Springe nei ynhâld

Swarte List fan Hollywood

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hollywood Ten)
De Tsien fan Hollywood minus Dalton Trumbo yn 1947. F.l.n.rj.: Adrian Scott, Edward Dmytryk, Samuel Ornitz, Lester Cole, Herbert Biberman, Albert Maltz, Alvah Bessie, John Howard Lawson and Ring Lardner jr.

De Swarte List fan Hollywood (Ingelsk: Hollywood Blacklist) wie in list mei nammen fan Amerikaanske senarioskriuwers, akteurs, regisseurs, filmprodusinten, muzikanten en oare foaroansteande lju dy't wurken yn 'e filmyndustry fan Hollywood, oan wa't fanwegen harren persoanlike politike oertsjûgings wurk wegere waard. De list kaam fuort út 'e Reade Panyk, dy't yn it ramt fan it útbrekken fan 'e Kâlde Oarloch yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren oer de Feriene Steaten spielde. Dat wie in wiid fersprate eangst foar it kommunisme, dy't derta late dat Amerikanen dy't kommunistyske of sosjalistyske politike opfettings hiene, as ferrieders sjoen waarden. Fanwegen de yngeande ynfloed dy't de filmyndustry fan Hollywood op 'e Amerikaanske maatskippij hie, waarden sokke opfettings dêr as uterst gefaarlik beskôge.

It (net feitlik ûnderboude) idee dat der yn Hollywood in aktive gearspanning fan kommunisten bestie dy't oanstjoerd waard út 'e Sovjet-Uny wei, mei as doel om 'e Feriene Steaten as lân troch de fersprieding fan kommunistyske propaganda te ûndermynjen, waard optocht troch it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC). Hoewol't it HUAC gjin direkte bewizen foar de eigen bewearings fine koe, stie Hollywood jierrenlang ûnder skerp tafersjoch. Benammen lidmaatskip fan 'e Kommunistyske Partij fan 'e Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) wie oanlieding om op 'e Swarte List fan Hollywood pleatst te wurden, mar ek dielname oan kommunistyske aktiviteiten of inkeld in fermoeden fan kommunistyske sympatyen koe resultearje yn pleatsing op 'e list. Sels de wegereing om mei te wurkjen oan it ûndersyk fan it HUAC nei de praktiken fan 'e CPUSA yn Hollywood koe dêr al oanlieding foar wêze.

De earste ferzje fan 'e Swarte List fan Hollywood waard op 25 novimber 1947 opsteld en omfette tsien nammen, de saneamde Tsien fan Hollywood:

Yn juny 1950 waarden yn it ûnoffisjele pamflet Red Channels de nammen fan 151 minsken bekendmakke dy't op 'e Swarte List belâne wiene. Sels yn 'e perioade dat de Swarte List op syn strangsten tapast waard, tusken 1952 en 1956, kaam der lykwols mar kwealk wat oer nei bûten. Hy waard komselden oant nea eksplisyt makke en wie dêrtroch net nei te gean, wat winliken bydroech oan 'e ferrinnewearjende ynfloed dy't derfan útgie. De karriêres fan hûnderten lju yn 'e filmyndustry waarden skansearre of sels beëinige troch de Swarte List. Yn 'e perioade nei 1956 koene de lju op 'e list stadichoan wer klandestyn, ûnder skûlnammen, yn Hollywood oan it wurk. Yn 1960 waard de macht fan 'e Swarte List foargoed brutsen doe't Kirk Douglas, de produsint en haadrolspiler fan 'e súksesfilm Spartacus, derfoar soarge dat de namme fan senarioskriuwer Dalton Trumbo iepentlik op 'e ôftiteling fermeld waard.

Neitiid besocht it Writers Guild of America, it fakbûn fan senarioskriuwers, noch jierrenlang om alle klandestine wurk fan lju op 'e Swarte List te efterheljen, sadat harren wiere nammen dochs noch op 'e ôftitelings fan 'e oangeande films werjûn wurde koene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.