Prequel

Ut Wikipedy

In prequel (útspr.: ['pɹi:kwǝl]) is in Ingelske term op it mêd fan film en literatuer. Dêrby giet it om in film of boek dat ôflaat is fan in earder wurk, mar wêrby't it ferhaal giet oer wat der oan it orizjineel foarôf gie. In bekend foarbyld is de western Butch Cassidy and the Sundance Kid, út 1969, dy't einige mei de dea fan 'e beide haadpersoanen. Sadwaande koe der gjin ferfolch komme doe't de film in grut súkses waard. Dêrom kamen de makkers doe mei in prequel: Butch and Sundance: The Early Days (1979). In oar bekend foarbyld is de nije Star Wars-trilogy, út 1999-2005, dy't in prequel is fan 'e orizjinele Star Wars-trilogy út 1977-1983.

De term prequel is in gearlûking fan it foarheaksel pre- (fan it Latynske præ-, dat "foar-" betsjut), en it Ingelske wurd sequel (útspr. ['si:kwǝl]), "ferfolch". In Fryske oersetting fan prequel soe dus "foarfolch" wêze kinne. Oare, soartgelikense wurden dy't ôflaat binne fan sequel binne midquel, in bykommend ferhaal dat in gat of leechte yn 'e besteande ferhaalline opfollet, en sidequel, in spin-off dy't yn itselde gronologyske tiidsramt plakfynt as it orizjinele wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.