Kweeste
In kweeste (fan it Aldfrânske queste) is in syktocht, yn it bysûnder in syktocht dy't it karakter hat fan in libbenstaak. Dêrby giet it om in lange reis fan in held wêrby't dy in protte obstakels oerwinne moat om in dreech te folbringen doel te berikken. Soks is gauris it útgongspunt foar myten, sêgen en leginden, dy't yn 'e folkloare fan hast eltse kultuer wol foarkomme. Tsjintwurdich wurdt it ek noch faak brûkt yn moderne wurken fan fiksje, benammen fan it fantasysjenre. It begryp is faaks better bekend yn 'e Ingelske foarm quest, dy't gauris yn titels fan bgl. fideospultsjes foarkomt.
It doel fan in kweeste kin wêze om in foarwerp te finen, soms yn opdracht fan in oar. Soks kaam bgl. foar by de reis fan 'e Argonauten op 'e siik nei it Gouden Flues, yn in bekende myte út 'e Grykske mytology, en ek by de syktocht nei de hillige graal troch Parsifal, in ridder fan 'e Rûne Tafel fan kening Arthur, yn 'e ridderromans út 'e Midsiuwen. Yn 'e Odyssee fan Homearus swalket de held Odysseus witwêrsanne om op 'e siik nei it paad nei hûs. Yn 'e tweintichste-iuwske fantasyklassiker The Lord of the Rings, fan 'e Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien, is it doel fan 'e kweeste fan haadpersoan Frodo Baggins net om in foarwerp te sykjen, mar krekt om foargoed fan 'e Iene Ring ôf te kommen.
Yn in kweeste, fral yn âlde myten, sêgen en leginden, is it doel fan 'e reis of de hiele reis faak symboalysk of allegoarysk. De moraal fan in kweesteferhaal draait faak om it feroare of feroarjende karakter fan 'e held. In kweeste kin lykwols ek in poer narratologysk helpstik wêze, want om't sa'n útgongspunt in protte reizgjen fan 'e haadpersoan easket, stelt it de skriuwer by steat om frjemde lannen, eksoatyske plakken en ûnbekende kultueren op te fieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |