Springe nei ynhâld

Antysemitisme

Ut Wikipedy
De Jood, út De maskers af! fan Theo van Doesburg

Antysemitisme of joadehaat is de haat tsjin Joaden op grûn fan harren etnisiteit en/of religy, resultearjend yn diskriminaasje dy't ferskate foarmen oannimme kin. It antysemitisme wurdt karakterisearre troch in fijannige hâlding en foaroardielen foar de joaden oer. In faak hearde oarsaak is it Bibelske ferhaal wêryn't de Joaden de krusiging fan Jezus Kristus feroarsaakje. In foarm fan antysemitisme is judeofoby, eangstme foar Joaden, yn 'e regel feroarsake troch de grutte maatskiplike ynfloed dy't hja hawwe soene (benammen yn 'e finansjele sektor en de polityk) of troch grizelferhalen oer de ûntaarde religieuze praktiken (it offerjen fan bern, ensfh.) dy't hja bedriuwe soene.

Joaden en it joadendom hawwe yn de skiednis faak te krijen hân mei wjerstân (of ferset of haat) fan tsjinstanners. In soad foarmen fan dy wjerstân liite har gearfetsje yn de term 'antysemitisme'. Yn de skiednis hawwe ekstreme uterings fan antysemitysk aard gauris laat ta moard op Joaden, lykas by pogroms en yn de Holocaust. Neist de term 'antysemitisme' wurdt ek de term anty-judaïsme wolris brûkt; dy term wiist dan mear op 'e teologyske tsjinstanners fan it joadendom (dus los fan de Joadske etnisiteit, mar him rjochtsjend op de leauwenskant).[1]

Yntroduksje fan de term

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term 'antysemitisme' waard foar it earst brûkt tusken 1870 en 1880 yn Dútslân troch Wilhelm Marr, ûnder oaren yn syn Antisemitische Hefte út 1879. It ferskynsel sels is lykwols folle âlder as de 19e iuw. Antysemitisme moat net betize wurde mei antysionisme, dat him rjochet tsjin it sionisme en dêrmei tsjin de stifting, it betsean en it belied fan de steat Israel, of tsjin de Sionistyske doelstelling ta in Grut-Israel te kommen. Antysionisme stiet folslein los fan antysemitisme.[2] De steat Israel en pro-Israelyske lobbys yn Westerske lannen besykje antysionisme te bestriden troch it lyk te slaan mei antysemitisme.

Antysemitisme kin fuortkomme út meardere ideologyen, lykas fûnemintalistyske foarmen fan it kristendom, en de islaam, nasjonalisme, kommunisme, rasisme, nasjonaal-sosjalisme en faksisme, wêrby't Joaden of it joadendom as religy as tsjinstanner, fijân of ferwerplike godstsjinst sjoen wurde kinne (bygelyks as fijân fan Kristus of Allah, frjemdling, kapitalist, kommunist, ensfh.).

Antysemitisme is net yn alle gefallen in bewust keazen polityk of religieus stânpunt, mar kin ek fuortkomme út foaroardielen of tinkfouten (fallacia consequentis). Sa 'konkludearre' de 19e-iuwske Dútske komponist Richard Wagner, dy't in fûleindich antysemyt wie, dat as hy ien net lije mocht, dyjinge dan in Joad wêze moast as oars dochs syn mem alteast in Joadinne wêze moast.[3] Dat nimt net wei dat Wagner útfieringen fan earste produksjes fan nije operakomposysjes krekt oan Joadske diriginten tabetroude: ien fan de withoefolle paradoksen yn de libbensskiednis fan de komponist.

Neffens guons[4][5] hingje antysemiten ek gauris ferskate komplotteoryen oan, wêryn't dan oan Joaden in faak ferhoalen bepalende rol yn "it wrâldbarren" tadichte wurdt, of in stribjen nei wrâldoerhearsking. Faak wurdt dêrby gjin ûnderskied makke tusken bygelyks Joaden (as folk) en joaden (as oanhingers fan in religy) en bygelyks likemin tusken it sionisme en de steat Israel.

In oantal foarfallen yn de wrâld wurdt - út antysemitysk tinken wei - op negative wize oan Joaden taskreaun (de Joad of it joadendom as sûndebok), fan de Russyske Revolúsje oant de oanslach op de Twin Towers in New York op 11 septimber 2001.[6]

Op dizze print fan James Gilray út 1763 is in oantal anty-semityske en anty-roomske foaroardielen gearbrocht.

