykwols, dy't sûnder tastimming út 'e sealen fan Thranduil ôfset wie, wurdt foar ferballe ferklearre. Legolas jout de boadskipper opdracht om syn heit tynge te dwaan dat hysels yn dat gefal likemin weromkomme sil. Yn it gefjocht fan 'e foargeande jûns is Bolg, de soan fan 'e oarkske haadman Azog de Besmoarger, oan Legolas ûntkommen. Mar Legolas wit dat er fan Gundabad komt, yn 'e noardlike Diisbergen, dat dêr set er mei Tauriel hinne om syn fijân te sykjen.

Bard wurdt troch de oerlibbenen fan Marstêd tsjin wil en tank keazen as harren nije lieder. Dat is net inkeld om't er de draak deade hat, mar ek om't er in ôfstammeling is fan Girion, de lêste kening fan Dol, de minsklike stêd lyk foar de poarten fan 'e Ienlike Berch dy't 170 jier lyn troch Smaug ferwoastge is. As syn earste die beslút er de oerlibbenen ûnder te bringen yn it iennichste beskûl yn 'e fiere omkriten: de ruïnes fan Dol, dêr't it no, nei de dea fan Smaug, ommers wer feilich is. Yn 'e Ienlike Berch wurde Kíli, Fíli, Óin en Bofur hertlik ferwolkomme troch Bilbo en de oare dwergen. It docht lykwols bliken dat Thorin, no't er de skathuorde fan Smaug yn syn besit hat, yn 'e greep kommen is fan in syklike gjirrigens, oanboaze mei waantinkbylden en paranoia, dy't de dwergen de 'drakesykte' neame. Syn pake Thrór, de lêste Kening ûnder de Berch (sa't de titel fan 'e dwergehearsker fan 'e Ienlike Berch is), litte oan deselde sykte, en soe sa de draak Smaug nei de Ienlike Berch ta lokke hawwe, mei't draken soks oanfiele kinne.

Thorin rekket no obsedearre troch it finen, mank de ûnbidige skathuorde, fan 'e Erkenstien, in grutte ealstien fan ûnfoarstelbere skientme dy't de dwergen 'it hert fan 'e berch' neame. It docht bliken dat Bilbo de Erkenstien ûnder syn petear mei Smaug fûn en opkrigen hat, mar dat geheim holden hat. De draak fertelde him nammentlik dat er it yn him omgean litten hie om Thorin de Erkenstien te jaan, allinne mar om ta te sjen hoe't it besit fan dat juwiel him ferneatigje soe. No pakt Bilbo dermei om oft it better is om syn freon Thorin de Erkenstien te jaan of him dy te ûnthâlden. Nei in petear mei Balin, dy't seit te freezjen dat it allinne mar minder mei Thorin wurde soe as dy de Erkenstien yn 'e hannen krige, beslút Bilbo syn finen fan 'e stien geheim te hâlden. Nettsjinsteande dat boazet de drakesykte fan Thorin almar fierder oan. As er heart dat de oerlibbenen fan Marstêd nei de ruïnes fan Dol ta sette, rekket er derfan oertsjûge dat se syn goud stelle wolle en oarderet er syn dwergen om 'e troch Smaug ferrinnewearre poarte fan 'e Ienlike Berch te barrikadearjen mei grutte brokstikken pún.

Underwilens is de tsjoender Gandalf noch altyd in finzene fan 'e weropstiene kweageast Sauron yn dy syn fêsting Dol Guldur, yn it súdlike Brimsterwâld. As er troch de oanhâldende ynfloed fan it kwea hast beswykt, wurdt er lykwols rêden troch Galadriel, de keninginne fan 'e hege elven fan Lothlórien. Hja lit him yn feilichheid bringe troch de tsjoender Radagast de Brune, wêrnei't Elrond fan Rivendell en de tsjoender Saruman de Wite Sauron syn njoggen Ringsjammen, de Nazgûl, ferslane. Galadriel sels bynt de striid oan mei de foarmleaze Sauron, dy't se út Dol Guldur ferballet nei it easten. Hja is bot ferswakke troch de krêften dy't dat fan har ferge hat. Elrond wol mei man en macht efter Sauron oan ear't er in nije machtsbasis yn it lân Mordor fêstigje kin, mar Saruman seit dat harren fijân nea wer syn âlde macht weromkrije sil mei't er dêrfoar ferlet hat fan 'e Iene Ring, dy't ferlern gien is (net wittende dat Bilbo yn 'e grotten yn 'e Diisbergen in ring fûn hat dy't him it fermogen jout om ûnsichtber te wurden).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As er wat bekommen is, hastiget Gandalf him nei de Ienlike Berch ta om syn freonen dêre te warskôgjen foar it leger oarken ûnder Azog de Besmoarger dat troch Sauron útstjoerd is. Azog moetet yn 'e tuskentiid syn soan Bolg, dy't ûntkommen is oan syn gefjocht mei Legolas yn Marstêd (sjoch: The Hobbit: The Desolation of Smaug). Hy stjoert him nei Gundabad ta om in twadde leger oarken nei de Ienlike Berch te lieden. As Legolas en Tauriel letter by poarten fan Gundabad oankomme, binne se dêr tsjûge fan it optsjen fan it leger fan Bolg, dat net inkeld út oarken bestiet, mar ek út meunsterlike reuseftige flearmûzen.

