Walter Gropius

Ut Wikipedy
Walter Gropius yn 1920
Alfeld: Fagusfabryk
Dessau: Bauhaus

Walter Adolf George Gropius (Berlyn, 18 maaie 1883Boston, 5 july 1969) wie in Dútsk (letter Amerikaansk) arsjitekt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Walter Gropius begûn syn arsjitektueroplieding yn 1903 yn München en sette dy fuort yn Berlyn. Yn 1907 kaam er yn tsjinst by it arsjitektuerburo fan Peter Behrens. Trije jier letter fêstige hy him as selsstannich arsjitekt en yndustrieel ûntwerper. Syn earste grutte opdracht wie it Fagusfabryk yn Alfeld (1911), in tige foarútstribjend bouwurk en it earste fabryk dêr't hast alle wannen fan glês makke wienen.

Gropius wie tusken 1915 - 1920 troud mei Alma Schindler, de widdo fan komponist Gustav Mahler, mei wa't hy al foar de dea fan Mahlers in relaasje hie. Harren dochter Manon ( berne 1916) stoar yn 1935 oan polio.

Begjin maart 1919 folge hy arsjitekt Bruno Taut op as foarsitter fan de yn Berlyn fêstige Arbeitsrat für Kunst, in breed-oriïntearre feriening ta befoardering fan de (ynternasjonale) gearwurking tusken keunstners en mei as doel keunstners bewust te meitsjen fan harren maatskiplike rol yn de weropbou fan it Europa fan nei de Earste Wrâldoarloch middels publikaasjes, kongressen en tentoanstellings. Dy Ried gie yn 1921 earleas te'n ûnder en har idealen waarden pas folle letter, yn 1928, súksesfol oppakt troch de CIAM.[1]

Yn 1919 rjochte Gropius it Bauhaus op. Dizze foaroansteande akademy foar arsjitektuer en tapaste keunst kaam fuort út de Großherzoglich-Sächsiche Hochschule für Bildende Kunst en de Grossherzoglich-Sächsische Kunstgewerbeschule, beide yn Weimar. Sûnt 1925 siet it Bauhaus yn Dessau. Oant 1928 bleau it Bauhaus Ûnder syn lieding stean. Om dizze tiid hinne waard Gropius mei Le Corbusier, Ludwig Mies van der Rohe en J.J.P. Oud rekkene ta de Grutte Fjouwer fan de boukeunst.

De machtsoername fan de nazi's late yn 1934 ta it fertrek fan Gropius nei it Feriene Keninkryk. Dêrnei ferhuze hy yn 1937 nei de Feriene Steaten, dêr't hy heechlearaar waard oan de Harvard-universiteit. Hy werkte nau gear mei de fan oarsprong Hongaarske arsjitekt Marcel Breuer die hy noch koe út de Bauhaus-perioade en dy't ek flechte wie foar de nazy's.

Mei in oantal jongere arsjitekten fioarme Gropius yn 1945 TAC (The Architect Collaborative).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Manfred Bock, Vincent van Rossem, Kees Somer. Cornelis van Eesteren, architect, urbanist [diel 1]. Rotterdam: NAi Publishers, Den Haach: EFL Stichting, 2001 (ISBN 90-72469-62-3): side 57-58.