Melbourne
Melbourne | ||
Polityk | ||
Lân | Austraalje | |
Dielsteat | Fiktoaria | |
Boargemaster | Robert Doyle | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.371.888 (2006) | |
Oerflak | 1.705 km² | |
Befolkingsticht. | 1.978 km² | |
Stêdekloft | 4.000.000 ynwenners | |
Hichte | 31 m. boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 30 augustus 1835 | |
Tiidsône | UTC +10 | |
Simmertiid | UTC +11 | |
Koördinaten | 37° 48′ SB, 144° 57′ EL | |
Offisjele webside | ||
www.melbourne.vic.gov.au |
Melbourne is de haadstêd en grutste stêd fan de Australyske dielsteat Fiktoaria. Nei Sydney is Melbourne de twadgrutste stêd fan Austraalje. De Melbourne City Centre (ek bekend as it "Central Business District"; "CBD") is it middelpunt fan it gruttere metropoalgebiet. Yn juny 2009 hie it metropoalgebiet sa likernôch fjouwer miljoen ynwenners.[1]
De stêd leit oan de noardkant fan de grutte natuerlike Port Phillip-baai, mei it stedssintrum oan de mûning fan de rivier de Yarra. It metropoalgebiet rekt him dan út nei it suden, lâns de east- en westkant fan Port Phillip en it binnenlân yn. It stedssintrum leit yn it stedsdiel City Of Melbourne, de metropoal bestiet fierders út noch 30 stedsdielen.
Melbourne waard stifte yn 1835 troch kolonisten dy’t fan Van Diemen’s Land kamen. De delsetting waard yn 1837 troch Richard Bourke nei William Lamb, 2nd Viscount Melbourne neamd. Melbourne waard offisjeel ta stêd ferklearre troch Keninginne Fiktoaria yn 1847. Yn 1851 waard it de haadstêd fan de nije koloanje Fiktoaria. En yn dat selde jier waard yn de omkriten fan Melbourne goud fûn.[2] It ynwennertal fan de stêd groeide hurd troch de komst fan nije ymmigranten. Yn 1865 wie Melbourne de grutste stêd fan Austraalje.[3] Nei de federaasje fan Austraalje yn 1901 waard Melbourne de haadstêd fan it lân. De nasjonale oerheid wie oant 1927 fêstige yn ‘e stêd.
Melbourne is it wichtichste ekonomyske, kulturele en politike sintrum fan Fiktoaria. Yn Melbourne wenje in soad ymmigranten út Sina, Grut-Brittanje, Itaalje, Kroaasje, Grikelân en Fietnam.
Neffens ûndersyk fan "The Economist" is Melbourne yn de jierren 2002, 2004, 2005, 2011 en 2012 útroppen ta de Meast Brûzjende Stêd fan de Wrâld.[4]
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne leit yn it súdeasten fan Austraalje en yn it súdwesten fan de steat Fiktoaria, sa likernôch 14 meter boppe seenivo. It stêdgebiet hat in oerflak fan 1.705 km².
De stêd leit om de grutte Port Phillip Baai hinne, dy baai foarmet de mûning fan de rivier de Yarra, dy’t troch de stêd streamt. Melbourne rekt him út nei it easten ta oant de Yarra Delte en it Dandenong Berchtme en it Yarra Berchtme yn it easten. Nei it noarden ta rekt de stêd him út nei de heuveleftige bosken oan de sydrivieren fan de Yarra. Nei it súdeasten grinzet de stêd oan it skiereilân Mornington.
De grutste strannen fan Melbourne lizze yn de súdeastlike bûtenwiken fan de stêd, oan de kust fan de Port Phillip Baai, yn gebieten lykas Port Melbourne, Albert Park, St. Kilda, Elwood, Brighton, Sandringham, Mentone en Frankston. Der binne ek strannen yn de westlike bûtenwiken Altona en Williamstown. De surfstrannen dy’t it tichtstby de stêd lizze, lizze sa’n 85 kilometer súdeastlik fan it sintrum fan Melbourne.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne leit in de subtropyske klimaatsône. De trochsneed jiertemperatuer leit op 14,9 graden Celsius. De waarmste moanne is febrewaris mei in trochsneedtemperatuer fan 20,2 graden Celsius. De kâldste moanne is july, mei 9,7 graden Celsius yn trochsneed.
Melbourne is yn de wintertiid kâlder as de oare haadstêden fan de Australyske dielsteaten. De leechste temperatuer ea mjitten is -2,8 graden Celsius op 4 july 1901. Sniefal komt lykwols hast net foar; de meast resinte kear dat der snie foel yn de binnenstêd wie op 25 july 1986[5] en de lêste kear dat snie foel wie yn ien fan de eastlike bûtenwiken wie op 10 augustus 2005.[6] Wol komt froast en dize foar yn de winter.
Yn trochsneed is de jierlikse delslach is 656 millimeter. De measte rein falt yn oktober, trochstrings 67 milimeter. De meast drûge moanne is jannewaris, mei 48 millimeter delslach gemiddeld.