Yn 'e nacht arrivearret kening Thranduil mei in leger boskelven te Dol, mei de bedoeling om yn 'e Ienlike Berch beslach te lizzen op 'e elfske erfstikken yn 'e skathuorde fan Smaug. Bard bepraat him om him earst mei Thorin te wurd te litten, en set nei de berch ta om it oandiel yn it skathuorde op te easkjen dat Thorin de master fan Marstêd ûnthjitten hie yn ruil foar dy syn stipe. Sa ynklauwerich en paranoïde is Thorin lykwols wurden dat er fan gjin dielen fan 'e skat witte wol en Bard mei hurde wurden fuortstjoerd. Thranduil beslút de Ienlike Berch de oare deis by moarnsdage oan te fallen en nûget Bard út en nim diel oan dy oanfal. Bard bewapenet dêrom syn minsken mei de wapens en wapenrissen út 'e âlde arsenalen fan Dol. As Gandalf yn Dol arrivearret wurdt syn warskôging foar in oarkske oanfal troch Thranduil net serieus nommen. Underwilens glûpt Bilbo de Ienlike Berch út en draacht de Erkenstien oer oan Bard en Thranduil, yn 'e hoop dat oarloch foarkomd wurde kin as de minsken en elven foar Thorin oer in bettere ûnderhannelingsposysje hawwe.

De oare moarns stelle de elven en minsken har yn slachoarder op foar de Ienlike Berch, dêr't Bard en Thranduil nei foarren ride om mei Thorin te praten. Dyselde wol noch altyd neat witte fan in kompromis, en as Bard de Erkenstien foar it ljocht hellet, hjit er him in liger en beskuldiget er him fan bedragerij. Bilbo, dy't ûnderwilens wer de Ienlike Berch ynglûpt is, fertelt Thorin lykwols wat er dien hat. Dêrop wol Thorin him deadwaan, mar de oare dwergen en Gandalf hâlde him tsjin en Bofur helpt Bilbo om op 'e nij fan rutens te spyljen en him by de tsjoender te jaan. As Bard en Thranduil Thorin derop fergje wat it wurde sil, oarloch of frede, komt de raven dy't er útstjoerd hie, werom. Wittende wat dat betsjut, kiest Thorin foar oarloch. De weromkear fan 'e raven kundiget nammentlik de oankomst oan fan it leger dwergen fan Thorin syn neef Dáin Izerfoet, de kening fan 'e Izerheuvels. Dat stelt him yn slachoarder op foar it alliëarde elfske en minsklike leger oer.

Eefkes liket it derop dat de elven en dwergen in fjildslach útfjochtsje sille, mar dat wurdt foarkomd troch de hommelse oankomst fan it leger oarken, fuortsterke mei trollen, ûnder lieding fan Azog. Dáin smyt syn dwergen yn 'e striid tsjin 'e oarken, en nei in oprop fan Gandalf oarderet Thranduil syn elven om 'e dwergen te helpen. Underwilens liedt Bard syn leger fan minsken werom nei de ruïnes fan Dol, dêr't de froulju en bern warleas efterbleaun binne, as Azog dy troch in diel fan syn leger fan 'e oare kant oanfalle lit. De gefjochten yn 'e strjitten fan 'e âlde stêd ûntpopje har lykwols yn in wanhopige striid dy't de oarken en trollen yn harren foardiel driigje te besljochtsjen. Op it iepen fjild wurde de elven weromdreaun nei Dol, wylst de dwergen tebekwike moatte nei de poarten fan 'e Ienlike Berch.

