The Guardian
The Guardian | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | The Manchester Guardian | |
nasjonaliteit | Britsk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | krante | |
frekwinsje | 1 × deis | |
bestean | 1821 – no | |
oprjochter | John Edward Taylor | |
plak haadred. | Londen (Ingelân) | |
útjouwer | Guardian Media Group | |
oplaach | 153.163 (2016) | |
ISSN | 0261-3077 | |
offisjele webside | ||
theguardian.com |
The Guardian is in deistich ferskinende krante yn Ingelân, wêrfan't de redaksje fêstige is yn Londen. Dizze publikaasje sette yn 1821 útein yn Manchester as The Manchester Guardian, in namme dy't oant 1959 yn gebrûk bleau, doe't de redaksje út Manchester nei Londen ferfear. Tsjintwurdich wurdt de krante, yn 'e mande mei de susterpublikaasjes The Observer en Guardian Weekly, útbrocht troch de Guardian Media Group, dy't eigendom is fan 'e Scott Trust. The Guardian hie yn 2016 in oplaach fan goed 153.000 eksimplaren en stiet bekend as in platfoarm foar progressive en polityk linkse ideeën. De krante hat fierders de bynamme The Grauniad, omreden fan alle typflaters dêr't er earder berucht om wie.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Guardian waard yn 1821 yn it Ingelske Manchester, ûnder de namme The Manchester Guardian, oprjochte troch katoenkeapman John Edward Taylor mei de stipe fan 'e saneamde Lytse Rûnte, in groep pleatslike sakelju. Dat barde nei't de eardere en radikalere krante Manchester Observer troch de plysje sletten wie. The Manchester Guardian wie yn 't earstoan in liberale krante fan en foar it progressive diel fan 'e begoedige maatskiplike klassen. De konservativen moasten der neat fan hawwe, likemin as lju út 'e arbeidersklasse. Dy hiene har eigen krante yn Manchester, de Manchester and Salford Advertiser. Dêryn waard The Manchester Guardian omskreaun as "de walchlike prostituee en smoarge parasyt fan it minste part fan 'e fabrykseigners".
Yn 1825 fusearre The Manchester Guardian mei de British Volunteer, wêrnei't er oant 1828 The Manchester Guardian and British Volunteer hiet. It bleau in lokaal deiblêd oant it ûnder it haadredakteurskip fan C.P. Scott in liedende krante mei lanlike erkenning waard. Scott stie 57 jier oan it haad fan The Manchester Guardian, fan 1872 oant 1929. Yn dy snuorje skode de toan fan 'e krante fierder op nei links. Sa wie Scott in foarstanner fan 'e ynfiering fan frouljuskiesrjocht, mar hied er krityk op 'e aksjes fan 'e suffrazjettes. En ûnder de Twadde Boere-oarloch (1899-1902) gied er tsjin 'e publike opiny yn troch him tsjin 'e Britske feroveringsoarloch yn Súdlik Afrika oan te kantsjen.
Yn 'e Spaanske Boargeroarloch (1936-1939) naam The Manchester Guardian dúdlik stelling foàr demokrasy en tsjin de faksistyske diktatuer fan generaal Franco. Yn 1956 kante The Manchester Guardian him sterk oan tsjin 'e Britske dielname oan 'e Suëzoarloch yn Egypte. Under it langjierrige konflikt yn Noard-Ierlân besocht de krante in soarchfâldich neutrale posysje yn te nimmen tusken it terrorisme fan 'e IRA en de bloedige eksessen fan it Britske Leger, lykas op Bloedige Snein (1972). Under de Earste Golfoarloch (1990-1991) joech The Guardian utering oan twifels oangeande militêre aksje tsjin Irak. De yntervinsje troch de NATO yn 'e Kosovo-oarloch (1998-1999) koe dan wer op 'e folsleine stipe fan 'e krante rekkenje. Nei de iuwwiksel waard The Guardian beskuldige fan sawol antysemitisme yn 'e berjochtjouwing oer Israel as fan foaroardielen tsjin en diskriminaasje fan 'e Palestinen.
Eigendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1936 gie it eigendom fan The Manchester Guardian fan 'e lêste eigner John Russell Scott oer op 'e Scott Trust, in stifting. Mei dy set waard de finansjele en redaksjonele ûnôfhinklikheid fan 'e krante bewissige. Yn 2008 waard de Scott Trust omfoarme ta in besletten fennoatskip (limited company). Dy hat de Guardian Media Group yn besit, dêr't njonken The Guardian ek twa susterpublikaasjes ta hearre: de sneinskrante The Observer en it wykblêd Guardian Weekly. Earder sieten der ek noch oare publikaasjes by yn, wêrûnder de Trinity Mirror en de Manchester Evening News (ferkocht yn 2010).
Reputaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Guardian wurdt rekkene ta de meast serieuze en respektearre kranten yn it Feriene Keninkryk. Hoewol't de publikaasje úteinsette as in liberaal deiblêd foar de hegerein, is it politike stânpunt meitiid fierder nei links opskood. Neffens in enkête út 2005 stimde 44% fan 'e doetiidske lêzers op 'e Labourpartij en 37% op 'e Liberaal-Demokraten.[1]
Oansjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 septimber 2005 stapte The Guardian oer fan broadsheet nei berlinerformaat. Alle oare kranten yn it Feriene Keninkryk kamen út yn it broadsheet- of it tabloidformaat. Sûnt begjin 2018 wurdt ek The Guardian útbrocht op tabloidformaat. The Guardian wurdt yn Manchester en Londen drukt. It is de iennichste Britske lanlike krante dy't folslein yn kleur printe wurdt.
Crowdsourcing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Guardian is ien fan de koprinners op it mêd fan crowdsourcing yn 'e sjoernalistyk: it ynsetten fan it publyk foar it oanleverjen fan ideeën foar artikels. Yn 2009 begûn The Guardian mei it projekt Check Your MP's Expenses, wêrby't de de krante de deklaraasjes fan parlemintariërs opfrege en online iepenbier makke. Lêzers fan 'e krante koene op 'e spesjale webside troch de bontsjes blêderje en oanjaan hokker deklaraasjes fertochte wienen. Dat smiet in rige grutte ferhalen op. It webstee GuardianWitness is de basis foar alle crowdsourcingprojekten fan The Guardian. Brûkers kinne bydrage oan losse opdrachten yn 'e foarm fan teksten, fideo's en foto's.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Guardian
- (in) The Guardian: MP's expenses
- (in) GuardianWitness, crowdsourcing fan artikels
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|