Springe nei ynhâld

Cate Blanchett

Ut Wikipedy
Cate Blanchett
akteur
Cate Blanchett yn 2017
Cate Blanchett yn 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme Catherine Élise Blanchett
nasjonaliteit Australysk
berne 14 maaie 1969
jierren aktyf 1989-no
prizen Under oare: Oscars, Golden Globes
offisjele webside
IMDb-profy


Blanchett op de parsekonferinsje foar The Good German yn Berlyn, febrewaris 2007.

Catherine Élise (Cate) Blanchett (Melbourne (Victoria), 14 maaie 1969) is in Australyske aktrise en teäterregiseur. Sy hie har trochbrekken te tankjen oan de haadrol yn it kostúmdrama Elizabeth wêryn't hja Elizabeth I fan Ingelân spile. Dêrfoar krige se in Academy Award-nominaasje foar Bêste Aktrise.

Blanchett krige 2008 in stjer op de Hollywood Walk of Fame.

Cate Blanchett is sûnt 1997 boaske oan de Australyske draaiboekskriuwer Andrew Upton (* 1966). It pear krige trije soannen (yn 2001, 2004 en 2008) en hawwe in oanname dochter (* 2015).[1] De húshâlding wenne tal fan jierren yn Brighton (Ingelân), ear't se yn 2007 werom giene nei Austraalje en harren nei wenjen setten yn in foarstêd fan Sydney.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cate Blanchett fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Michael Rothmann: Cate Blanchett and Husband Andrew Upton Adopt a Baby Girl auf Good Morning america/ABC News, 6 maart 2015