It klimaat fan Melbourne is bekend om syn wiffens. Dat komt benammen troch de lokaasje fan Melbourne op de grins fan it waarme binnenlân en de kâlde Súdlike Oseaan. Dizze temperatuerwiffens komt it meast foar yn de maitiid en de simmermoannen en kin foar sterke kâldwaarfronten soargje. Dy kâlde fronten kinne foar alle soarten min waar soargje, fan hagel oant tonger en stoarm, grutte temperatuersdalingen en swiere reinfal. It waar yn Melbourne wurdt wol mei de sin four seasons in a day ("fjouwer seizoenen op in dei") oantsjutten. [7]
Moanne | Jan | Feb | Maa | Apr | Maa | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Heechste temp. °C | 45,6 | 46,6 | 41,7 | 34,9 | 28,7 | 22,4 | 23,1 | 26,5 | 31,4 | 36,9 | 40,9 | 43,7 | 46,4
|
Trochsneed temp. heech °C | 25,9 | 25,8 | 23,9 | 20,3 | 16,7 | 14,0 | 13,4 | 14,9 | 17,2 | 19,6 | 21,9 | 24,2 | 19,8
|
Trochsneed temp. leech °C | 14,3 | 14,6 | 13,2 | 10,7 | 8,6 | 6,9 | 6,0 | 6,7 | 7,9 | 9,5 | 11,1 | 12,9 | 10,2
|
Leechste temp. °C | 5,5 | 4,5 | 2,8 | 1,5 | -1,1 | -2,2 | -2,8 | -2,1 | -0,5 | 0,1 | 2,5 | 4,4 | -2,8
|
Reinfal mm | 47,6 | 47,3 | 50,2 | 57,3 | 56,2 | 49,2 | 47,7 | 50,2 | 57,9 | 66,2 | 59,5 | 59,2 | 648,5
|
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de tweintichste oant de tsiende iuw foar de kristlike jiertelling waard Melbourne en de neiste omkriten bewenne fan sa likernôch 20.000 jagers-samlers fan trije ynlânske regionale stammen, de Wurundjeri, Boonwurring en Wathaurong. [9][10] It gebiet wie in wichtich moetingsplak foar de stammen fan de Kulin en in boarne foar skjin wetter en iten. De earste Europeeske delsetting yn Fiktoaria ûntstie yn 1803 oan de Sullivan Baai, deunby it hjoeddeiske Sorrento, mar de delsetting waard ferlitten troch in tekoart oan iten.
Yn maaie en juny 1835 waard it gebiet dat no sintraal en noardlik Melbourne is ferkend troch John Batman, in liedend lid fan de Tasmaanske Port Philip Association, dy’t ûnderhannelen oer in gebiet fan 2.400 km² mei acht Wurundjeri-âlden.[11] Batman selektearre in gebiet oan de noardiggen fan de rivier de Yarra, yn syn deiboek skreau er dat dit it plak wêze moast dêr’t in delsetting komme moast.[12] Batman gie werom nei Launceston op Tasmaanje. Lykwols, doe’t in delegaasje fan de Association yn it gebiet oankaam om dêr in delsetting te stiften hie in oare groep al, organisearre en stipe troch John Pascoe Fawkner, op 30 augustus 1835 al in delsetting stifte. De twa groepen kamen der lykwols ta om de delsetting te dielen.
It is net wis hoe’t Melbourne neamd waard foar de komst fan de Europeanen. Iere Europeanen setten de Aboriginal-wurden "Doutta-galla" ferkeard oer, der waard tocht dat it de namme fan in foaroansteand lid fan in stam wie, mar it hat nei alle gedachten in Aboriginal-wurd west foar "beamleaze flakte".[13] Dochs waard dizze namme brûkt as ien fan de earste nammen fan de koloanje.[14]
Batman syn ferdrach mei de Aboriginals waard annulearre troch de oerheid fan Nij-Súd-Wales (dy’t yn dy tiid it bewâld oer hiel east-Austraalje hie), dy’t de Association dêrfoar kompensearre.[15] De kolonisten hienen troch harren oanwêzigens yn it gebiet de wet fan Nij-Súd-Wales oertreden. De oerheid stie de delsetting mei tsjinsin ta. Ut dy tiid binne ferskate nammen oerlevere, lykas ‘Batmania’[16], ta.
Yn 1836 ferklearre gûverneur Bourke de stêd ta administrative haadstêd fan it Port Philip Distrikt fan Nij-Súd-Wales en hy joech opdracht ta it útfieren fan de earste strjitteplan fan de stêd, de Hoddlie Grid, yn 1837.[17] Letter dat jier krige de stêd de namme Melbourne, nei de doetiidske Britske Minister-Presidint William Lamb, 2e Viscount Melbourne, dy’t wenne yn it doarp Melbourne yn Derbyshire. It postkantoar waard op 13 april 1837 iepene en krige de namme Melbourne. Melbourne waard ta stêd ferklearre troch Keninginne Fiktoaria op 25 juny 1847, dy ferklearring is fêstlein yn in oarkonde.[18]
It Port Philip Distrikt waard in aparte koloanje fan Fiktoaria yn 1851, mei Melbourne as haadstêd. [19]
Fiktoriaanske goudkoarts
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntdekken fan goud yn 1851 yn Fiktoaria late ta de Fiktoriaanske goudkoarts. Melbourne waard in wichtige havenstêd en levere tsjinsten foar de regio. De stêd groeide hurd, yn in pear moanne tiid groeide de stêd fan 25.000 ynwenners nei 40.000 troch ymmigranten dy’t ryk wurde woenen mei it goudsykjen. Dêrnei groeide de stêd fierder. Tsjin 1854 wie it ynwennertal waakse oant 300.000 ynwenners.[20] Yn 1865 wie Melbourne Sydney foarby stjitten as grutste stêd fan Austraalje.
Troch it grutte tal ymmigranten, benammen Ieren, Dútsers en Sinezen, ûntstienen krottewiken en sels in tydlik tintekamp oan de súdkant fan de rivier de Yarra. Sineeske migranten stiften in Chinatown yn 1851, dy’t noch hieltyd bestiet en no de langst besteande Sineeske delsetting yn de Westerske Wrâld is.[21] Nei de Eureka Opstân waard de sitewaasje foar de mynwurkers yn Melbourne better troch grutte politike feroarings yn de koloanje. De ferskate nasjonaliteiten dy’t belutsen wienen yn de Eureka Opstân joegen in byld fan de migraasjestreamen yn de twadde helte fan de 19e iuw.