Yn 'e berch steane de oare dwergen der by Thorin op oan om harren meifjochtsje te litten, mar dat wegeret er, deabenaud as er is dat er dêrtroch wat fan 'e skathuorde kwytreitsje soe. De wurden dy't Gandalf, Bilbo en no Dwalin en de oare dwergen tsjin him sprutsen hawwe, bliuwe him lykwols yn 'e holle om malen, en op in stuit wurdt er it slachtoffer fan in traumatyske hallusinaasje wêrby't er troch in see fan floeiber goud omleech sûgd wurdt oant er ferdrinkt. Dat stelt him einlings by steat om 'e drakesykte fan him ôf te skodzjen, en hy liedt de tolve oare dwergen by in útfal út 'e Ienlike Berch dwers troch de rangen hinne fan 'e dwergen fan 'e Izerheuvels op it leger fan oarken ta. De troepen fan Dáin fetsje dêrtroch nije moed en folgje Thorin as er oan it haad fan in puntformaasje troch it fijannige leger hinne snijt. As se sjogge en hearre dat de dwergen foarútgong boeke, werpakke ek de elven harsels wylst de minsken fan Dol fersterking krije as harren froulju de wapens opnimme en fanwegen komme om mei te fjochtsjen.

Thorin beslút om 'e fjildslach te winnen troch Azog te deadzjen, dat mei Dwalin, Fíli en Kíli beklimt er de Ravensheuvel, dêr't Azog syn haadkertier opslein hat yn 'e ruïne fan in âlde wachttoer. Underwilens arrivearje Legolas en Tauriel yn Dol mei de warskôging dat Bolg in twadde leger fan oarken liedt, dat út it noarden op 'e stêd ta komt. Mei't de Ravensheuvel pal noardlik fan 'e stêd leit, driigje Thorin-en-dy yn in mûklaach te rinnen. Bilbo brûkt syn magyske ring om himsels ûnsichtber oer it slachfjild te bewegen en de Ravensheuvel te beklimmen, sadat er Thorin warskôgje kin. As Tauriel heart dat Kíli him op 'e Ravensheuvel befynt, set hja ek dy kant út, bystien troch Legolas.

De warskôging fan Bilbo komt te let, en Fíli wurde finzennommen en deade troch Azog. Thorin giet dêrop in twagefjocht mei Azog oan op in beferzen rivier, dêr't er fan alle kanten oanfallen wurdt troch oare oarken. Dat oerlibbet er troch de help fan Legolas, dy't fan 'e top fan 'e toer ôf mei pylk-en-bôge de iene oark nei de oare út 'e ljochten helpt. Bolg wurdt Tauriel oermânsk, en as Kíli har te help komt, deadet er him. As er ek Tauriel ombringe wol, ferskynt Legolas, dy't nei in lange striid mei Bolg ôfweeft. Op 'e rivier wit Thorin einlings en te'n lêsten Azog te deadzjen troch sels in fatale wûne te akseptearjen. Bilbo, dy't by de gefjochten oan 'e foet fan 'e wachttoer út 'e tiid rekke wie, fynt him dêr en is by him as er ferstjert. Radagast de Brune arrivearret mei de hûdwikselder Beorn en de grutte earnen fan 'e Diisbergen, dy't koart wurk meitsje fan it leger oarken út Gundabad. Yn 'e delling hawwe de dwergen, elven en minsken ûnderwilens de oarken fan Azog ferslein.

Nei de slach rouwet Tauriel om Kíli. Thranduil, dy't earder neat witte woe fan leafde tusken in dwerch en in elvinne, erkent dat harres wiere leafde is as it sa'n pine docht, wêrmei't er yn bedutsen termen ferwiist nei syn eigen leafde foar Legolas syn mem, oer wa't er nea praat, en dy't iuwen earder yn 'e striid tsjin 'e heksekening fan Angmar sneuvele is. Legolas beseft dat Tauriel nea foar him fiele sil wat hy foar har fielt, en fertelt syn heit dat er net weromkin nei it Brimsterwâld. Thranduil riedt him oan om yn it âlde Arnor in jonge doarmer fan 'e Dúnedain op te sykjen, dy't de namme Stapper brûkt. Yn Dol wurdt Bard útroppen ta kening, en yn 'e Iensume Berch wurdt Thorin begroeven mei Fíli en Kíli en mei de Erkenstien, wêrnei't Dáin Izerfoet Kening ûnder de Berch wurdt.

Ear't dat allegear syn beslach krije kin, set Bilbo ôf nei hûs, nei't er ôfskie nommen hat fan 'e tsien oare dwergen dy't syn reismaten wiene. Gandalf reizget mei oant se de grins fan it Goa, it lân fan 'e hobbits, berikt hawwe. As se dêr útinoar geane, jout de tsjoender blyk fan syn wittenskip oangeande it feit dat Bilbo yn 'e Diisbergen in ring fûn hat, ek al fertelt Bilbo him dat er de ring kwytrekke is. As er wer te Hobittum arrivearret, docht bliken dat der krekt dy deis in feiling holden wurdt, wêrby't al syn besittings ferbuolguodde wurde. Hy is nammentlik ynienen ferdwûn en al in jier net sjoen, dat men gie derfan út dat er dea wie. Nei't er in ein oan 'e feiling makke hat, giet er yn 'e hûs, dêr't bliken docht dat er de ring noch altyd hat.

