Theo van Doesburg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Theo van Doesburg yn militêre tsjinst
Theo van Doesburg yn Aubette

Theo van Doesburg, skûlnamme fan Christian Emil Marie Küpper (Utert, 30 augustus 1883Davos, 7 maart 1931) wie in Nederlânsk keunstner en skriuwer.

Hy wie fan 1899 ôf aktyf as keunstskilder en hie syn earste eksposysje yn 1908, skreau fan 1912 ôf keunstkritiken, ferhalen en toanielstikken yn ferskillende tydskriften en rjochte yn 1916 mei Piet Mondriaan, Vilmos Huszàr en Bart van der Leck in groep op, dêr't letter De Styl út fuort komme soe, neamd nei it yn 1917 troch Van Doesburg oprjochte en troch himsels redigearre tydskrift. Hy wie sûnt 1904 ek dichter, nei 1920 alinne ûnder it heteronym I.K. Bonset en publisearre fan 1921 ôf in anti-filosofyske roman ûnder pseudonym Aldo Camini. Dêrneist wie er dwaande mei typografy, fotografy, film, moade en muzyk. Van Doesburg besocht in wrâld te skeppen dêr't alle keunsten in mear ferheffende, a-politike en lykweardich plak neist elkoar ynnamen yn it ramt fan de Nije Bylding. Om it safier te krijen socht er oansluting by de ynternasjonale avant-garde. Krekt foar syn dea fêstige er him as arsjitekt yn Meudon.

Jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

Theo van Doesburg waard berne as Christian Emil Marie Küpper op 30 augustus 1883 yn Utert as soan fan de fotograaf Wilhelm Küpper en Henrietta Catherina Margadant. Nei in koarte oplieding ta akteur en sjonger besleat er om skilder te wurden. Hy beskôge syn styfheit, Theodorus Doesburg, as syn wiere heit, dat hy ûndertekene syn earste wurk al mei Theo Doesburg; letter heakke er der "van" oan ta. Syn earste útstalling wie yn 1908. Hy kaam doe lykwols troch de tiid mei it kopiearjen fan skilderijen út it Ryksmuseum en fan 1912 ôf ek mei it skriuwen foar tydskriften. Hoewol't er himsels yn dy tiid beskôge as in modern keunstner, skaait syn wurk út nei dat fan de Amsterdamske Ympresjonisten en waard it tige beynfloede troch Vincent van Gogh, sawol wat styl as tema oanbelanget. Dat waard oars doe't er yn 1913 Wassily Kandinsky's Rückblicke lêzen hie. Yn dat boek sjocht Kandinsky werom op syn libben as skilder yn 1903-1913. Doe waard it him dúdlik dat it skilderjen in heger, mear geastlik nivo hawwe koe; dat it út de geast komme koe en net allinne út it deistich libben hoegde te kommen en dat abstrakt skilderjen dêr it logyske resultaat fan wêze moast.


Principal contributors to De Stijl 1917-1927.

De Styl oan'e man bringe[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't 'De Stijl' út in protte leden bestie, wie Van Doesburg de 'ambassadeur' fan de beweging. Hy makke der reklame foar yn hiel Europa. Hy ferfarde yn 1922 nei Weimar om omtinken te krijen fan de foaroanman fan Bauhaus, Walter Gropius, mei it doel de ynfloed fan de beweging te fersprieden.

Van Doesburg's partner Nelly van Moorsel as I.K. Bonset.
Advertinsje út de Ljouwerter Krante fan 23 febrewaris 1917.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Wichtichste publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Arsjitektuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Hotel Particulier (y.g.m. Cor van Eesteren). 1923.
  • Maison Particulière (y.g.m. Cor van Eesteren). 1923.
  • Maison d'artiste (y.g.m. Cor van Eesteren). 1923.
  • Cité de Circulation (mei Abraham Elzas). 1929.
  • Atelier Van Doesburg, Meudon (mei Abraham Elzas). 1927-1930.


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.