It groeien fan it ynwennertal en de stream fan goud nei de stêd soarge foar in perioade fan de bou fan machtige steatige Fiktoriaanske bouwurken. [22] Gebouwen dy’t ek hjoed de dei noch oerein stean en in wichtich part fan it stedsbyld útmeitsje. [23] Gebouwen dy’t út dizze tiid komme binne ûnder oare it Parlemintsgebou (Parliament House), de Treasure Building, de Old Melbourne Gaol, de Victoria Barracks, it gebou fan de Steatsbibleteek fan Fiktoaria (State Library), it Heechgerjochtsgebou (Supreme Court), de Universiteit fan Melbourne, it General Post Office-gebou, it Gûverneursgebou (Government House), it gemeentehûs fan Melbourne (Melbourne Town Hall), St. Pauls Cathedral, St. Patrick’s Cathedral, de Queen Victoria Market en in stikmannich oare gebouwen. Troch al dy bouwurken út dy tiid liket de binnestêd fan Melbourne op dy fan Europeeske binnenstêden.[24] De binnenste bûtenwiken fan Melbourne waarden mei bûlevaren en tunen mei inoar ferbûn. Melbourne waard yn de njoggentjinde iuw in wichtich finansjeel sintrum, dêr’t ferskate banken en de Melbourne Stock Exchange fêstige wienen.
Foar de komst fan wite kolonisten besloech de ynlânske befolking sa likernôch 15.000 minsken. Yn 1853 mindere it tal Aboriginals yn Fiktoaria nei 1.500.[25] Oant 1863 waard de Aboriginalsgroep neffens rûzing noch sa’n 80 persint lytser. Ien fan de wichtichste oarsaken dêrfoar wienen de sykten dy’t de nije bewenners oerdroegen, de pokken yn it bysûnder. Yn 1870 wie de Aboriginals stam hast folslein útstoarn. [26]
Opkomst en delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomyske groei fan Melbourne hie syn hichtepunt yn de tachtiger jierren fan de njoggentjinde iuw. Melbourne wie yn dy tiid de rykste stêd fan de wrâld[27] en de grutste stêd nei Londen yn it Britske Ryk.[28] Yn Melbourne waarden tusken 1880 en 1890 twa grutte tentoanstellings holden yn it Exhibition Building. Yn dy tiid waarden grutte hotels boud, lykas de Menzies, Federal en de Grand Windsor.
By in besyk fan sjoernalist George Augustus Henry Sala yn 1885 beskreau hy de stêd mei de wurden "Marvelous Melbourne", in bynamme dy’t noch lang yn de 20e iuw brûkt waard en dy’t no noch brûkt wurdt troch de ynwenners fan Melbourne.[29] Troch in groeiend tal bou-aktiviteiten kaam der in bûle yn de ûnreplik guod sektor, dy’t yn 1888 it hichtepunt berikke soe mei it út de klauwen rinnen fan de grûnprizen. Yn 1887 wie Melbourne de fjirde stêd yn de wrâld dy’t in sintraal hydraulysk systeem oanlei om liften oan te driuwen.[30] Dat resultearre yn de earste heechbou yn Melbourne, meast karakteristyk wie de APA Building út 1889, yn dy tiid it heechste kantoargebou fan de wrâld en it heechste gebou fan Melbourne foar mear as 60 jier.[31]
Al dizze woltierichheid waard ta stilstân brocht yn 1891 mei in swiere depresje fan de ekonomy fan de stêd, wêrtroch de lokale finansjele- en ûnreplik guodyndustryen it swier krigen. 15 lytse banken en wenningbouferienings foelen om en 133 namleaze fennoatskippen gienen fallyt. De finansjele krisis fan Melbourne en de Australyske bankkrisis fan 1893 wienen wichtige faktoaren fan de ekonomyske depresje yn Austraalje yn de njoggentiger jierren fan de njoggentjinde iuw. Yn Melbourne wie it gefolch dêrfan tsientûzen wurkleazen, it ûntstean fan krottewiken en de opkomst fan de organisearre misdie.[32] De ynfloed fan de krisis op de stêd wienen grut. De sitewaasje wie oan it begjin fan de tweintichste iuw genôch ferhelle sadat de minsken wer fertrouwen yn de ekonomy krigen.[33]
Federaasje fan Austraalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tiid fan de Australyske federaasje op 1 jannewaris 1901 waard Melbourne it tydlike sit fan de oerheid fan de federaasje. [34] It federale parlemint waard foar it earst byinoar roppen op 9 maaie 1901 yn de Royal Exhibition Building. Yn 1927 ferhuze it federale parlemint nei Canberra, de nije haadstêd fan Austraalje. De Gûverneur-Generaal fan Austraalje wenne oant 1930 yn it Government House yn Melbourne. Ferskate grutte nasjonale ynstituten bleaunen yn de tweintichste iuw noch lang yn Melbourne. Flinders Street Station wie it drokste passazjiersstasjon yn de wrâld yn 1927 en it tremnetwurk fan Melbourne helle dat fan Sydney as de wrâldgrutste yn 1940 yn. Yn de tiid fan de Twadde Wrâldkriich bloeide de yndustry fan Melbourne op en de stêd waard Austraaljes wichtichste yndustrystêd. Yn de Twadde Wrâldkriich wie, nettsjinsteande de status fan Canberra as offisjele haadstêd fan Austraalje, it meastepart fan de militêre en sivile administraasje fêstige yn Melbourne. Melbourne hat net folle skea hân fan de Twadde Wrâldkriich.[35]
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren nei de kriich groeide Melbourne hurde, dat kaam troch de ymmigraasje nei Austraalje dy’t nei de Twadde Wrâldkriich ûntstie, benammen út de Súd-Europeeske en Mediterrane lannen. Wylst it "Paris End" fan Collins Street him ûntjoech as in brûzjend stedsgebiet, waard it stedssintrum sjoen as âld, wat ûnder oare ferbylde waard troch John Brack yn syn wurk Collins St., 5 pm (1955). Hichtelimiten yn it sintrum fan Melbourne waarden nei boppe bysteld nei de konstruksje fan it ICI House, wêrtroch it stedssilhûet feroare mei de komst fan wolkekliuwers. Yn 1956 waarden yn Melbourne Olympyske Simmerspullen holden.