Sechstich jier letter kriget Bilbo thús besite fan Gandalf as er syn 111e jierdei fiert. (Dat is it punt dêr't de Lord of the Rings-filmtrilogy begjint.)

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bilbo Baggins Martin Freeman
Gandalf de Grize sir Ian McKellen
Thorin Ikeskyld, de Kening ûnder de Berch Richard Armitage


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Legolas Orlando Bloom
Tauriel Evangeline Lilly
Bard de Bôgesjitter Luke Evans
kening Thranduil fan 'e boskelven fan it Grienewâld Lee Pace
Azog de Besmoarger Manu Bennett
kening Dáin Izerfoet fan 'e Izerheuvels Billy Connolly
Kíli Aidan Turner
Balin Ken Stott
Dwalin Graham McTavish
Fíli Dean O'Gorman
Dori Mark Hadlow
Nori Jed Brophy
Ori Adam Brown
Óin John Callen
Glóin Peter Hambleton
Bifur William Kircher
Bofur James Nesbitt
Bombur Stephen Hunter
Bolg John Tui
keninginne Galadriel fan 'e hege elven fan Lothlórien Cate Blancett
Elrond de healelf, hear fan Rivendell Hugo Weaving
Saruman de Wite Christopher Lee
Smaug de draak Benedict Cumberbatch (inkeld stim)
Bain, soan fan Bard John Bell
Alfrid Lickspittle Ryan Gage
Radagast de Brune Sylvester McCoy
de master fan Marstêd Stephen Fry
Sauron Benedict Cumberbatch (inkeld stim)
de âlde Bilbo Baggins Ian Holm
Sigrid, dochter fan Bard Peggy Nesbitt
Tilda, dochter fan Bard Mary Nesbitt
Beorn Mikael Persbrandt
Feren Simon London
sipier fan 'e tsjerkers fan Dol Guldur Conan Stevens
Braga, kaptein fan 'e wacht fan Marstêd Mark Mitchinson

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies is basearre op it lêste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe (lykas it personaazje fan 'e elvinne Tauriel en har trijehoeksferhâlding mei Kíli en Legolas). As filmsearje hie The Hobbit oarspronklik út twa dielen bestean sillen, mar mids 2012 waard befêstige dat der in trilogy fan makke wurde soe.

Yn 't earstoan soe de trêde film There and Back Again ("Dêrhinne en Wer Werom") hjitte (de ûndertitel dy't Tolkien meijoech oan syn boek The Hobbit), mar yn april 2014 waard ynstee keazen foar The Battle of the Five Armies (dat oarspronklik de titel fan ien fan 'e haadstikken fan The Hobbit wie). Neffens de makkers joech dy titel folle better de ynhâld fan 'e film wer en doogde "Dêrhinne en Wer Werom" foar de trêde film eins net, mei't Bilbo en de Dwergen yn 'e twadde film, The Hobbit: The Desolation of Smaug, al "dêrhinne" gien wiene en it "wer werom" mar in hiel lyts part fan 'e film foarme.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard krekt as The Hobbit: An Unexpected Journey en The Hobbit: The Desolation of Smaug, de beide foargeande dielen fan 'e Hobbit-trilogy, regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens, himsels en Guillermo del Toro. As produsinten wiene Carolynne Cunningham, Zane Weiner, Walsh en Jackson by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, Metro-Goldwyn-Mayeren WingNut Films. The Hobbit: The Battle of the Five Armies wie in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan $250 oant 300 miljoen foar beskikber wie.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, de filmmontaazje die Jabez Olssen en de filmmuzyk waard fersoarge troch Howard Shore mei meiwurking fan it Nijseelânsk Symfony-orkest. De films fan 'e Hobbit-trilogy waarden oanslutend opinoar filme, krekt sa't Jackson dat tsien jier earder ek dien hie mei de Lord of the Rings-films. De opnamen begûnen op 21 maart 2011 op lokaasje yn Nij-Seelân en einigen nei 266 filmdagen op 6 july 2012.

