Springe nei ynhâld

Kwissipedy

Ut Wikipedy

De Kwissipedy is in kwis fan fyftjin fragen om yn de kunde te kommen mei de ynhâld fan de Fryske Wikipedy.
De antwurden op de kwisfragen binne allegear op de Wikipedy werom te finen. In moaie manier om ris op nijsgjirrige plakken fan de Wikipedy te kommen.

Efter elke fraach steane trije antwurden.
Klik op ien fan de trije antwurden.
Jo komme no op de side dêr't it antwurd te finen is.
Klik ûnderoan op it >-tekentsje ûnder it blauwe pompeblêdsje op dy side.

  • In goed antwurd bringt jo daliks wer op dizze fragelist.
  • In ferkeard antwurd bringt jo nei klikken op it >-tekentsje wer op dizze frageside.

fraach antwurd 1 antwurd 2 antwurd 3
1 In hazzewynhûn stiet op de tsjerketoer fan: Jistrum Easterwâlde Deinum
2 De earste Paralympyske Simmerspullen waarden hâlden yn Rome Atene München
3 Us Heit Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg is berne yn 1560 1660 1713
4 De Twirre is de doarpskrante fan Eastermar Koudum Twizel
5 It Rod Laver Stadion stiet yn San Fransisko Londen Melbourne
6 In walfisk sit yn it doarpswapen fan Gaast Holwert Harns
7 Marijke Meu is de mem fan Johan Willem Friso Freark Hindrik Willem IV
8 De earste direkteur fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits wie Sytse ten Hoeve Albert Sustring Jan Piebenga
9 It muzyksjenre fan Miles Davis is Funk Jazz New Wave
10 Feankeninginnen wurde keazen yn: De Feanhoop Feanwâlden Earnewâld
11 Katarsis wie in teaterfoarstelling fan Gerrit Breteler Rients Gratama Jan Arendz
12 In wolkekliuwer fan 828 meter heech is de Willis Tower Taipei 101 Burj Khalifa
13 Oprjochter fan it Nederlânsk Keatsbûn wie Jan Bogtstra Willem Westra Jacob Klaver
14 De Skûtmakkerspôle is te finen yn Goaiïngaryp Terherne Terkaple
15 It heechste punt fan Fryslân is Fjoerboetsdún Boskberch Reaklif