Melbourne groeide noch fierder, der kamen nije winkelsintrums lykas it Chadstone Shopping Centre yn 1960. Yn dy tiid fernijde it bedriuwssintrum en St Kilda Road, wêrtroch de stêd der in stik moderner útseach. Nije fjoerfeiligenseasken en werstrukturearring late yn it bedriuwssintrum ta it ferneatigjen fan de measte gebouwen fan foar de oarloch, of se waarden foar in part bewarre bleaun troch in belied fan fakadisme. Datselde barde ek yn de bûtenwiken út de tachtiger jierren fan de njoggentjinde iuw.
Om de trend nei leechbou te kearen begûn de oerheid mei in searje fan kontroversjele sosjale bouprojekten yn de binnenstêd, wat resultearre yn de sloop fan in soad wenwiken en de opkomst fan heechbou. Yn lettere jierren, mei de opkomst fan de auto, soargen de ynvestearrings yn de diken foar in grutte útwreiding fan de bûtenwiken en in delgong fan it ynwennertal fan de binnenstêd fan Melbourne. Under Henry Bolte, minister-presidint fan de steat Fiktoaria, waarden plannen makke foar fierdere modernisaasje. Grutte ferkearsprojekten, wêrûnder it wizigjen fan de St Kilda Junction, it breder meitsjen fan Hoddle Street en it útfieren fan it grutte 1969 Melbourne Transportation Plan, feroare it gesicht fan de stêd yn in troch auto’s dominearre lânskip.
As gefolch fan de bloei fan de Australyske finansjele- en mynbou-yndustry yn 1969 en 1970 fêstigen in soad bedriuwen harren haadkertier (bygelyks BHP Billiton en Rio Tinto) yn de stêd. De doedestiids bloeiende ekonomy fan Naurû resultearre yn ferskate ambisjeuze ynvestearrings yn Melbourne, wêrûnder it Naurû House. Melbourne bleau Austraaljes wichtichste saaklike en finasjele sintrum oant de lette sântiger jierren fan de 20e iuw, doe’t it dizze posysje ferlear oan Sydney.[36]
As it sintrum fan Austraaljes "yndustriële gurdle" ûndergie Melbourne in ekonomysk minne tiid tusken 1989 en 1992, folgjend troch it fallyt gean fan ferskate lokale finansjele ynstituten. Yn 1992 begûn de nij keazen oerheid, ûnder lieding fan Jeff Kennet, de ekonomy in positive stimulâns te jaan troch nije mienskipsprojekten. Tagelyk waard oan promoasje dien om toeristen nei de stêd te lûken[37], de klam lei op grutte eveneminten en sportaktiviteiten. Yn dy tiid ferhuze de Australyske Grand Prix fan Melbourne nei Adelaide. Grutte projekten wienen ûnder oare de bou fan it nije Melbourne Museum, de Federation Square, de Melbourne Exhibition and Convention Centre, it Crown Casino en de CityLink tolwei. Guon enerzjybedriuwen it iepenbiere ferfier yn Melbourne waarden privatisearre. Dêrnjonken waard de jildstream nei de soarch, ûnderwiis en it ynfrastruktuer beheind.
21e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt 1997 hat Melbourne te krijen mei in grutte tanimming fan it ynwennertal. Der binne grutte ynternasjonale ynvestearrings dien yn de yndustriële en ûnreplik guod sektor fan de stêd. Grutte stêdlike fernijings binne der dien yn gebieten lykas Southbank, Port Melbourne, Melbourne Docklands en mear resint, South Wharf. Neffens it Australyske Buro of Statistics is Melbourne de stêd mei de grutste ynwennergroei en de grutste ekonomyske groei fan alle Australyske haadstêden op dielsteatnivo yn it tiidrek 2001-2004.[38] Dat late ta de fierdere útwreiding fan de bûtenwiken yn it earste desennium fan de 21e iuw.
Fan 2006 ôf groeide de stêd fierder yn de ‘griene gebieten’ en foarby de stêdlike waaksgrinzen. Rûzings oer it berikken fan it ynwennertal fan fiif miljoen, wienen de oantrún foar de oerheid om yn 2008 de waaksgrinzen te wersjen yn de Melbourne @ Five Million Strategy. Melbourne kaam better út de kredytkrisis fan 2007 as oare Australyske stêden. Yn 2009 waarden mear nije wurkplakken realisearre as yn oare Australyske haadstêden op dielsteatnivo, hast likefolle as yn de groeistêden Brisbane en Perth byinoar. De ûnreplik guod sektor fan Melbourne hie suver gjin skea, dêrtroch stigen de huzeprizen nei histoaryske hichten.
Stedskarakter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sintrum fan Melbourne, it Central Business District (CBD; it sakesintrum), is foarme troch de Hoddle Grid (1,6 by 0,8 kilometer). De Hoddle Grid leit oan de súdkant fan de Yarra. Kantoaren, winkels en publike gebouwen hawwe fan de distrikten Southbank en Docklands in útwreiding fan it sakedistrikt makke.
It stedssintrum is bekend om syn histoaryske karakter en de stegen en gallerijen (meast bekend binne de Block Place en de Royal Arcade) dy’t beskikke oer tal fan winkels en kroegen.
