Springe nei ynhâld

Haadredaksje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Haadredaktrise)

In haadredaksje bestiet út alle redakteurs mei-inoar dy't de ynhâldlike lieding hawwe oer in krante, tydskrift, webside, boek of radio- of tillefyzjeprogramma. Dit bestjoersorgaan koördinearret de redaksje en stippelet it belied fan 'e útjefte of it programma út. Der bestiet yn Nederlân in Nederlânsk Genoatskip fan Haadredakteurs.

Ynhoefier't de haadredaksje streekrjocht ferantwurdlik is foar it oanstjoeren fan 'e yndividuële sjoernalisten ferskilt per ûndernimming. Sa stiet in haadredakteur by in tydskrift ornaris direkt yn kontakt mei dejingen dy't de artikels skriuwe. By in gruttere organisaasje, lykas guon kranten, hat de haadredaksje benammen kontakt mei de ôfdielingshaden fan 'e ûnderskate redaksjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.