Regisseur Peter Jackson (hielendal lofts) en de cast fan The Hobbit: The Battle of the Five Armies op 'e San Diego Comic-Con yn 2014.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 1 desimber 2014 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 11 desimber iepene yn 'e bioskopen yn Nij-Seelân, op 12 desimber yn dy yn it Feriene Keninkryk en op 17 desimber yn dy yn 'e Feriene Steaten. The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard op 6 maart 2015 útbrocht as digitale download en op 24 maart 2014 op dvd en blu-ray yn twa ferzjes: de bioskoopedysje fan 144 minuten en in director's cut-ferzje mei 20 minuten oan bykommend materiaal.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Yn it tydskrift Variety omskreau Scott Foundas de film as "sawol de spannendste, de fluchste (mei in relatyf meagere 144 minuten) as de dûnkerste ôflevering, sawol fisueel as op it mêd fan 'e gefoelens yn 'e herten fan minsken, dwergen en oarken." Todd McCarthy skreau yn The Hollywood Reporter: "Nei seis films, 13 jier en 1.031 minuten fan mienskiplike spyldoer hat Peter Jackson syn oerweldigjend winstjaande bûging foar it alter fan J.R.R. Tolkien ôfrûne mei in film dy't miskien wol de meast poer fermaaklike fan allegear is." Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Andrew Pulver: "Dizze film is in passende konklúzje foar in searje dy't, op syn minst, it plak fan Tolkien yn 'e bredere kultuer bliuwend beynfloede hat."

Nicholas Barber fan 'e BBC stelde dat it Jackson mei The Hobbit: The Battle of the Five Armies slagge wie om 'e kleau tusken de foargeande Hobbit-films en de Lord of the Rings-trilogy te tichtsjen, en hy joech ta dat de film "in kolossale technyske prestaasje wie. Hy hie lykwols ek krityk op 'e film, benammen op 'e "harsels werheljende fjildslachsênes en it gebrek oan in plot." Tim Robey fan The Daily Telegraph hie lykwols net folle op mei The Hobbit: The Battle of the Five Armies, en omskreau de film as "in alineä op steroïden" dy't "noch hiel min, noch yn 'e fierste fierte ûnferwachts [wie]. It is in rige fuotnoaten op 'e siik nei in hichtepunt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hobbit: The Battle of the Five Armies in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 261 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er suver wat oerstimd wurdt troch syn eigen spektakel, beëiniget [de film] de Midierde-trilogy fan Peter Jackson op ridlik befredigjende wize." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hobbit: The Battle of the Five Armies in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 44 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $255,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $700,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $956 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $250 oant 300 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $656 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Hobbit: The Battle of the Five Armies de op ien nei meast opbringende film fan 2014 (nei Transformers: Age of Extinction). It tydskrift Deadline Hollywood berekkene de netto opbringst fan The Hobbit: The Battle of the Five Armies op $103,4 miljoen. Neffens The Hollywood Reporter waard oan 'e film hast $90 miljoen minder fertsjinne as kinnen hie troch ûngeunstige wikselkoersen feroarsake troch in stigende Amerikaanske dollar en delgeande oare faluta.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hobbit: The Battle of the Five Armies waard yn 2015 nominearre foar ien Oscar, yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje (Brent Burge en Jason Canovas). De film waard ek nominearre foar in BAFTA foar bêste special effects, in Screen Actors Guild Award foar bêste stuntlju, in MTV Movie Award foar bêste held (Martin Freeman), in Kids' Choice Award foar bêste froulike aksjestjer (Evangeline Lilly), in Teen Choice Award foar bêste science fiction- of fantasyfilm en trije Annie Awards foar ûnderskate aspekten fan kompjûteranimaasje yn in live-actionfilm.

Fierders waard The Hobbit: The Battle of the Five Armies nominearre foar fjouwer Empire Awards, foar bêste film, bêste regisseur (Peter Jackson), bêste akteur (Richard Armitage) en bêste science fiction- of fantasyfilm. By de Saturn Awards waard de film nominearre yn sân kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in aktrise (Evangeline Lilly), bêste senario (Fran Walsh, Philippa Boyens, Peter Jackson en Guillermo del Toro), bêste filmmuzyk (Howard Shore), bêste special effects (Joe Letteri, Eric Saindon, David Clayton en R. Christopher White), en bêste fisazjy (Peter King, Rick Findlater en Gino Acevedo). De film wûn de Saturn Awards foar bêste fantasyfilm en bêste byrol fan in akteur (Richard Armitage).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Lord of the Rings (filmtrilogy) en The Hobbit (filmtrilogy)
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) • The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) • The Lord of the Rings: The Return of the King (2003) • The Hobbit: An Unexpected Journey (2012) • The Hobbit: The Desolation of Smaug (2013) • The Hobbit: The Battle of the Five Armies (2014)