It Central Business District hat, yn ferliking mei oare Australyske stêden, in hast ûnbeheinde hichtelimyt, wêrtroch fiif fan de seis heechste gebouwen fan Austraalje yn Melbourne stean. De grutste dêrfan, de Eureka Tower, stiet yn Southbank. It hat in observaasjeferdjipping deunby de top dêr’t men in oer de stêd sjen kin. De Rialto Tower, it twadgrutste gebou, is it heechste gebou yn it âlde CBD, de observaasjeferdjipping is koartlyn sletten.[39] Yn it CBD en de omkriten dêrfan stean in soad âlde karakteristike gebouwen, wêrûnder de Royal Exhibition Building, de Melbourne Town Hall en it Parliament House. Alhoewol’t it gebiet beskreaun wurdt as it ‘sintrum’, is it net it geografyske sintrum fan Melbourne, dit leit, troch de útwreiding fan de stêd nei it súdeasten, yn Glen Iris.[40]
Nei Melbourne wurdt faak ferwiisd as de "Garden City", de steat Fiktoaria waard yn it ferline de "Garden State" neamd. Der is in grut ferskaat oan parken en tunen yn Melbourne, wêrfan in soad deunby it CBD lizze mei in ferskaat oan plantesoarten, kuierpaden en singels. Der binne ek in soad parken yn de bûtenwiken fan Melbourne, bygelyks yn Stonnington, Boroondara en Port Philip, súdeastlik fan it CBD.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne is ferdield yn 31 bestjoerlike ienheden, de Local Government Areas. Dy foarmje mei elkoar de Region Greater Melbourne. 26 bestjoerlike ienheden fan de Local Government Areas wurde oantsjutten as stêd, de fiif oare wurde shire neamd. De 26 stêden wurde ek wol de Metropolitan Area neamd, de fiif shires wurde as Outer Metropolitan Area oantsjutten.
In bysûndere rol yn dit gehiel hat de LGA City of Melbourne yn it sintrum fan Melbourne. De boargemaster fan dizze LGA hat de titel Lord Mayor en wurdt nei bûten ta presintearre as de boargemaster fan Melbourne.
Geografysk wurdt ûnderskied makke tusken de binnenstêd (Inner City) en de noardlike, eastlike, súdeastlike en westlike foarstêden (suburbs). Melbourne bestiet út 217 stedsdielen.
|
|
Oerheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stedsbestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De metropoalregio Melbourne hat gjin sintraal bestjoer. De City of Melbourne giet oer it sakedistrikt en inkele fan de binnenste bûtenwiken en omklammet tritich oare Local Government Areas (LGA, lokale oerheidsgebieten), wêrby’t de Lord Mayor fan de City of Melbourne as ûnoffisjele represintant fan alle regio’s optreedt. Dat bart benammen yn yntersteatlike of oerseeske kontakten. Op it stuit is de Lord Mayr, dy’t yn 2008 keazen waard, Robert Doyle. Hy hat gjin foech oer de oare LGA’s, dat leit by it regear fan de dielsteat Fiktoaria.
Alle LGA’s hawwe keazen gemeenterieden mei eigen boargemasters. De lokale rieden kinne ferlike wurde mei de sitewaasjes yn stêden as Rotterdam en Amsterdam, dêr’t mei stedsdielen wurke wurdt, lykwols is it tal stedsdielen yn Melbourne grutter. Dy stedsdielen hawwe in ferskaat oan taken fan de dielsteat oernaam. By ferskillende taken stean de stedsdielen wol ûnder tafersjoch fan de dielsteat. Under dizze taken falle ûnder oare it iepenbier ferfier, grutte diken, plysje, ûnderwiis nei de beukerskoalle, soarch en de plenning fan grutte ynfrastrukturele projekten.
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De City of Melbourne hat seis susterstêden. Dat binne:[41]
- Osaka, Japan, 1978
- Tianjin, Sina, 1980
- Thessaloniki, Grikelân, 1984
- Boston, Feriene Steaten, 1985
- Sint-Petersburch, Ruslân, 1989
- Milaan, Itaalje, 2004
Njonken dizze stêdebannen hat Melbourne sûnt 2008 ek in saneamde "strategyske alliânsje" mei New Delhi.[42]
Guon oare lokale stedsdielen fan Melbourne hawwe sels ek susterstêden.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Melbourne wenje yn totaal 233 ferskate nasjonaliteiten. Der wurde mear as 180 talen en dialekten praat en der binne 116 ferskillende regligy’s bekend. Melbourne hat de twadgrutste Aziatyske mienskip fan Austraalje, dy’t foar in grut part bestiet út migranten út Yndia en Sry Lanka.
Demografyske skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Europeeske kolonisten dy’t yn it gebiet oankamen wienen Britten en Ieren. Dy twa groepen bleaunen mei ôfstân it grutste part fan de ymmigranten útmeitsjen oant it útbrekken fan de goudkoarts. Oant de Twadde Wrâldkriich foarme it tal Britten en Ieren mear as de helte fan it tal ymmigranten.
Melbourne feroare bot yn de tiid fan de goudkoarts. Doe’t bekend waard dat der goud yn de grûn siet groeide it ynwennertal yn in koarte tiid fan 25.000 nei 40.000.
Nei de Twadde Wrâldkriich krige Melbourne benammen te krijen mei migraasje út de mediterrane Europeeske lannen en de Balkan, benammen út Grikelân, Itaalje, Bosnje, Kroaasje en Servje en út West-Aazje, benammen út Libanon, Syprus en Turkije. Neffens de folkstelling fan 2001 wennen der 151.785 etnyske Griken yn it metropoalgebiet. 47% fan alle Grykske-Austraaljers wennet yn Melbourne. Etnyske Sinezen en Fietnamezen meitsje ek in grut part út fan de befolking.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Melbourne húsmanje in grut ferskaat oan religy’s. It grutste part fan de leauwigen hinget it Kristendom oan (58,9%) mei in grutte Katolike populaasje (28,3%).[43] Alhoewol’t Melbourne, en Austraalje yn it algemien, bot sekularisearre is, is it tal minsken dat himsels Kristlik neamd fan 96% yn 1901 nei 64% yn 2006 sakke, wylst it persintaazje minsken dat harsels net-leauwich neamde yn deselde tiid groeide fan 0,4% nei 18,7%.[44]
Oare grutte religy’s yn Melbourne binne it Anglikanisme (12,1%), East-Ortodoksk (5,9%) en de Uniting Church in Australia (4,0%).[45] Bûdisten, Moslims, Joaden, Hindûs en Sikhs hawwe yn totaal in persintaazje fan 9,2%.[46]
Yn Melbourne wennet de grutste Joadske mienskip fan Austraalje, de mienskip bestiet op it stuit út sa likernôch 60.000 minsken. Yn de stêd wennet fan it grutste tal holocaustoerlibbenen fan Austraalje[47], sels it relatyf grutste tal oerlibbenden nei Israel.[48] De warbere en groeiende Joadske mienskip soarget yn Melbourne foar brûzjende Joadske kulturele-, religieuske- en ûnderwiisorganisaasjes, wêrûnder mear as 40 synagogen, 7 foltiid parogiale skoallen en in lokale Joadske krante.[49]
De Kristlike mienskip hat de beskikking oer twa katedralen. De beide katedralen binne yn de tweintichste iuw boud, de St. Patricks Cathedral foar de Roomsk-Katoliken en de St. Pauls Cathedral foar de Anglikanen. Dizze gebouwen binne boud yn de Fiktoriaanske tiid en binne karakteristyk foar de stêd.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynwennertal fan Melbourne hat him sûnt de jierren 1950 ferdûbelje kind nei 3,4 miljoen minsken yn 2006. De befolkingstichtens is 1.978 ynwenners de kante kilometer. Yn de folsleine metropoalregio wenje 3,6 miljoen minsken (2006). De befolkingstichtens yn dat gebiet beslacht 407 ynwenners de kante kilometer.
