The Hollywood Reporter

Ut Wikipedy
The Hollywood Reporter
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre entertainment
frekwinsje 1x yn 'e wike
bestean 1930 – no
oprjochter William R. Wilkerson
plak haadred. Los Angeles (Kalifornje)
útjouwer Billboard-Hollywood Reporter
   Media Group
(Valence Media)
ISSN 0018-3660
offisjele webside
hollywoodreporter.com

The Hollywood Reporter, soms ôfkoarte ta THR, is in Amerikaansk tydskrift dat sawol op papier as online útkomt. Sa't de namme al seit, docht it ferslach fan "Hollywood": it leit him ta op nijs út 'e Amerikaanske filmyndustry, tillefyzjeproduksje en bredere entertainmentsektor. The Hollywood Reporter is in wykblêd dat al bestiet sûnt 1930. De haadredaksje is fêstige yn Los Angeles. It tydskrift wurdt útjûn troch de Billboard-Hollywood Reporter Media Group, in dochterûndernimming fan Valence Media, dy't ek it muzykblêd Billboard publisearret.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hollywood Reporter waard yn 1930 oprjochte troch William R. Wilkerson (1890-1962) as it earste fakblêd oer de entertainmentyndustry fan Hollywood dat op deistige basis ferskynde. De earste edysje kaam út op 3 septimber fan dat jier en omfette op 'e foarside Wilkerson syn eigen kollumn Tradeviews, dy't neitiid tige ynfloedryk wurde soe. De earste tsien jier, útsein in lyts skoftke, ferskynde The Hollywood Reporter eltse dei fan moandei oant en mei sneon, en fan 1940 ôf fan moandei oant en mei freed.

Wilkerson wie in antykommunist dy't fan 'e ein fan 'e 1930-er jierren ôf fia The Hollywood Reporter aktyf de gearspanningsteory oan 'e lêzers besocht op te kringen, dat de filmyndustry fan Hollywood in kommunistysk bolwurk wie. Yn 't bysûnder wied er tsjin op it ynfloedrike fakbûn fan filmakteurs, it Screen Actors Guild, dat er allegeduerigen it "Reade Brêgehaad" neamde. Yn syn kollumn Tradeviews neamde er de earste nammen fan lju dy't fertocht waarden fan kommunistyske sympatyen, ûnder wa Dalton Trumbo en Howard E. Koch. Acht fan 'e alve minsken dy't Wilkerson yn syn kollumn swartmakke, hearden ta de saneamde Hollywood Ten, dy't nei de harksittings yn 1947 troch de Kommisje oangeande Un-Amerikaanske Aktiviteiten fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen op 'e Hollywood Blacklist kamen te stean, de swarte list mei lju dy't omreden fan harren fermiende politike opfettings net mear yn Hollywood wurkje mochten.

Wilkerson stie oan it haad fan The Hollywood Reporter oan syn ferstjerren yn 1962 ta, hoewol't er oardel jier foar syn dea ophold mei Tradeviews. Yn syn nekrology fernijde it blêd dat Wilkerson "yn haadsaak ferantwurdlik wie foar it foarkommen dat kommunisten har yn filmproduksjemaatskippijen yn Hollywood yngrave koene." Yn 2012, doe't de oprjochting fan 'e Hollywood Blacklist 65 jier lyn wie, publisearre The Hollywood Reporter in wiidweidich en objektyf ûndersykssjoernalistyk artikel fan Gary Baum en Daniel Miller, wêryn't it blêd mei de eigen rol yn it ramt fan 'e Blacklist yn it reine besocht te kommen. Yn deselde edysje bea Wilkerson syn soan W.R. Wilkerson III yn it iepenbier syn ûntskuldigings oan foar it dwaan fan syn heit. Hy skreau dat dyselde foar it oanfiterjen fan 'e heksejacht op fermiende kommunisten motivearre wie troch wraak fanwegen syn eigen mislearre ambysje om eigner fan in filmstudio te wurden.

Nei Wilkerson syn dea naam yn 1962 syn widdo Tichi Wilkerson Kassel syn funksjes as útjouwer en haadredakteur oer. Sy ferkocht The Hollywood Reporter yn april 1988 foar de priis fan $26,7 miljoen oan BPI Communications, in dochterûndernimming fan Affiliated Publications. Robert J. Dowling krige it doe foar it sizzen by The Hollywood Reporter, en hy stelde yn 1990 Alex Ben Block oan as haadredakteur. Dyselde en syn ûnderhearrige Teri Ritzer diene war om it sensasjonalisme en de rûnôm foarkommende freonepolityk, dy't ûnder de lieding fan 'e Wilkersons ûntstien wie, út it blêd te wjudzjen.

Janice Min wie fan 2010 oant en mei 2017 de haadredaktrise fan The Hollywood Reporter.

Yn 1995 wie The Hollywood Reporter ien fan 'e earste Amerikaanske tydskriften dy't in eigen webside oprjochten. Yn 1994 ferkocht BPI Communications The Hollywood Reporter foar $220 miljoen oan 'e Nederlânske tydskrifte-útjouwerij Verenigde Nederlandse Uitgeverijen (VNU). Yn maart 2006 waarden de Amerikaanske blêden fan VNU oernommen troch in ynvestearringskonsortium fan Blackstone en KKR, dy't allebeide bannen hiene mei de konservative politike streaming yn 'e Feriene Steaten. The Hollywood Reporter waard doe mei û.o. AdWeek ûnderbrocht by Nielsen Business Media, in difyzje fan The Nielsen Company.

Yn 2009 waard The Hollywood Reporter troch Nielsen ferkocht oan Prometheus Global Media, in nij foarme joint venture fan Pluribus Capital Management en Guggenheim Partners. Richard Beckman waard oansteld as de nije haadredakteur. Noch gjin jier letter kocht Beckman it blêd sels fan Prometheus Global Media, wêrnei't er Janice Min oanloek om haadredakteur foar him yn 't plak te wurden. It waard de taak fan Min, dy't earder haadredaktrise fan Us Weekly west hie, om The Hollywood Reporter op 'e nij út te finen en wer winstjaand te meitsjen. Under har lieding hold it blêd op in deistich útkommende krante te wêzen en feroare it yn in wykliks ferskinend glossy grutformaats tydskrift, mei in folslein nije webside dy't by steat wie om op elts stuit breaking news te publisearjen.

Stêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hollywood Reporter hie mids 2000-er jierren noch in stêf fan likernôch 150 wurknimmers. Nei jierren fan besunigingsmaatregels en ôfslankings binne dêr anno 2023 noch sa'n 90 fan oer. Ien fan 'e bekendste sjoernalisten fan it blêd is filmkritikus Todd McCarthy, dy't yn 2010 by The Hollywood Reporter oannommen waard nei syn ûntslach by konkurrint Variety.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.