Antysemitisme is faak basearre op eangst, fuortkommend út foaroardielen. De foaroardielen kinne ûnder oaren ekonomysk, religieus, polityk of (biologysk-)rasistysk kleure wêze.

  • Ekonomyske foaroardielen binne faak basearre op het argumint dat Joaden finansjele macht hawwe soene. Se soene alle banken besitte en soene har noas ophelje fan hantwurk. De oarsaak fan it relatyf hege oantal Joaden yn de finansjele sektor leit der lykwols yn dat de joaden yn grutte dielen fan Europa fan de measte beroppen útsluten waarden, wylst se wol jildliener wurde koene, in berop dat kristenen yn 'e Midsiuwen krekt net útoefenje mochten. Tsjinoer in lyts persintaazje súksesfolle Joaden stiene lykwols grutte oantallen Joaden dy't fan âlder op âlder yn djippe earmoede libben.[7] Soksoarte foaroardielen wurde oars ek faak brûkt tsjin Sinezen (de 'Joaden' fan Súdeast-Aazje) troch Yndoneezjers, Fjetnamezen en Tais.[8]
  • Kristlike religieuze foaroardielen binne ûnder oaren basearre op de yn it Nije Testamint fan 'e Bibel beskreaune fijannige hâlding fan joaden foar Jezus Kristus en de earste kristenen oer. (Moderne histoarisy hawwe sterke twifels it bibelske ferhaal.) Anty-Joadske foaroardielen op dizze grûnslach spilen yn de Midsiuwen sterk, mar komme no minder foar. Yn de 1980-er jierren fan de 20e iuw kaam yn Nederlân de famylje Goeree noch mei dy miening yn it nijs.[9]
  • Politike foaroardelien wiene yn it ferline basearre op de stelling dat Joaden deropút wêze soenen de hiele wrâld te oerhearskjen, ûnder oaren basearre op de Protokollen fan de Alderen fan Sion, ek al bliek dat úteinlik in ferfalsking te wêzen.[10]
  • Biologysk-rasistyske foaroardielen komme fuort út it tinkbyld dat de Joaden minderweardige minsken (Untermenschen) wêze soenen, en binne basearre op foutive ynterpretaasjes fan de genetika (Mendel), en op pseudowittenskip. Dit kaam benammen yn Dútslân en Eastenryk yn de 19e en begjin 20e iuw foar. Der waard betoogd om Joaden te ferbieden har fuort te plantsjen omdat se it minsklik ras 'degenerearje' soenen. Dat soarte teoryen late úteinlik ta de eksessen fan it Tredde Ryk, kulminearjend yn 'e Holokaust, in genoside wêrby't seis miljoen Joaden yn 'e gaskeamers fan 'e ferneatigingskampen fermoarde waarden.
  • Ek in soad oare foaroardielen waarden of wurde Joaden foar de fuotten smiten. Yn de Midsiuwen waard bygelyks beweard dat Joaden de pest ferspraten. Dat soe ôf te lieden wêze út it feit dat sy net besmet rekken. De werklike reden bliek lykwols harren gruttere hygiëne, dy't makke dat se minder yn kontakt kamen mei besmette flieën en har faker ûntsmetten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Sjoch ek EN:WP
  2. Zionist en Jood, twee te onderscheiden begrippen Artikel van Een Ander Joods Geluid (EAJG)
  3. Jacob Katz Richard Wagner - Vorbote des Antisemitismus, útj. Jüdischer Verlag Athenäum Königstein/Ts. (1985) ISBN 3-7610-8374-2
  4. Bygelyks The Jewish conspiracy exposed, thejewishconspiracyexposed.wordpress.com, Webstee fol mei komplotteoryen oer ûnderstelde Joadske macht (wyls opheft)
  5. Blame the Jews, WorldNetDaily, 26 desimber 2003
  6. Jews did 9/11, CNN op YouTube, 2007
  7. Simon Dubnow (1918), History of the Jews in Russia and Poland, Philadelphia
  8. Lynn Pan (1994), Sons of the yellow emperor: a history of the Chinese diaspora, Kodansha Globe
  9. OM besjocht ferbean artikel evangeliste Jenny Goeree, 6-9-2001, út it Algemeen Dagblad
  10. Wolfgang Benz (2007), Die Protokolle der Weisen von Zion. Die Legende von der jüdischen Weltverschwörung, C. H. Beck, München