Yn it ûndersteande oersjoch stiet it tal ynwenners fan de stêd en de foarstêden. Oant 1871 giet it om rûzings, fan 1881 oant 2006 om folkstellingen.
|
|
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Melbourne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- George Pitt Morison (1861-1945), keunstskilder
- Elyne Mitchell (1913-2002), skriuwster
- Frank Thring (1926-1994), akteur
- Barry Humphries (1934), komyk (better bekend as Dame Edna Everage)
- Jennifer Fallon (1959), skriuwster
- Kylie Minogue (1968), aktrise en sjongster
- Cate Blanchett (1969), aktrise
- Dannii Minogue (1971), aktrise, sjongster en model
- Mark Viduka (1975), fuotballer
- Mark Philippoussis (1976), tennisser
Stoarn yn Melbourne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frank Thring (1926-1994), akteur
- Malcolm Fraser (1930-2015), minister-presidint fan Austraalje
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Melbourne hat in ryk ferskaat oan sektoaren, benammen de yndustriële, YT, logistike, transport en toeristyske sektor binne grut.
Yn Melbourne stean in soad haadkertieren fan grutte Australyske bedriuwen, wêrûnder fiif fan de tsien grutste bedriuwen fan it lân en fiif fan de seis grutste bedriuwen yn it lân. Inkele fan dizze bedriuwen binne ANZ, BHP Billiton, de National Australia Bank, Rio Tinto en Telstra. Dêrnjonken hawwe inkele ynstânsjes harren haadkertier yn de stêd, bygelyks de Business Council of Australia en de Australian Council of Trade Unions.
Melbourne is in wichtich finansjeel sintrum. Twa fan de fjouwer grutste banken fan Austraalje, NAB en ANZ, binne fêstige yn Melbourne. De stêd hat him ûntwikkele ta it sintrum fan ferskillende pensjoenfûnsen, mei 40% fan it totaal en 65% fan de pensjoenen fan de yndustrysektor, wêrûnder de Federal Government Future Fund dy’t in wearde fan 40 miljard dollar hat. Melbourne stie yn in ûndersyk fan Mastercard Worldwide Centers of Commerce Index yn 2007 op it 34e plak yn de top 50 fan finansjele stêden.[50]
De stêd is it sintrum fan de Australyske automobylyndustry, mei fabriken fan Ford en Toyota en de moterfabryk fan Holden en de Australyske haadkertieren fan dizze trije bedriuwen.
Melbourne is in technologysk sintrum, mei sa’n 60.000 wurknimmers yn de ICT-yndustry. Yn dizze sektor wurdt jierliks sa’n 19,8 miljard dollar omsetten en foar 615 miljoen dollar eksportearre.
It toerisme hat ek in wichtige rol yn de ekonomy fan Melbourne, mei likernôch sa 7,6 miljoen ynlânske besikers en 1,88 miljoen ynternasjonale besikers yn 2004.[51] Yn 2008 gie Melbourne Sydney foarby op it mêd fan jildmannichten dy’t ynlânske besikers útjouwe yn de stêd, sjoen nei haad fan de befolking.[52] Toeristen komme nei Melbourne foar ûnder oare grutte sporteveneminten en kulturele- en moade-eveneminten.
Yn Melbourne wurde hieltyd mear nasjonale en ynternasjonale konferinsjes hâlden. Yn dat ramt is der yn febrewaris 2006 begûn mei de bou fan in konferinsjesintrum mei 5.000 sitplakken. By it sintrum komt ek in Hilton hotel, winkels, in wurk- en wentoer en in parkeargaraazje.[53]
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne is in ferkears- en treinspoarknooppunt.
Melbourne hat twa fleanfjilden. Avalon Airport leit súdwestlik fan Melbourne en wurdt foar binnenlânske flechten brûkt. Melbourne International Airport is it ynternasjonale fleanfjild fan de stêd en leit 22 kilometer noardwestlik fan it sintrum, yn de foarstêd Tullamarine. Dêr fine jierliks sa likernôch 195.000 fleanbewegings en 24 miljoen passazjiersbewegings plak.[54]
De haven fan Melbourne is de grutste en drokste fan Austraalje. Der wurdt elts jier foar mear as 70 miljard dollar omsetten en 39% fan Austraaljes kontenerhannel hat hjir plak.[55]
Melbourne hat in wiidweidich iepenbier ferfiersnetwurk. It op 11 novimber 1885 iepene tramnetwurk fan Melbourne is njonken de trambanen fan Adelaide en Sydney de lêst oerbleaune fan it Australyske kontinint en mei in lingte fan 238 kilometer is it ien fan de grutste tramnetwurken fan de wrâld. Dêrnjonken binne der goede bus- en treinferbinings.
