Kittelsen syn skilderstyl kin yndield wurde tusken de neoromantyske en naïve keunst. As nasjonaal keunstner wurdt er yn Noarwegen tige respektearre en is er ferneamd, mar hy krijt net in soad ynternasjonaal omtinken en dêrtroch is syn namme faak net opnaam yn registers fan ynternasjonaal erkende skilders en keunstners[1].