Yn it iepenbier ferfier fan Melbourne wurdt gebrûk makke fan de saneamde Metcard. Hjirmei kin de hâlder gebrûk meitsje fan sawol de trein, tram as de bus.
Karakteristyk foar it strjitteferkear fan Melbourne is de Hoek Draai. Hjirby moatte minsken dy’t loftsôf wolle op de rjochterbaan riden gean (yn Austraalje wurdt lofts riden).
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kranten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Melbourne binne trije kranten, dat binne de Herald Sun, The Age en The Australian. Dêrnjonken wurdt de fergeze krante mX op wurkdagen yn de middei ferspraat op de stasjons en strjitten fan Melbourne.
Dêrnjonken is der in ferskaat oan kranten dy’t hûs-oan-hûs ferspraat wurde.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne hat de beskikking oer seis iepen telefyzjestasjons. Der binne trije kommersjele telefyzjestjoerders; it Seven Network, it Nine Networkm, en it Ten Network. De Australian Broadcasting Corporation stjoert ABC1, ABC2, ABC3 en ABC New 24 fan de Ripponlea en Southbank Studio’s út. ABC2, ABC3 en ABC New 24 binne allinnich te krijen mei digitale ûntfangers. SBS teleyvzje leveret twa telefyzjekanalen, SBS One op analooch en digitaal en SBS Two op digitaal allinne, wêrop nijs en entertainment te sjen is. Channel 31 is in iepen telefyzjekanaal dat in soad útlânske telefyzje foar de migrantemienskippen útstjoert en amateur lifestyle telefyzje.
Yn Melbourne is ek de beteltelefyzje fan Foctel, Optus TV en UBI World TV te krijen.
Radio
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne hat in wiidweidich ferskaat oan radiostjoerders, besteande út publike en kommersjele stasjons. Foar 2010 rûze de Nielsen Company de radiomerk foar Melbourne op 3.840.000 harkers.
Kommersjele stasjons binne yn it besit fan gruttere netwurken. Inkele kommersjele stjoerders binne Nova 100, Classic Rock, Gold, Mix, Fox en Triple M. Foar de jongerein binne der de stjoerder Triple J, ûnderdiel fan ABC en SYN. De stjoerder JOY rjochtet him ta de homo- en lesbymienskip fan Melbourne. Foar de oanhingers fan klassike muzyk is der 3MBS en ABC Classic FM.
Op AM stjoere ûnder oare 774, Radio National en New Radio út.
SEN 1116 is de sportstjoerder.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Melbourne wurde trije grutte ynternasjonale sporteveneminten hâlden, de Australian Open (ien fan de fjouwer Grand Slam tennistoernoaien), de Melbourne Cup (Hynstereserij) en de Australyske Grand Prix (Formule 1). Koartlyn hat de stêd de titel ‘World’s Ultimate Sports City’ krigen fan SportsBusiness.[56] Yn Melbourne stiet it National Sports Museum, dat museum bestiet sûnt 1986 en is sûnt 2008 fêstige yn de Olympic Stand fan it Melbourne Cricket Ground.[57]
De meast populêre sporten fan Melbourne binne it Australian rules football (AFL), dat in foarm fan rugby is, en cricket. De earste offisjele crickettestwedstriid waard spile op it Melbourne Cricket Ground yn maart 1877. De earste Australian rules footballwedstriden waarden spile yn 1859, it haadkertier fan de Australian Football League is it Docklands Stadium. Njoggen ploegen fan dizze kompetysje komme út it metropoalgebiet fan Melbourne, de fiif AFL wedstriden dy’t eltse wike yn Melbourne spile wurde lûke trochstrings 40.000 besikers.[58] De stêd is út en troch gasthear fan de AFL Grand Final, de kampioenswedstriid fan de AFL.
Op it mêd fan fuotbal komme twa klups út Melbourne út op it heechste nasjonale fuotbalnivo fan Austraalje, Melbourne Victory en Melbourne Heart, beide klups komme út yn de A-league.
Melbourne hat twa rugbyferienings dy’t oan ferskate rugbyfoarmen dogge. Rugby leagueklup Melbourne Storm spilet yn de heechste rugbykompetysje fan it lân, de National Rugby League. Melbourne Rebels is in rugby unionklup, dy’t útkomt yn de Super 15-kompetysje, in kompetysje dy’t spile wurdt yn Austraalje, Nij-Seelân en Súd-Afrika.
Netbalferiening Melbourne Vixens spilet yn it ANZ Championship. Yn it basketbal komme de Melbourne Tigers út yn de Australyske National Basketball League. In twadde basketballferiening út Melbourne wurdt mooglik foar it seizoen 2011-2012 stifte.[59]
Yn novimber 2008 waard troch de Victorian Major Events Company bekend makke dat Melbourne de Australian Olympic Committee ynljochte hie dat Melbourne der oer tinkt om harren kandidaat te stellen foar de Olympyske Simmerspullen fan 2024 of 2028. [60] Yn it ferline hawwe de Olympyske Spullen al ris yn Melbourne west, de stêd wie gasthear fan de Olympyske Simmerspullen 1956, de earste Olympyske Spullen ea hâlden yn Austraalje en op it súdlike healrûn. Ek wie Melbourne fan 15 oant 26 maart 2006 gasthear fan de Commonwealth Spullen 2006.[61]
Ferdivedaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Queen Victoria Market leit yn it sintrum fan Melbourne. De merke is boud yn 1877 en is 7 hektare grut. [62] Troch de multykulturele befolking fan Melbourne wurdt der in soad eksoatysk guod ferhannele.
De wiken fan Melbourne hawwe allegear harren eigen karakteristiken en skaaimerken. Wiken dy’t troch in soad toeristen oandien wurde om harren smûkens en atmosfear. Inkele ferneamde wiken binne Carlton, South Yarra, Prahan, St. Kilda en Fitzroy.
In relatyf nije toeristyske attraksje binne de Docklands. Dit eardere havengebiet rekke yn de jierren ‘80 yn ferfal omdat de grutte kontenerskippen der net mear komme koenen. Yn de jierren ‘90 waard it gebiet brûkt as eveneminteterrein en sûnt de milenniumwikseling is it gebiet útgroeid ta in gebiet mei machtige nije gebouwen en in noflike sfear. [63]
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melbourne is in ynternasjonaal kultueriel sintrum. Jierliks fine der tal fan grutte eveneminten plak op it mêd fan ûnder oare drama, komedy, keunst, arsjitektuer muzyk, teater, literatuer, film, telefyzje en sport. Inkele foarbylden hjirfan binne:
- Melbourne International Comedy Festival
- Melbourne International Film Festival
- Melbourne International Arts Festival
- Melbourne International Comedy Festival
- Moomba Festival
- Australian Open
- Boxing Day Test
- Melbourne Cup
Melbourne wie de twadde stêd dy’t op de UNESCO-list Stêd fan de Literatuer setten waard[64] en hat trije kear de nûmer ien posysje dield yn in ûndersyk fan The Economist fan de Wrâlds Meast Brûzjende Stêden.
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it Melbourne Museum waard yn novimber 2000 it grutste museumkompleks fan it súdlik healrûn iepene. Ta it museumgebou hearre ûnder oare it Royal Exhibition Building, it Scienceworks Museum en it Immigration Museum.
It National Gallery of Victoria is in museum mei skilderingen en foto’s fan oer de hiele wrâld. Dit museum waard stifte yn 1861 en is dêrmei it âldste iepenbiere museum fan Austraalje. [65] Sûnt 2002 is it museum te finen yn The Ian Potter Centre oan Federation Square. Under oare wurk fan aboriginals en de earste kolonisten fan Austraalje kin dêr besjoen wurde.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stedssilhûet fan Melbourne wurdt troch wolkekliuwers skaaimerke. Gebouwen dy’t it besjen wurdich binne binne ûnder oare it State Parliament House, de Royal Exhibition Building, de Saint Patrick’s Cathedral en Flinders Street Station.
Yn de Fitzroy Gardens is it Cook’s Cottage te besjen, it hús fan de Ingelske seefarder en ûntdekker James Cook (1728 \u2013 1779). Cook naam foar Grut-Brittanje yn de jierren 1770’s de eastkust fan Austraalje yn besit. Like ferneamd binne it Government House, it National Herbarium en de Royal Botanic Gardens. De St. Patrick’s Cathedral is in 105 meter hege tsjerke út 1939.
De yn 1978 foar it ferkear iepene West Gate Bridge, dy’t krekt foar de mûning de Yarra oergiet, is de tredlangste brêge fan Austraalje. De Sandbridge bridge yn it sintrum fan de stêd wie de earste passazjiertreinbrêge yn it lân. Yn it ramt fan it renovearjen en de weriepening as fuotgongersbrêge yn 2006 binne op de brêge njoggen 7,5 meter hege beweechlike skulptueren, The Travellers neamd, delsetten dy’t de ferskate ynwenners fan Austraalje symbolisearje moatte.
Yn 2006 waard de Eureka Tower iepene, dizze 297 meter hege en 97 ferdjippings tellende wolkekliuwer is it heechste gebou fan Melbourne.
De Melbourne Cricket Groud is in stadion wêryn’t de cricket- en Australian Rules Footballwedstriden spile wurde. It stadion kin 90.000 minsken hâlde en leit yn it Yarra Park.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bell, Agnes Paton (1965). Melbourne: John Batman's Village. Melbourne, Vic: Cassell Australia.
- Boldrewood, Rolf (1896). Old Melbourne Memories. Macmillan and Co.
- Borthwick, John Stephen; David McGonigal (1990). Insight Guide: Melbourne. Prentice Hall Travel. ISBN 0-13-467713-7.
- Briggs, John Joseph (1852). The History of Melbourne, in the County of Derby: Including Biographical Notices of the Coke, Melbourne, and Hardinge Families. Bemrose & Son.
- Brown-May, Andrew; Shurlee Swain (2005). The Encyclopedia of Melbourne. Melbourne, Vic: Cambridge University Press.
- Carroll, Brian (1972). Melbourne: An Illustrated History. Lansdowne. ISBN 0-7018-0195-6.
- Cecil, David (1954). Melbourne. Bobbs-Merrill.
- Collins, Jock; Letizia Mondello; John Breheney; Tim Childs (1990). Cosmopolitan Melbourne. Explore the world in one city. Big Box Publishing, Rhodes, New South Wales. ISBN 0-9579624-0-1.
- Coote, Maree (2009,2003). The Melbourne Book: A History of Now. Melbournestyle Books. ISBN 978-0-9757047-4-5.
- Davidson, Jim (ed.)(1986). The Sydney-Melbourne Book, Allen and Unwin, North Sydney, New South Wales. ISBN 0-86861-819-5.
- Lewis, Miles Bannatyne; Philip Goad, Alan Mayne (1994). Melbourne: The City's History and Development (2e edysje). City of Melbourne. ISBN 0-949624-71-3.
- McClymont, David; Mark Armstrong (2000). Lonely Planet Melbourne. Lonely Planet. ISBN 1-86450-124-3.
- Newnham, William Henry (1956). Melbourne: The Biography of a City. F. W. Cheshire.
- O'Hanlon, Seamus and Tanja Luckins (eds.)(2005). Go! Melbourne. Melbourne in the Sixties. Melbourne Publishing Group, Beaconsfield, Victoria. ISBN 0-9757802-0-4.
- Priestley, Susan (1995). South Melbourne: A History. Melbourne University Press. ISBN 0-522-84664-5.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele hiemside fan de Ensyklopedy fan Melbourne
- (in) Offisjele hiemside fan de City of Melbourne
- (in) Offisjele side fan it toeristenburo Melbourne
- (ned) Melbourne op Australie.nl
- (ned) Melbourne op Take-a-trip.eu
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|